Springe nei ynhâld

Bûntsnaffeliishin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Chionis albus)
bûntsnaffeliishin
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeiishinfûgel ( Chionidae)
skaaiiishinnen (Chionis)
soarte
Chionis albus
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     wintergast


De bûntsnaffeliishin (Chionis albus) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai iishinnen út 'e famylje iishinfûgels.

De bûntsnaffeliishin wurdt 38 oant 41 sm lang, 450 oant 775 gram swier en hat in spanwiidte fan 76 oant 80 sm. De fûgel liket op in hin of do, mar falt ûnder it skift wilstereftigen. De fearren fan 'e fûgel binne wyt en by de snaffel oant om it each sit in stik fearreleaze rôze bleate hûd mei in wrateftige struktuer. De snaffel is koart en koanysk mei ferskillende kleuren en syn poaten binne swart. Om it donkere each hat de fûgel in roze eachring. De fûgel hat in soad fan 'e oare soarte yn it skaai, de swartsnaffeliishin dy't - lykas de namme seit - in swarte snaffel hat en yn in oar ferspriedingsgebiet libbet. Tusken mantsjes en wyfkes fan 'e bûntsnaffelhin binne gjin grutte ferskillen; mantsjes binne yn 'e regel wat grutter as wyfkes.

De fûgel briedt op it Antarktysk Skiereilân en migrearret yn 'e winter nei súdlik Argentynje, súdlik Sily en de Falklâneilannen. Folwoeksen fûgels ferlitte de briedplakken yn febrewaris oant maart, ferspriede har oer in grutter gebiet en komme werom yn oktober oant novimber. In lyts oantal oerwinteret ek op 'e briedplakken, bygelyks op Signy Island.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel boppe in pinguïnkoloanje.

Oars as de measte fûgelsoarten libbet de bûntsnaffeliishin meast op it lân, wylst de measte oare soarten dêre foar in grut part op see libje. Se skarrelje it iten by inoar en binne kleptoparasiten. Se stelle it fretten fan koloanjefûgels fan pinguïns dy't harren jongen fuorje, ek frette se aaien of piken, de trochgong fan seeoaljefanten, ies, wringeleaze bisten en se wurde ek by jiskefetten fan ûndersykstasjons waarnommen.

It nêst wurdt meast tusken rotsen of ûnder rotsen boud. It lechsel bestiet út twa oant trije aaien, dy't yn 28 oant 32 dagen útbret wurde. De jonge fûgels fleane nei 50 oant 60 dagen út.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in populaasje mei in stabile ûntwikkeling sûnder grutte bedrigingen. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: