Springe nei ynhâld

Chathampinguïn

Ut Wikipedy
Chathampinguïn

Artistike rekonstruksje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaitúfpinguïns (Eudyptes)
soarte
† Eudyptes warhami
Cole, Tennyson, Ksepka & Thomas, 2019[
útstoarn

De Chathampinguïn (Eudyptes warhami) is in útstoarne endemyske pinguïnsoarte, dy't op 'e Chathameilannen libbe. Hjoed-de-dei is de fûgel allinne bekend fan subfossile bonken. Nei alle gedachten stoar de soarte yn 150 oant 200 jier út nei't Polyneezjers om 1500 hinne op 'e eilannen oankamen en jacht makken op 'e fûgel.

Untdekking en beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren waarden bonken fan túfpinguïns (Eudyptes) fûn yn subfossile ôfsettings op it haadeilân Chatham. Se waarden doe indintifisearre as Fjordlântúfpinguïn of grutte túfpinguïn, maar Tennyson en Millener ûntdutsen yn 1994 dat de subfossilen fan beide soarten ferskilden en nei alle gedachten in soarte fertsjintwurdigen dy't endemysk foar de Chathameilanden wie. Yn 'e stúdzje waard de soarte Chathameilân túfpinguïn neamd, mar der folge gjin formele beskriuwing en beneaming.

Earst yn 2019 waard de soarte wittenskiplik beskreaun nei't in ferlykjende stúdzje fan it mitochondriaal DNA fan 'e Eudyptes-pinguïns oantoanden dat de populaasje op 'e Chathameilannen mei wissens in aparte soarte wie. De soarte hat him tusken 1,1 en 2,5 miljoen jier lyn fan syn neiste sibbe, de grutte túfpinguïn fan'e Antypoade-eilannen, ôfskaat.

De Chathampinguïn wie endemysk foar de Chathameilannen. Bonken fan 'e Chathampinguïn binne ek op ferskillende subfossile en archeologyske lokaasjes op it fêstelân fan Nij-Seelân fûn, wêrûnder de gebieten Wairarapa, Banks Peninsula, Marlborough en Paekākāriki. Nei alle gedachten fertsjintwurdigen dy fûgels ferdwaalde bisten fan 'e Chathameilannen, dy't net op 'e briedlokaasjes mar op it fêstelân oankamen. Op 'e selde wize binne der op 'e Chathameilannen ek subfossile bonken fan 'e grutte túfpinguïn fûn, dy't nei alle gedachten ek ferdwaalde fûgels fertsjintwurdigen.

De Chathameilannen waarden om 1500 n.Kr. hinne troch Polyneezjers kolonisearre. Nei alle gedachten waard de Chathampinguïn yn 150 oant 200 jier tiid troch jacht op it bist útroege, tegearre mei in soad oare fûgelsoarten en ien soarte seeliuw. It is frij wis dat de pinguïn net mear bestie doe't de Europeanen op 'e Chathameilannen oankamen.

Der bestiet lykwols ek in ferhaal dat de soarte noch oan 'e ein fan 'e 19e iuw bestie, om't der in gefal wie fan in túfpinguïn dy't dêr om 1871 of 1872 in pear wiken finzen holden waard. De soarte waard as Eudyptes pachyrhynchus oantsjut, de moderne wittenskiplike namme foar de Fjordlântúfpinguïn. Doe koe de namme ek ferwize nei de Snarestúfpinguïn (E. robustus) en de grutte túfpinguïn (E. sclateri). Túfpinguïns binne regelmjittige besikers fan 'e Chathameilannen en der binne teminsten trije soarten registrearre: de Snarestúfpinguïn, de grutte túfpinguïn en in lid fan 'e rotspinguïngroep. Nei alle gedachten hat de finzen fûgel ien fan dy trije soarten west.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: