Gios (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Chios (eilân))
Jump to navigation Jump to search
Satelyt-ôfbyld fan Gios

Gios (Χίος; sekuerdere transliteraasje Chios) is ien fan de gruttere Grykskse eilannen yn it eastlike part fan de Egeyske See. It hat in oerflak fan 842 km² en in omtrek fan 213 kilometer. Op it eilân wenje 51.320 ynwenners (2011), ferdield oer de haadstêd Gios (ek: Gora) en 64 oare plakken.

Toerisme is in wichtige boarne fan bestean. Dêrnjonken wurdt der op it eilân mastyk, oalje, figen en wyn produsearre

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It healemoane- of nierfoarmige eilân leit sa'n sân kilometer foar de kust fan Turkije yn de Egeyske See en is fan noard nei súd maksimaal 51 kilometer lang. De breedte leit tusken 29 en de 13 kilometer. It lânskip is bercheftich en droech, mei in geberchte oer de hiele lingte fan it eilân. De heechste toppen fan it geberchte, de Pelineon (1.297 meter) en de Epos (1.188 meter), lizze yn it noarden fan it eilân. It easten en westen fan it sintrum fan it eilân wurde fan inoar skieden troch in rige minder hege toppen, bekend ûnder de namme Provatas.

Healwei de eastlike kust leit it meast bewenne diel fan it eilân, de haadstêd en Vrontados en Kambos. Gios-stêd, mei in ynwennertal fan likernôch 33.000, is om de wichtichste haven fan it eilân en it midsiuwske fort hinne boud. It tsjintwurdige fort hat in omtrek fan 1.400 meter en datearret foar it meast út de Feneesjaanske en Ottomaanske tiid, alhoewol't út ûndersyk bliken dien hat dat de delsettings dêr werom geane op 2.000 f.Kr. Noardlik fan Gios-stêd leit Vrontados mei sa'n 4.500 ynwenners.

Arsjitektuer mastykdoarp Pyrgi
Gios-stêd, wynmûnen

Yn it súdlike diel fan it eilân lizze de mastykdoarpen (Mastichochoria) Mesta (Μεστά), Pyrgi (Πυργί), Olympi (Ολύμποι), Kalamoti (Καλαμωτń), Vessa (Βέσσα), Lithi (Λιθί) en Elata (Ελάτα), dy't sûnt de Romeinske tiid mei-inoar it monopoalje hiene oer de produksje fan mastyk-hars. De tusken de 14e en 16e iuw fortifisearre doarpen hawwe nauwe strjitten mei tagongspoarten.

Tusken de mastykdoarpen en Gios-stêd lizze in grut tal histoaryske doarpen, wêrûnder Armolia (Αρμόλια), Myrmighi (Μυρμήγκι), en Kalimassia (Καλλιμασιά). Oan de eastlike kust lizze de fiskersdoarpen Kataraktis (Καταρράκτης) en Nenita (Νένητα).

Sintraal op it eilân leit it Nea Moni-kleaster. It 11e iuwske kleaster heart ta it wrâlderfgoed fan UNESCO. It waard boud mei jild fan de Byzantynske keizer Konstantyn IX. Oant de slachting fan 1822 troch de Turken hie it in bloeiende mienskip. Nea Moni hie fierder te lijen fan de ierdskodding yn 1881.

It waar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân hat in mediteraan klimaat. De gemiddelde temperatuer leit tusken de 27 °C simmerdeis en 11 °C winterdeis, alhoewol't ek temperatueren fan oer de 40 °C foarkomme. Ek binne der wol temperatueren ûnder nul metten.

Yn 'e regel waait it altiten wol op it eilân. De wynrjochting is meastentiids noardlik of súdwestlik.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it eilân wenje al sûnt fiiftûzen jier minsken. Argeologyske fynsten yn de grotten fan Agios Gala geane op 3000 foar Kristus werom. By de stêd Emborio binne fynsten fûn út in tiid fan 2600-2000 f.Kr. Gios ûntwikkele him om 700 f.Kr. hinne ta in seemacht en in sintrum fan kultuer en hannel. It soarge der foar dat it eilân ta de ryksten fan de Egeyske See waard. Ek de slavenhannel brocht de ynwenners wolfeart.

Om 512 f.Kr. feroveren de Perzen it eilân, dy't wer ferdreaun waarden nei't hja de Slach fan Salamis en dy fan Plataea ferlearen. In twadde perioade fan bloei makke it eilân mei yn de tiid fan it Delyske Seebûn, in perioade dy't einige mei de Peloponnezyske Kriich, doe't Gios him fan Atene loswekke en oansluting socht by Sparta. Dêrnei folge der in tiidrek fan instabiliteit. Gios sleat dan wer in bûn mei Atene, dan wer mei Aleksander de Grutte en de Romeinen.

De Slachting fan Gios

Nei de permaninte ferdieling fan it Romeinske Ryk yn 395 nei Kristus bleau Gios seis iuwen diel útmeitsjen fan it Byzantynske Ryk. Tzachas, in Turkske bey út de omkriten fan Smyrna, makke dêr foar in koarte tiid (1090-1097) in ein oan troch it eilân te besetten yn it earste besykjen om de Turkske hearskippij oant de Egeyske kusten út te wreidzjen. De Byzantinen wist mei help fan de Earste Krústocht de besette dielen lykwols werom te feroverjen en de Byzantynske oarder op it eilân te herstellen. Mei de plondering fan Konstantinopel troch de krúsfearders yn 1204 kaam der in ein oan de ynterne rêst. Nei de Fjirde Krústocht waard it Byzantynske Ryk troch de Latynske keizers fan Konstantinopel ferdield en Gios waard it eilân besit fan de Republyk Feneesje, mar tsjinslagen yn it Latynske Ryk soargen der foar dat it eilân yn 1225 wer by it Byzantynske Ryk foege waard. Fan 1304 oant 1329 en fan 1346 oant 1566 wie Gios in koloanje fan Genua. Dêrnei waard it eilân troch de Turken ferovere en oant 1912 bleau Gios ûnder it gesach fan it Osmaanske Ryk.

1822[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anavatos

Alhoewol't de ynwenners yn mearderheid loyaal oan it Osmaanske gesach wiene, krigen Turkske troepen fan Mahmud II de opdracht om op 11 april 1822 út wraak foar de Grykske opstân de Gioten út te roegjen. De sultan easke de dea op fan alle bern ûnder de trije jier, alle manlike ynwenners fan 12 jier en âlder en alle froulju fan 40 jier en âlder. Allinne mei in twongen bekearing ta de islam koene de ynwenners harren it faaie liif rêde.

Trije moannen lang holden de Turken hûs op Gios. Trijefearn part fan de likernôch 120.000 sielen tellende befolking waard deade of as slaaf meifierd. Nochris 15.000 minsken ferstoaren oan ferwûnings of sloegen de hân oan harren sels. Om de Turkske wraak te ûntrinnen sprongen bygelyks de ynwenners fan it plak Anavatos fan de rotsen. Mar 1.800 ynwenners wisten harren skûl foar de Turken te hâlden, wêrfan de helte troch sykte en honger letter it libben liet.[1] Yn hiel Jeropa rûn it de lju oer de grouwe en tige ferneamd waard it skilderij "De Slachting fan Gios" fan Eugène Delacroix. Letter soe de sultan ta de ûntdekking komme dat er himsels goed te pakken hân hie: mei it útroegjen fan de Giotyske befolking ferlear er ek in wichtige boarne fan ynkommen.

20 iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 3 april 1881 ferneatige in ierdskodding itjinge wat de Turkske mâlens noch oerlibbe hie. Benammen de haadstêd fan it eilân waard swier troffen. Nei de Earste Balkan Kriich yn 1912 sleat Gios him by de rest fan it frije Grikelân oan. De Grykske Marine befrijde it eilân yn novimber 1912 mei in koarte mar heftige striid.

Op 17 febrewaris 1916 lannen yn de Earste Wrâldkriich de Britten op it eilân. Grikelân wie neutraal en it Ottomaanske Ryk hearde by de Sintralen en de lanning sil te krijen hân ha mei de lizzing fan Gios foar de Turkske kust en de stêd Izmir yn it bysûnder. Nei de ferballing fan de Griken út Turkije yn 1922 kamen in soad flechtlingen te wenjen yn nije delsettings súdlik fan Gios-stêd. Lokaal geweld wie der ek op it eilân ûnder de Grykske boargerkriich (1946-1949). It einige mei it opjeijen fan de lêste groep kommunisten by Kambos, dêr't se deade waarden. Yn maart 1948 waard by de stêd Gios in ynrjochte foar de opfang fan politike finzenen (kommunisten en famyljeleden fan striders). Oan de sluting fan it kamp in jier letter wennen dêr likernôch 1300 froulju en 50 bern yn minne omstannichheden.

21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peasketradysje yn Vrontados

De produksje fan mastyk waard yn 2012 bedrige mei in grutte boskbrân, dy't oer de súdlike helte fan it eilân raasde.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It kleaster Nea Moni mei moazïken út de tiid fan Konstantyn IX.
  • Moni Moundon is in ferlitten kleaster. Yn de katolikon binne ynteressante let-midsiuwske fresko's te sjen.
  • It 10e iuwske fort (Kastro) fan Gios.
  • Byzantynsk Museum fan Gios [2]
  • Argeologysk Museum fan Gios [3]
  • Mastyk Museum fan Gios yn Pyrgi [4]
  • Maritym Museum fan Gios [5]
  • Mei Peaske is der in unike tradysje yn Vrontados, dêr't de leden fan de twa tsjerken fan it plak ûnder de fiering fan in Peasketsjinst inoar's tsjerketoer bestoke mei fjoerpylken.[6]
  • De mastykdoarpen mei in oarspronklik eigen lokale arsjitektuer.<ref>greektravel.com<ref>

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: in:Chios