Springe nei ynhâld

Chathamstrânljip

Ut Wikipedy
Chathamstrânljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljestrânljipfûgels (Haematopodidae)
skaaistrânljippen (Haematopus)
soarte
Haematopus chathamensis
Hartert, 1927
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

██ hjoeddeistich ferspriedingsgebiet

██ mooglik útstoarn

De Chathamstrânljip (Haematopus chathamensis) is in bedrige waadfûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels dy't allinnich foarkomt op 'e Nijseelânske Chathameilannen.

De Chathamstrânljip is in 48 sintimeter lange wilstereftige. Lykas oare bûnte strânljippen is er swart-wyt en hat er koarte, tsjokke poaten. De kop, hals, boppekant en it boppeste diel fan it boarst binne swart, wylst de ûnderkant wyt is mei in ûndúdlike grins mei it swart. De tsjokke en lange snaffel is read, de poaten binne rôze en om it each hinne sit in oranje eachring. De besibbe Australyske bûnte strânljip (H. longirostris), dy't wolris as dwaalgast op 'e Chathameilannen sjoen wurdt, hat in skerpere grins tusken de wite ûnderkant en it swarte boarst, en hat in langere snaffel en slankere poaten en fuotten.

Ofbylden.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is endemysk op 'e Chathameilannen, bewesten Nij-Seelân en libbet dêr op 'e eilannen Chatham, Auckland, Rangatira en Pitt. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Chathamstrânljip is te finen lâns de kusten fan sawol rotsige as sânige strannen, mar kin op Chatham-eilân en Pitt ek mear ynlânsk sjoen wurde as er iten siket op fochtige greiden. Hy libbet benammen fan wjirms en skulpdieren. De âldste fûgel dy't oant no ta fûn is, wie mear as 30 jier âld.

De soarte briedt yn in kûle yn 'e grûn op it strân, soms tusken begroeiïng, dêr't er twa oant trije aaien leit. De fûgel begjint te brieden as er trije jier âld is. It briedsukses ferskilt sterk.

Status en bedrigings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De IUCN klassifisearret de soarte as bedrige (Endangered, 2026) fanwegen de tige beheinde wrâldpopulaasje. De populaasje is lykwols tanommen troch goede beskermingsmaatregels. Wylst de populaasje yn 1987-1988 noch op mar 100-110 eksimplaren rûsd waard, waarden yn 2014 teminsten 309 fûgels teld, wêrfan't 85% fan 'e populaasje op it haadeilân Chatham libje soe. De grutste bedriging foar de soarte is predaasje troch invasive bistesoarten, foaral katten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: