Chieti
| Chieti | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | ||
| Provinsje | Chieti | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 48.422 (31.07.2025)[1] | |
| Oerflak | 59,57 km² | |
| Befolkingsticht. | 812,86 ynw/km² | |
| Hichte | 330 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 66100 | |
| Koördinaten | 42°21' N 14°10' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.chieti.it | ||
| Kaart | ||
Chieti is in stêd yn 'e Italjaanske regio Abruzzen yn it sintrale part fan it lân, net fier fan 'e Adriatyske kust (sa'n 10 km fan Pescara). De stêd leit op in heuvel en sjocht út op it omlizzende lânskip en it berchmassyf de Majella yn it súdlike part fan de Apeninen.
De stêd bestiet út twa dielen: Chieti Alta (it histoaryske sintrum op 'e heuvel) en Chieti Scalo (it moderne diel yn 'e flakte, by it treinstasjon).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chieti heart ta de âldste stêden fan Itaalje. De stêd waard neffens de oerlevering stifte troch Achilles ûnder de namme Teate Marrucinorum, haadplak fan it Marrukynske folk. Letter waard it in wichtige Romeinske stêd en der binne noch jimmeroan ruïnes út dy tiid te sjen, lykas in amfiteater en ûndergrûnske wettersystemen.
Yn 'e midsiuwen waard Chieti in bisdomsstêd en kaam it û.o. ûnder Normandyske (11e–12e iuw), Spaanske (16e–18e iuw) en pauslike ynfloed (benammen 18e–19e iuw).
Fanwegen it grutte oantal flechtlingen waard de stêd yn 'e Twadde Wrâldoarloch ta in iepen stêd (città aperta) ferklearre. De frontline rûn yn 'e hjerst fan 1943 troch de Abruzzen tichteby Chieti. Om de tûzenen flechtlingen besletten de Dútsers de stêd ta in iepen stêd út te roppen. Der mochten gjin militêre doelen of troepen stasjonearre wurde en de stêd soe net besketten of bombardearre wurde.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De katedraal fan San Giustino is it religieuze hert fan Chieti en fertsjintwurdiget ferskillende boustilen. De krypt datearret út de 11e iuw.
- Yn it diel La Civitella binne restanten fan it âlde amfiteater en termale baden te sjen.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Museo Archeologico La Civitella is ien fan 'e twa archeologyske musea fan Chieti en fertelt oer de skiednis fan Chieti fan 'e prehistoarje oant de Romeinske tiid.
- It Museo Archeologico Nazionale d’Abruzzo (Villa Frigerj) is it wichtichste museum fan 'e regio foar Romeinske en fan foar dy tiid. Dêr stiet ek it ferneamde byld fan 'e Guerriero di Capestrano (kriger fan Capestrano), in likernôch 2 meter heech byld fan in kriger út de 6e iuw f.Kr.
- It Museo Barbella is in museum foar skilderkeunst fan lokale keunstners út de 19e en 20 iuw.
- It Palazzo de' Mayo is in moai foarbyld fan Italjaanske neoklassisistyske arsjitektuer en herberget hjoed-de-dei it museum fan 'e Galleria d'Arte Moderna fan 'e Banco di Napoli Foundation.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Settimana Santa (Hillige Wike), ien fan de âldste en yndrukwekkendste Peasketradysjes fan Itaalje mei nachtlike ljochtprosesjes en muzyk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
