Chathameilannen
| Chathameilannen Chatham Islands (Ingelsk) Rēkohu (Morioary) Wharekauri (Maoary) | |
|---|---|
| flagge | wapen |
| geografyske lokaasje | |
| algemien | |
| gebietsdiel fan | |
| pol. status | territoriale autoriteit |
| haadstêd | Waitangi |
| offisjele taal | Ingelsk, Maoary, Nijsee- lânske Gebeartetaal |
| sifers | |
| ynwennertal | 720 (2024) |
| befolkingstichtens | 0,7 / km² |
| oerflak | 963 km² |
| bykommende ynformaasje | |
| muntienheid | Nijseelânske dollar (NZ$) |
| tiidsône | UTC +12.45 (simmertiid: UTC +13.45) |
| tillefoan | +64 (Nij-Seelân) |
| ynternetekstinsje | .nz (Nij-Seelân) |
| webside | www.cic.govt.nz |
De Chathameilannen binne in ôfhandige en isolearre arsjipel yn 'e súdlike Stille Oseaan, dy't op in ôfstân fan likernôch 650 km beëasten it Noardereilân fan Nij-Seelân leit. Yn it Ingelsk hjitte de eilanen de Chatham Islands (útspr.: [̍ʧætǝm ̍ai̭lǝndz], likernôch: "tsjet-tum aai-lundz"), yn it Morioary hjitte se Rēkohu (útspr.: [rɛːkɔhu], likernôch: "rê-kò-hû" mei de ò fan "hok" en in koarte û), en yn it Maoary hjitte se Wharekauri (útspr.: [ɸarɛkauri], likernôch: "fa-reh-kau-ry"). De eilannen wurde bestjoerd as diel fan Nij-Seelân mei de status fan in territoriale autoriteit. De arsjipel bestiet út fjirtjin eilannen, wêrfan't Chatham fierwei de grutste is, op ôfstân folge troch Pitt. Mei-inoar hawwe de eilannen in oerflak fan 963 km².[1] De befolking bedroech yn 2024 720 minsken. It haadplak is Waitangi.
Histoarysk waarden de Chathameilannen om 1500 hinne kolonisearre troch de Morioary, in Polynezyske folk dat in pasifistyske libbenswize yn harmony mei de natoer ûntwikkele. Nei't de eilannen yn 1791 troch de Ingelsen ûntdutsen wiene, fûn der yn 1835 in ynvaazje plak troch kriichshaftige Maoary fan it Noardereilân fan Nij-Seelân. Mei't de Morioary wegeren har dêrtsjin te fersetten, rûn dat út op in genoside, wêrby't de oarspronklike bewenners fan 'e eilannen hast útrûge waarden, wylst it restant desennia lang as slaven fan 'e Maoary ûnderdrukt waard. Hjoed oan 'e dei steane de Chathameilannen bekend om har unike floara en fauna. De arsjipel hat syn eigen tiidsône, dy't 45 minuten foarleit op 'e tiid op it Noarder- en Sudereilân fan Nij-Seelân.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Chathameilannen foarmje in ôfhandige en isolearre arsjipel yn it súdwestlike part fan 'e Stille Oseaan. De neiste gruttere lânmassa is it Noardereilân fan Nij-Seelân, wêrfan't Kaap Turnagain likernôch 650 km westlik fan 'e eilannen leit. It Sudereilân fan Nij-Seelân leit 840 km westlik fan 'e eilannen. De Chathameilannen lizze op in mânsk ûnderseesk plato, de saneamde Chatham Rise, dêr't de oseaan mar oant 1.000 m djip is, en dy't yn it westen hast oan it Sudereilân ta rikt. De arsjipel, dy't net âlder is as krapoan 4 miljoen jier, is it iennichste diel fan 'e Chatham Rise dat boppe de see útstiket.

De arsjipel hat in oerflak fan 963 km² oan lân, ferdield oer sa'n 7.000 km² oan wetter.[1] Chatham is fierwei it grutste eilân, mei in oerflak fan 900 km², op ôfstân folge troch Pitt, mei in oerflak fan 62 km².[2] De rest fan it oerflak fan 'e arsjipel wurdt opmakke troch tolve fersille eilantsjes: Rangatira, Mangere, Lyts Mangere, de Star Keys, De Susters en de Forty-Fours. Chatham en Pitt lizze 21 km útinoar, wêrby't Pitt in posysje súdsúdeastlik fan Chatham hat. It lânskip is heuveleftich, en de kust wurdt foarme troch in ôfwikseling fan kliffen, dunen, strannen en lagunes. Pitt hat in woester oansjen as Chatham. It heechste punt fan 'e arsjipel leit op 287 m boppe seenivo, op in plato by de súdeastpunt fan Chatham, dat besiedde is mei marren. It noardlike en sintrale part fan Chatham wurdt dominearre troch de reuseftige Te Whanga-lagune.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Morioary
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste, oarspronklike minsklike bewenners fan 'e Chathameilannen wiene de Morioary, in folk fan Polynezyske seefarders dy't de eilannen nei alle gedachten omtrint 1500 kolonisearren, hoewol't guon saakkundigen it op likernôch 1550 hâlde. Yn 'e iere 2000-er jierren die út taalkundich ûndersyk bliken dat de Morioary dy't de eilannen kolonisearren eins in subgroep west hiene fan 'e Maoary (de oarspronklike bewenners fan Nij-Seelân) en dat se de eilannen dus net streekrjocht út it hert fan Polyneezje wei berikt hiene, mar pas nei in lange tuskenstop yn Nij-Seelân. De Morioary joegen de Chathameilannen de namme Rēkohu, dat "[Lân fan 'e] Dizige Sinne" betsjut.
Mei't de lânbougewaaksen út Nij-Seelân net oer de kjeld fan 'e Chathameilannen koene, libben de Morioary as jager-sammelders en fiskers. De arsjipel beskikte ek net oer de helpboarnen om 'e seeweardige katamarans te bouwen, dêr't de Polyneezjers de Stille Oseaan mei trochkrústen. Sadwaande rekken de Morioary strâne op 'e Chathameilannen. Wol bouden se boaten dy't der heal ûnder strûpten, saneamde waka kōrari, besteande út flaaksbondels mei by de rânen lâns de loftblazen fan kelpplanten bûn. Dêrmei koene se bûtenste eilantsjes fan 'e arsjipel berikke om dêr op seefûgeljacht te gean.

Nei ferskate generaasjes lang ûnderling oarlochfierd te hawwen, waard geweld tsjin 'e ein fan 'e sechstjinde iuw yn 'e ban dien troch de haadman Nunuku-whenua. Neitiid ûntjoegen de Morioary in freedsume, pasifistyske maatskippij. Skelen en oare konflikten waarden oplost troch it berikken fan konsensus fia oerlis, of yn it uterste gefal troch it útfjochtsjen fan in duël, dat einige by de earste bloeddrip. Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw bedroech de befolking fan 'e eilannen sa'n 2.000 minsken.
Untdekking troch de Jeropeänen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Chathameilannen waarden op 29 novimber 1791 ûntdutsen troch de Ingelske ekspedysje fan George Vancouver. De namme fan 'e arsjipel komt fan it grutste eilân, dat troch kaptein William R. Broughton fan 'e HMS Chatham, krekt as syn eigen skip, ferneamd waard nei John Pitt, 2e greve fan Chatham, dy't op dat stuit de Britske minister fan Marine wie. De bemanning fan it skip gie op it eilân oan lân, naam it yn besit foar it Feriene Keninkryk en skeat dêrby in Morioary dea dy't Torotoro of Tamakororo hiet.
Nei de ûntdekking begûnen Jeropeeske seehûnejagers en walfiskfarders al rillegau yn 'e see om 'e eilannen hinne te jeien, wêrby't se de eilannen as útfalsbasis brûkten. Fan 'e Morioary kaam yn 'e folgjende desennia nei skatting 10% oant 20% te ferstjerren oan besmetlike sykten dy't troch de Jeropeänen op 'e eilannen yntrodusearre waarden, en dêr't de lânseigen befolking gjin ymmuniteit tsjin hie. De seehûnejacht en walfiskfeart gie op 'e Chathameilannen troch oant likernôch 1861.

Ynvaazje, genoside en kolonisaasje troch de Maoary
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 19 novimber en 5 desimber 1835 arrivearren mei in (twaris op en del farrend) Ingelsk skip op 'e Chathameilannen sa'n 900 manlju, froulju en bern fan 'e Ngāti Mutunga- en de Ngāti Tama-iwi (stamme) fan 'e Maoary fan 'e westkust fan it Noardereilân fan Nij-Seelân. Dy lju waarden oanfierd troch haadman Pōmare Ngātata. Se hiene 78 ton poatjirpels, 20 bargen en sân grutte waka (kano's) by harren.
De Maoary waarden op 'e Chathameilannen ferwolkomme troch de Morioary, dy't harren holpen om har oan te passen oan it folle kâldere klimaat as dat se wend wiene. Al rillegau begûnen de Maoary it lân te berinnen om der oanspraak op te meitsjen. Doe't se foar it ferstân krigen dat de nijynkommelingen fan doel wiene en fêstigje har foargoed op 'e eilannen, beleine de Morioary yn harren marae by Te Awapatiki in grutte gearkomste om dy ûnferwachte gong fan saken te bepraten. Se besleaten har tsjin eltse priis oan har wet fan geweldleazens te hâlden.
De kriichshaftige Maoary beoardielen de Morioary lykwols neffens har eigen mjitstêven. As útlanners har yn harren lân fêstigje wollen hiene, soene sy sûnder mis de wapens oppakt hawwe om te besykjen se te ferdriuwen. Yn 'e gearkomste by Te Awapatiki seagen se dan ek in oarlochsried dy't bedoeld wie om te bepraten hoe't de nijynkommelingen it bêste oanfallen wurde kinne soene. De Maoary besleaten de kommende oanfal net ôf te wachtsjen, mar sels oan te fallen. Dêrby waarden by ien konfrontaasje mear as 260 Morioary ôfslachte. In oerlibbene tsjûge letter: "[De Maoary] begûnen ús te deadzjen as wiene wy skiep [...] [Wy] wiene deabenaud, flechten de bosk yn, ferskûlen ús yn gatten yn 'e grûn en op alle mooglike plakken om oan ús fijannen te ûntkommen. It wie om 'e nocht; we waarden ûntdutsen en deamakke – manlju, froulju en bern – sûnder oansjens des persoans." In haadman fan 'e Maoary, Te Rakatau Katihe, ferklearre yn 1870 foar it Lânseigen Lângerjochtshof: "Wy namen besit [fan it lân] [...] sa't dat ús wizânsje wie, en wy fongen alle lju. Net ien ûntkaam ús. Guon naaiden út en dyselden makken wy dea; en oaren deaden wy ek – mar wat soe dat? It wie neffens ús wizânsje. Ynsafier't ik wit, waard net ien fan ús eigen minsken troch harren deade."
Nei de moardnerij waarden de oerlibbenen fan 'e Morioary troch de Maoary ta slaaf makke. It waard harren ferbean om mei oare Morioary te trouwen of om bern mei-inoar te krijen. In protte Morioary-froulju krigen ynstee bern mei harren Maoary-masters. Inkelen trouden letter mei Maoary of mei blanke manlju. Guon Morioary waarden troch harren masters fan 'e Chathameilannen fuortfierd en kamen nea wer. De Dútske biolooch en geolooch Ernst Dieffenbach, dy't de arsjipel yn 1840 oandie, skreau dat de Morioary doe as slaven fan 'e Maoary ûnder abominabele omstannichheden libben en oanhâldend slim mishannele waarden, sadat de dea foar harren in seine wie. Pas yn 1863 leine de Britten it near op 'e slavernij en waarden de Morioary frijlitten. Der wiene doe noch 101 fan harren oer, sa'n 5% fan 'e oarspronklike befolking fan 'e eilannen.
Kolonisaasje troch de Britten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin maaie 1838 gie de Frânske walfiskfarder Jean Bart foar anker foar de kust fan Waitangi op it eilân Chatham om hannel te driuwen mei de Maoary. In konfrontaasje mei krigers fan 'e Ngāti Mutunga einige lykwols mei de dea fan 'e hiele bemanning en de plondering fan it skip, dat neitiid ferbaarnd waard. Yn septimber berikten geroften oer it ynsidint de korvet Heroine fan 'e Frânske Marine by it Noardereilân fan Nij-Seelân. De Heroine sylde yn 'e mande mei twa oare Frânske walfiskfarders nei de Chathameilannen en fierde dêre op 13 oktober by wize fan ferjilding in bombardemint út op Waitangi. In dei letter giene hûndert swierbewapene Frânsen oan lân, dêr't se wenten platbaarnden, waka ferneatigen en bargen en jirpels stielen. Iroanysk genôch trof de Frânske aksje benammen de Maoary fan 'e Ngāti Tama, dy't gjin skuld hiene oan wat der mei de Jean Bart bard wie.
De ûnderlinge relaasje tusken de Ngāti Mutunga en de Ngāti Tama wie min. Ear't se yn 1835 út Nij-Seelân ôfset wiene, hiene de beide stammen ôfspraken makke om 'e Chathameilannen earlik ûnderinoar te ferdielen. Mar de Ngāti Tama, dy't 16 dagen earder op 'e arsjipel oankommen wie, hie dy oerienkomst brutsen troch de geunstichste dielen fan 'e eilannen, wêrûnder Waitangi, yn besit te nimmen ear't de Ngāti Mutunga arrivearre. Dat hie kwea bloed set by de Ngāti Mutunga. Nei't de Ngāti Tama ein 1838 troch de Frânske oanfal ferswakke rekke wiene, besleaten de krigers fan 'e Ngāti Mutunga yn 1840 de Ngāti Tama yn Waitangi oan te fallen. Mar mei't de leden fan 'e beide stammen nau mei-inoar ferbûn wiene om't se yninoar om troud hiene, waard de striid omsichtich en tebekhâldend útfochten, sadat der amper deaden foelen. Mei tuskenskoften hold it konflikt oant yn 1842 oan, doe't der troch bemiddeling fan 'e Nijseelânske Kompanjy en ûnder druk fan Westerske sindelingen in ûngemaklike frede sletten waard.
De belegering fan Waitangi wie noch geande doe't it skip de Cuba fan 'e Nijseelânske Kompanjy by de Chathameilannen arrivearre as ûnderdiel fan in plan om lân oan te keapjen foar de fêstiging fan Westerske kolonisten op 'e arsjipel. Yn 1841 fette de Kompanjy it idee op om 'e eilannen oer te dwaan oan it Keizerryk Dútslân, sadat it in Dútske koloanje wurde koe. Dat gie sels safier dat John Ward, de siktaris fan 'e Nijseelânske Kompanjy, op 12 septimber fan dat jier in oerienkomst tekene mei de Dútske diplomaat Karl Sieveking. De priis fan 'e arsjipel waard dêrby fêststeld op £10.000. De ferkeap mislearre lykwols doe't it Britsk Ministearje fan Koloanjes der lucht fan krige en dúdlik makke dat Dútske kolonisten dy't har op 'e Chathameilannen fêstigen, beskôge wurde soene as ûnwinske bûtenlanners en ek as sadanich behannele wurde soene. Om fierder bûtenlânsk aventoerisme yn 'e Chathameilannen foar te kommen, waard de arsjipel yn 1842 formeel troch it Feriene Keninkryk anneksearre en by de Koloanje Nij-Seelân foege.

Om dyselde tiid hinne begûnen Westerske sindelingen op 'e Chathameilannen druk út te oefenjen op 'e Maoary om harren slavernij fan 'e oerlibjende Morioary ôf te skaffen. De Maoary fielden dêr neat foar en der kaam ynearsten dan ek neat fan op 'e hispel. Mar de tanimmende druk wie foar haadman Matioro reden om ein 1842 in skip te hieren om him mei syn folgelingen en harren slaven nei de (ûnbewenne) Aucklandeilannen te bringen. Wylst Matioro oan lân wie om it haadeilân yn eagenskou te nimmen, kamen twa fan syn ûnderhearrige haadlju ta de konklúzje dat dit eilân harren te ûnherberchsum wie. Se sylden werom nei de Chathameilannen en lieten Matioro mei fyftich oaren strâne efter. Sân jier letter, yn 1849, arrivearren der Ingelske kolonisten op 'e Aucklandeilannen. Matioro en de measten fan syn folgelingen ferfearen yn 1854 nei it eilân Stewart, foar de súdkust fan it Sudereilân fan Nij-Seelân.
Yn 1843 arrivearre der in groep manlike Dútske sindelingen fan 'e Moravyske Bruorskip op 'e Chathameilannen. Trije jier letter kamen der ek in stikmannich froulike sindelingen fan itselde tsjerkegenoatskip, en ferskate houliken wiene it gefolch. Guon fan 'e hjoeddeistige Chathameilanners kinne harren stambeam noch weromfolgje nei dy iere houliken tusken sindelingen.
Yn 1865 waard de Maoary-haadman Te Kooti Arikirangi Te Turuki troch de Britske autoriteiten yn Nij-Seelân mei in grutte groep fan syn folgelingen nei de Chathameilannen ferballe. Te Kooti-en-dy hiene kristlike sindelingen fermoarde en in guerriljastriid tsjin 'e Britske besetting fan harren lân oan 'e eastkust fan it Noardereilân fierd. De rebellen moasten yn harren ôfhandige ballingsoard twangarbeid ferrjochtsje, dêr't se ien skelling deis foar betelle krigen. Yn 1868 fûn der ûnder lieding fan Te Kooti in útbraak plak, wêrby't hy en syn mannen in skoender oermasteren, werom nei it Noardereilân ûntsnapten en dêr harren striid wer fuortsetten.
Yn 'e 1860-er jierren kearden de Ngāti Tama, dy't yn 'e Chathameilannen oan it koartste ein lutsen hiene yn it skeel mei de Ngāti Mutunga, foar it meastepart werom nei it Noardereilân fan Nij-Seelân. De Ngāti Mutunga ferdigenen harren ferovering fan 'e arsjipel en de genoside op 'e Morioary yn 1870 mei súkses foar it Lânseigen Lângerjochtshof en krigen fan 'e Britske koloniale autoriteiten yn Nij-Seelân 97% fan 'e eilannen as harren eigendom takend.

Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan 'e Chathameilannen, dy't it oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw benammen hawwe moast fan 'e eksport fan wol, hie slim te lijen ûnder de saneamde Lange Depresje fan 1873–1896. Pas doe't der yn 1910 fiskfriezerijfabriken boud waarden yn 'e doarpen Ōwenga en Kalingaroa, klaude de ekonomy wer by de wâl op. De oanlis fan 'e earste skipswerf yn Waitangi sette yn 1931 útein en waard yn 1934 foltôge.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard it befoarriedingsskip fan 'e Chathameilannen op 25 novimber 1940 oermastere en dêrnei ta sinken brocht troch de nazy-Dútske lichte krusers Komet en Orion. Fan gefolgen waard de werf fan Waitangi yn 'e oarloch net folle brûkt. Ynstee waard yn 'e Te Whanga-lagune in fasiliteit foar fleanboaten boud. Neitiid waard der in ferbining tusken Nij-Seelân en de Chathameilannen ûnderholden mei fleanboaten, oant dy yn 1966 ferfongen waard troch ien mei gewoane fleantugen.
Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch rekke it mei de ekonomy fan 'e eilannen op 'e nij yn it neigean, en subsidiëarring troch de Nijseelânske oerheid waard nedich. De minne ekonomyske omstannichheden soargen derfoar dat in protte jonge eilânbewenners de arsjipel ferlieten om in bettere takomst te sykjen yn Nij-Seelân. In koarte boom op it mêd fan 'e fangst fan kreeften stabilisearre de Chathameilânske ekonomy oan 'e ein fan 'e 1960-er en it begjin fan 'e 1970-er jierren. Yn 'e ienentweintichste iuw waard it weidzjen fan kij en de dêrmei ferbûne eksport fan kowefleis wichtich foar de eilânekonomy.
Rehabilitaasje fan 'e Morioary
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein 1980-er jierren tsjinnen guon ôfstammelingen fan 'e Morioary skeaclaims yn by it Waitangi Tribunaal, in permaninte kommisje fan 'e Nijseelânske oerheid dy't klachten fan 'e lânseigen befolking oangeande aksjes of neilittings fan 'e oerheid ûndersykje moat en it regear advisearje moat oer hoe't soks goed te meitsjen is. De klachten giene yn dit ferbân oer it feit dat it Britske regear, nei de Britske anneksaasje fan 'e Chathameilannen yn 1842, net yngrypt hie om 'e Morioary te befrijen fan harren slavernij troch de Maoary, en dêrnjonken oer it feit dat it Lânseigen Lângerjochtshof yn 1870 de rjochten fan 'e Moriaory negearre hie troch 97% fan 'e Chathameilannen oan 'e Maoary fan 'e Ngāti Mutunga te jaan. De skeaclaims waarden fan 1994 ôf yn behanneling nommen. It wie in drege saak foar it Waitangi Tribunaal, mei't der foar it earst keazen wurde moast tusken twa konkurrearjende lânseigen groepen (de Morioary en de Maoary), mar de útspraak, dy't yn 1996 kaam, wie yn hege mjitte yn it foardiel fan 'e Morioary.

De saak sleepte dêrnei noch desennia lang troch, mar yn 2017 waard der dan dochs einlings in oerienkomst sletten tusken it regear fan Nij-Seelân en de Morioary, dy't yn 2019 formeel ûndertekene waard en yn 2021 yn 'e foarm fan in wet oannommen waard troch it Nijseelânske parlemint. Dêrby waard festlein dat Nij-Seelân oan 'e Morioary formeel ûntskuldigings oanbiede soe, dat kultureel en spiritueel wichtige plakken op 'e Chathameilannen oan 'e Morioary oerdroegen wurde soene, en dat de oerheid oan harren in skeafergoeding útkeare soe fan 18 miljoen Nijseelânske dollar. Mei't nij ûndersyk útwiisd hat dat de foarâlden fan 'e Morioary eins Maoary út Nij-Seelân wiene, diele de Morioary no ek yn 'e fiskerijrjochten op 'e see om 'e Chathameilannen hinne, dy't earder oan 'e Maoary takend wiene.
Anno 2018 skatte de Nijseelânske oerheid dat der noch krapoan tûzen minsken fan Morioary-komôf wiene, hoewol't de Morioary it sels op sa'n 3.500 hâlde. Al dy lju hawwe behalven Morioary-foarâlden ek Maoary-foarâlden en/of blanke foarâlden. De lêste folbloed-Morioary, Tommy Solomon, stoar yn 1933. It Morioary, de eigen taal fan 'e Morioary, wie al yn 1898 útstoarn mei de dea fan 'e lêste sprekker Hirawanu Tapu. Fan 2001 ôf is der op 'e Chathameilannen in beweging aktyf om it Morioary wer nij libben yn te blazen.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e kontekst fan it regionaal bestjoer steane de Chathameilannen en it omlizzende diel fan 'e oseaan, dat de territoriale wetters fan 'e arsjipel foarmet, bekend as it Territoarium fan 'e Chathameilannen. Dat territoarium wurdt bestjoerd troch de Ried fan 'e Chathameilannen (Chatham Islands Council), dy't op 1 novimber 1995 oprjochte waard. De Ried kaam yn it plak foar de Greefskipsried fan 'e Chathameilannen (Chatham Islands County Council), dy't sûnt 1926 bestien hie, en dy't op syn beurt wer yn it plak kommen wie foar de Chatham Islands County, oprjochte yn 1901.
De Ried fan 'e Chathameilannen hat de status fan in territoriale autoriteit, dy't omreden fan 'e ôfhandige, isolearre lizzing fan 'e arsjipel in grut diel fan itselde foech hat dat op it fêstelân fan Nij-Seelân útoefene wurde troch distriktsrieden en regionale rieden. It is dêrom yn 'e praktyk (hoewol net yn namme) in unitêre autoriteit mei mar amper minder foech as formele unitêre autoriteiten.

De Ried hat njoggen sitten en bestiet út in troch it pleatslike elektoraat by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings keazen boargemaster en riedsleden. Elts fan 'e riedsleden is ek loko-boargemaster. Beskate taken dy't tafalle soene oan in regionale ried, as de Chathameilannen diel útmakke hiene fan in regio fan Nij-Seelân, wurde foar de arsjipel útoefene troch Environment Canterbury, de regionale ried foar de regio Canterbury, op it Sudereilân.
Yn it ramt fan 'e nasjonale polityk meitsje de Chathameilannen sûnt de 1990-er jierren diel út fan it kiesdistrikt Rongotai, dat foar de rest yn súdlik Wellington leit. De ôffurdige fan dat kiesdistrikt yn it Parlemint fan Nij-Seelân fertsjintwurdiget dêr dus net inkeld de arsjipel. Wat de represintaasje fan 'e Maoary yn it parlemint oangiet, falle de Chathameilannen sûnt 1996 ûnder it Te Tai Tonga-Maoary-kiesdistrikt.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pleatslike ekonomy fan 'e Chathameilannen stipet foar it meastepart op 'e fiskerij, de kreeftefiskerij en de lânbou (benammen feehâlderij fan kij). De toeristyske sektor bringt mar in hiel lyts bytsje jild yn 't laadsje.
