Springe nei ynhâld

Chathamkaka

Ut Wikipedy
Chathamkaka

Artistike rekonstruksje út 2019.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje kakapofûgels (Strigopidea)
skaai kaka's (Nestor)
soarte
† Nestor chathamensis
Wood, Mitchell, Scofield en Tennyson, 2014
ferspriedingsgebiet

De Chathamkaka (Nestor chathamensis) is in útstoarne pappegaai dy't eartiids endemysk wie op de Chathameilannen beëasten Nij-Seelân. Ynearsten waard tocht dat it gyng om de Nij-Seelânske kaka (Nestor meridionalis), mar nei yngreven ûndersyk fan 'e subfossilen waard konkludearre dat de fûgel in aparte endemyske soarte wie. Hûndertfyftich jier nei de komst fan 'e earste Polyneezjers op 'e eilannen, om 1500 hinne, stoar de fûgel tusken 1500 en 1650 út, dus noch lang foardat de Europeanen oankamen. Fan 'e fûgel binne gjin beskriuwingen of hûden bewarre bleaun.

De fûgel libbe yn bosken en wie likernôch like grut as de ûndersoarte fan it Noardereilân fan 'e kaka, Nestor meridionalis septentrionalis. It bekken wie folle breder, de poaten wiene grutter en de snaffel siet tusken de snaffel fan 'e kea en de kaka yn.

Om't de fûgel grutter as de Nij-Seelânske falk wie, hie de Chathamkaka gjin natuerlike fijannen. Oannommen wurdt dat er min fleane koe en dat makke him kwetsber foar de jacht nei't de Polyneezjers op 'e eilannen lannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes op en:Chatham kākā