Chathamdo
| Chathamdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Hemiphaga chathamensis (synonym: Hemiphaga novaseelandiae chathamensis) | ||||||||||||
| (Rothschild, 1891) | ||||||||||||
De Chathamdo (Hemiphaga chathamensis) is in fûgelsoarte yn it skaai Nijseelânske dowen (Hemiphaga) út 'e famylje dowen (Columbidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1891 publisearre as Carpophaga chathamensis troch Lionel Walter Rothschild. It is in kwetsbere, endemyske fûgelsoart fan 'e Chathameilannen, in arsjipel fan Nij-Seelân likernôch 800 km eastlik fan it Sudereilân.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Chathamdo wurdt 51 sm lang. De do is donkergriis en wyt. De kop, de kiel en it boarst binne donkergriis en de búk is wyt. De boppedielen binne ek donkergriis mei in griengrize skimering. Hy hat in oranjereade snaffel, de poatsjes ha wite fearkes en de teannen binne rôzeread. De soarte hat in soad fan 'e Nijseelânske do (H. novaeseelandiae), mar dy is mear glânzgjend grienblau. Earder waard de Chathamdo as in ûndersoarte dêrfan behannele.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Chathameilannen en eartiids ek op Mangere Island, Little Mangere en Pitt Island. Op South East Island is hjoed-de-dei in weryntrodusearre populaasje.
It leefgebiet bestiet út oarspronklik bosk, gebieten mei strewellen, farens en greiden mei houtwâlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet is beheind en dêrfandinne is der in kâns op útstjerren. De populaasje waard yn 2021 troch Birdlife International op 250 oant 1000 fûgels rusd, mar de oantallen nimme troch effektive beskerming ta. Yn it ferline wie dat oarsom. Se wiene algemien yn 'e jierren 1870 mar it oarspronklike bosk waard yn gebiet feroare om it fee yn te weidzjen en ek ynfierde katten en oare rôfdieren soargen foar de delgong fan 'e fûgel. Yn 'e jierren 1990 wienen der noch mar 40 fûgels oer. Der binne no mei ôffredings reservaten ynsteld en de predatoaren wurde bejage. De do bliuwt lykwols ôfhinklik fan aktyf natuerbehear en sadwaande is de soarte troch de IUCN as kwetsber (VU) klassifisearre op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