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plysje om 'e Chathameilannen bestiet út ien inkele agint, dy't oansteld wurdt troch it plysjedistrikt fan Wellington. Dyselde plysjeman fungearret op 'e arsjipel ek as oansprekpunt foar gerjochtlike kwestjes, as dûanier en as tafersjochhâlder op ymmigraasje. Op sette tiden komt der in rjochter oer fan it Nijseelânske fêstelân om 'e pleatslike rjochtbank foar te sitten, mar rjochtsaken dy't gjin útstel lije kinne, wurde oanbrocht foar de rjochtbank yn Wellington.
Der binne trije basisskoallen op 'e Chathameilannen: twa op it eilân Chatham, te Kaingaroa en Te One, en ien op it eilân Pitt. Foar de fuortset en heger ûnderwiis moatte de eilânbern nei it Nijseelânske fêstelân.

De stroom op 'e eilannen wurde levere troch twa wynturbines fan 225 kW in stikmannich needagregaten dy't op disel draaie en fierders troch sinnepanielen. Dat kostet 5–10 kear mear as op it fêstelân fan Nij-Seelân.
De Chathameilannen binne berikber mei it fleantúch fanôf Auckland of Wellington op it Noardereilân of fanôf Christchurch op it Sudereilân fan Nij-Seelân nei it Fleanfjild Tuuta by Waitangi. De reis duorret likernôch twa oeren. Fracht giet ornaris per skip en docht der twa dagen oer om 'e eilannen te berikken.
Op it mêd fan telekommunikaasje waarden de Chathameilannen yn 1913 foar it earst mei it fêstelân fan Nij-Seelân ferbûn troch de oanlis fan in tillegraafline. Sûnt 1953 koe op 'e arsjipel de Nijseelânske radio ûntfongen wurde en yn 1965 krigen de eilannen tillefoan. Yn desimber 2022 waarden der fiif 4G-tillefoantuorren boud, sadat op 'e eilannen foar it earst mobile tillefoanen brûkt wurde koene. Breedbânynternet is op 'e arsjipel beskikber sûnt 2014.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan Statistics New Zealand, it "Nijseelânske CBS", hiene de Chathameilannen yn juny 2024 720 ynwenners. It ynwennertal is sûnt de 1980-er jierren ridlik stabyl bleaun en hat yn dy perioade fluktuëarre tusken in hichtepunt fan 775 yn 1986 en in djiptepunt fan 600 yn 2013. De befolkingstichtens bedroech yn 2024 0,7 minsken de km².
Chatham en Pitt binne de iennichste bewenne eilannen fan 'e arsjipel, en op Pitt wenje mar inkele tsientallen minsken. It grutste plak op 'e Chathameilannen is it haadplak Waitangi, dêr't 200 minsken wenje.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2023 wie doe fan 'e befolking fan 'e Chathameilannen 16,7% âlder as 65 jier en 16,2% jonger as 15 jier.

Etnisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie by de Nijseelânske folkstelling fan 2023 sa: 72,5% blanke Nijseelanners (oftewol Pākehā); 68,8% Maoary en Morioary (net apart teld); 3,9% (oare) Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,0% Middeneasterlingen, Latynsk-Amerikanen en Afrikanen; en 1,5% oaren. Sa't al dúdlik wurdt út 'e boppeneamde persintaazjes koene minsken mear as ien etnisiteit opjaan.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Nijseelânske folkstelling fan 2023 bestie doe 48,4% fan 'e Chathameilanners út ateïsten en agnosten. Foar de rest joech 33,5% op dat se kristenen wiene, wylst 5,9% de natoerreligy fan 'e Maoary folge, 0,5% boedist wie en 1,4% in oare godstsjinst hie.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Floara
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike fegetaasje fan 'e Chathameilannen bestie út wâlden, heide en feanplanten. Tsjintwurdich, lykwols, wurdt de arsjipel foar it meastepart oerdutsen troch fearplanten en greiden. Der is in, foar dizze breedtegraad, ryk bioferskaat fan sa'n fyftich endemyske plantesoarten, dy't har oanpast hawwe oan 'e legere temperatueren en de suver oanhâldende hurde wyn. Opmerklik is de Chathambeammargryt (Olearia traversiorum), mei tûken dy't oan 'e lijside frijwol horizontaal útgroeid binne. Oare foarbylden binne de Chathamferjit-my-net (Myosotidium hortensia), it Chathammolktiksel (Sonchus grandifolius), de rautini (Brachyglottis huntii), de Chathamkakaha (Astelia chathamica) en it sêft speargers (Aciphylla dieffenbachii).

Fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Chathameilannen foarmje in briedplak foar grutte oantallen seefûgels, en der binne ek in stikmannich endemyske fûgelsoarten (dy't nearne oars foarkommen). Inkele fan 'e bekendste soarten út dy lêste kategory binne it krityk bedrige magintaseemokje (Pterodroma magentae) en de bedrige Chathammiggesnapper (Petroica traversi). Beiden hawwe dy op it rântsje fan it útstjerren balansearre foar't se der wer by skuord waarden troch yngeande natoerbeskermingsmaatregels.
Oare endemyske fûgels binne de Chathamstrânljip (Haematopus chathamensis), de Chathammangrovesjonger (Gerygone albofrontata), de Chathamdo (Hemiphaga chathamensis), de Chathamkarariky (Cyanoramphus forbesi), de Chathamsnip (Coenocorypha pusilla) en de Nijseelânske wilster (Charadrius novaeseelandiae). De krityk bedrige Onslows ielgoes (Leucocarbo onslowi), de bedrige Chathamielgoes (Phalacrocorax featherstoni) en de as kwetsber klassifisearre Chathamalbatros (Thalassarche eremita) rinne it gefaar om fêst te reitsjen yn in ferskaat oan fiskersark, lykas fisklinen en fisknetten.
Guon endemyske fûgelsoarten binne útstoarn sûnt de minske him op 'e Chathameilannen fêstige, wêrûnder de Chathamraven (Corvus moriorum moriorum), de Chathamgersfûgel (Poodytes rufescens), de Chathamkaka (Nestor chathamensis), de Chathampinguïn (Eudyptes warhami), de Chathamein (Anas chathamica) en trije endemyske soarten rallen: de Chathamral (Cabalus modestus), Dieffenbachs ral (Hypotaenidia dieffenbachii) en Hawkins' ral (Diaphorapteryx hawkinsi).

Troch de ôfhandige lizzing fan 'e arsjipel komme op 'e Chathameilannen gjin sûchdieren op it lân foar, mar seesûchdieren binne der genôch. Sa libje yn 'e omjaande oseaan de Nijseelânske seeliuw (Phocarctos hookeri), de Nijseelânske seebear (Arctocephalus forsteri), de súdlike see-oaljefant (Mirounga leonina) en it seeloaihoars (Hydrurga leptonyx). Ek in protte soarten walfiskeftigen wurde oanlutsen troch de rike itensboarnen (benammen plankton) yn it relatyf ûndjippe wetter boppe de Chatham Rise. Fierders libje op 'e Chathameilannen twa soarten juffers (Austrolestes colensonis en Xanthocnemis tuanuii) en ien soarte libel (Procordulia smithii).
Bedrigings foar de fauna op 'e eilannen besteane benammen út habitatferlies troch ûntbosking om lân frij te meitsjen foar de lânbou, en troch de yntroduksje fan skealike eksoaten, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus), de hûsmûs (Mus musculus) en de kat (Felis catus).
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Chathameilannen hawwe in seeklimaat, mei net folle ferskil yn temperatuer tusken simmer en winter, frij folle rein en in protte wyn. Yn jannewaris, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 19,2 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 11,3 °C. De rekôrmaksimumtemperatuer yn it haadplak Waitangi bedraacht troch de moderearjende ynfloed fan 'e omlizzende oseaan mar 23,8 °C. De arsjipel kriget jiers trochinoar 837,1 mm delslach. Sniefal is tige seldsum, mar komt foar. Sa foel der yn july 2015 foar it earst yn desennia snie op seenivo.
Tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ynternasjonale Datumgrins leit beëasten de Chathameilannen, ek al lizze de eilannen sels eastlik fan 180° easterlingte, in lingtegraad dy't oars foar it meastepart lykfalt mei de datumgrins. De eilannen hawwe har eigen tiidsône, de Chathameilânske Tiidsône, dy't 45 minuten foarleit op 'e tiid op it Noarder- en Sudereilân fan Nij-Seelân. Yn ferhâlding ta de Koördinearre Wrâldtiid (UTC) rinne de Chathameilannen 12.45 oeren foar. As de simmertiid fan krêft is, rinne de eilannen sels 13.45 oeren foar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
