Chris Rea
| Chris Rea | ||
| Chris Rea (1978) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Christopher Anton Rea | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 4 maart 1951 | |
| berteplak | Middlesbrough | |
| stoarn | 22 desimber 2025 | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| sjongtaal | Ingelsk | |
| ynstrumint | Gitaar | |
| grutste hit(s) | Driving Home for Christmass, Fool (If You Think It's Over), Josephine | |
| jierren aktyf | 1973-2017 | |
Christopher Anton (Chris) Rea (Middlesbrough, 4 maart 1951 - 22 desimber 2025), wie in yn Ingelân berne Ierske sjonger en gitarist.
Rea komt út in húshâlding fan sân bern. Hy is benammen bekend wurden mei nûmers as Fool (If You Think It's Over), Josephine en Driving Home for Christmas. Fierder skreau er in tal nûmers foar films, en guon fan syn bekendere nûmers waarden brûkt as temamuzyk. Yn 2001 waard by Rea alfleisklierkanker fêststeld. Hy makke ek yn 2005 bekend op te hâlden mei toeren. Yn 2006 ûndernaam er in ôfskiedstournee, The Farewell Tour, mei hokker hy âlde klassikers en nije nûmers spile.
It ôfskied bliek lykwols fan koarte doer, want hoewol't syn sûnens him noch hieltyd parten spile, makke Rea yn it neijier fan 2007 syn weromkommen nei it poadium bekend. Yn 2016 krige Rea in oerhaal en yn 2017 waard er net goed by it op twa nei lêste konsert fan syn Europeeske toernee yn Oxford. Wat syn definitive ôfskied fan it poadium betsjutte.
Chris Rea ferstoar op 22 desimber 2025 yn 'e âldens fan 74 jier nei in koart siik wêzen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
