Springe nei ynhâld

Chris de Korte

Ut Wikipedy
Chris de Korte
sporter
Chris de Korte
Chris de Korte
persoanlike bysûnderheden
echte namme Chris de Korte
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 jannewaris 1938
berteplak Flaardingen
stjerdatum 16 febrewaris 2024
stjerplak Rotterdam
sportive ynformaasje
sport Judo

Chris de Korte (Flaardingen, 13 jannewaris 1938Rotterdam, 16 febrewaris 2024) wie in Nederlânsk judotrainer. Yn 1958 helle er as ien fan de earsten yn Nederlân syn swarte bân.

De Korte reizge yn 1965 as jongfeint , mei de Trans-Sibearyske spoarline, rjochting Japan. Hy trainde in jier yn it Japanske Kioto. De oanlearde techniken en de dissipline fan de Japanske judoskoalle brocht er dêrnei yn Nederlân yn'e praktyk. Sa stie hy oan de basis fan nij Nederlânsk judosukses. De Korte wie de trainer fan ferskate bekende judoka's ûnder wa Mark Huizinga, Edith Bosch, Marhinde Verkerk, Anicka van Emden, Angelique Seriese, Theo Meijer, Elisabeth Willeboordse en Daniël Knegt. Dy troch de Korte trainde judoka's behellen meardere ynternasjonale medaljes. Dêrtroch wurdt er sjoen as in boechbyld fan it Nederlânske judo. Begjin 2023, hy wie al 85, wie er noch hieltyd as trainer aktyf, mar ein 2023 waard der by him akute leukemy konstatearre.

Chris de Korte ferstoar op 16 febrewaris 2024, yn 'e âldens fan 86 jier, oan de gefolgen fan leukemy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: NL