Springe nei ynhâld

Charlie Kirk

Ut Wikipedy
Charlie Kirk
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Charlie Kirk (2025)
Charlie Kirk (2025)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCharles James Kirk
nasjonaliteit Amerikaansk
berne14 oktober 1993
berteplakArlington Heights (Illinois)
stoarn10 septimber 2025
stjerplakOrem (Utah)
wurkpaad
wurksum aspolityk aktivist, skriuwer
mediumkonservatisme, trumpisme, kristlik-nasjonalisme
wurksum byTurning Point USA
jierren aktyf2012-2025
offisjele webside
charliekirk.com

Charles James (Charlie) Kirk (Arlington Heights (Illinois, 14 oktober 1993 - Orem (Utah), 10 septimber 2025 wie in Amerikaansk konservatyf, kristen-nasjonalistysk polityk aktivist, podcaster en skriuwer. Hy wie de mei-oprjochter fan de konservative, rjochtspopulistyske jongereinorganisaasje Turning Point USA (TPUSA) yn 2012. Hy publisearre in rige boeken en wie de presintator fan The Charlie Kirk Show, in praatprogram. Hy wie ien fan de meast promininte stimmen yn de MAGA-beweging fan de Republikeinske Partij.

As wichtige bûnsmaat fan Donald Trump naam Kirk ferskate konservative en trumpistyske stânpunten yn, lykas ferset tsjin abortus, DEI-programs, en LHBT-rjochten en foar it wapenbesit. Ta syn mear kontroversjele stânpunten hearden syn krityk op de Civil Rights Act fan 1964 en Martin Luther King jr, lykas syn fersprieden fan misynformaasje oer COVID-19, falske bewearings oer ferkiezingsfraude yn 2020 en de gearspanningsteory fan de Grutte Ferfanging.

Op 10 septimber 2025 waard Kirk fermoarde doe't er spriek by in iepenbier debat fan TPUSA op de kamppus fan Utah Valley University. Syn dea late ta ynternasjonaal omtinken en it dêropfolgjend feroardielen fan polityk geweld troch promininte ynlânske en ynternasjonale figueren. Trump kundige oan de Kirk postúm de Presidinsjele Frijheidsmedalje krije soe.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charlie Kirk waard berne op 14 oktober 1993 yn Arlington Heights, in foarstêd fan Chicago en tein yn it tichteby lizzende Prospect Heights. Syn heit Robert W. Kirk is arsjitekt en wie belutsen by de bou fan Trump Tower. Syn mem Kathryn (berne Smith) is in earder hanneler oan de Chicago Mercantile Exchange en wurke dêrnei as psychologysk helpferliener. Hy hie ien suster, Mary, dy't letter keunstkonservator waard yn Chicago.

Kirk beskreau syn âldelju as skaplike Republikeinen. Hja wiene aktyf yn konservative kringen en syn heit wie in wichtige donor foar de presidintskampanje fan Mitt Romney yn 2012. Kirk groeide op yn 'e Presbyteriaanske Tsjerke , wie lid fan de Boy Scouts of America. Op de middelbere skoalle kaam er hieltyd mear polityk ta libben, dêr't er boeken by lies fan Milton Friedman en him mear oanlutsen fielde ta de prinsipen fan 'e Republikeinske Partij.

Yn 2010 by syn tredde jier op Wheeling High School, wurke Kirk as frijwilliger mei oan 'e suksefolle kampanje foar de Amerikaanske Senaat fan de Republikein Mark Kirk, dy't gjin famylje fan him wie, fan Illinois. Ek yn syn tredde jier begûn er te harkjen nei The Rush Limbaugh Show, in promininte konservayf praatprogram op 'e radio. Yn syn lêste jier sette er útein mei in boykot fan koekjes yn 'e skoalkantine om in priisferheging ûngedien te krijen. Hy skreau ek in essay foar Breitbart News dêr't er yn oppenearre dat der in liberaal partidigens yn skoalboeken siet, itjinge late ta syn earste media-optreden op Fox Business yn 'e âldens fan 17 jier.

Kirk tekene foar de Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point (New York), maar waard yn 2012 ôfwiisd. Hy waard talitten op de Baylor University yn Waco (Teksas), dochs keas dêrfoar om him yn te skriuwen by Harper College yn Pallatine (Illinois), in foarstêd noardwestlik fan Chicago. Nei ien semester hold er op mei syn stúdzje. Yn 2015 skreau Kirk him yn foar in parttiddoplieding oan King's College yn New York, dêr't er online lessen folge. Hy helle yn syn libben nea in universitêr diploma, in feit dy't er gauris beneidrukte yn debatten mei akademisy en studinten.

De Wikipedy hat ek in side Turning Point USA.
Charlie Kirk hold in taspraak op it Conservative Political Action Conference (CPAC) yn Marylân yn 2013
Charlie Kirk mei syn mentor Foster Friess yn 2019
Kirk en Donald Trump by op de Turning Point Action Conference yn 2033
Kirk by in debat op Florida State University op 28 febrewaris 2025

By in evenemint fan Benedict University learde er Bill Montgomery kennen, in mear as 50 jier âldere pinsjonearre dy't ticht by de rjochtspopulistyske Tea Party-beweging stie. Montgomery moedige Kirk oan om him alhiel mei polityk dwaande te hâlden. Dêrnei rjochte er, doe't er 18 jier âld wie, Turning Point USA op, in non profit-organisaasje foar polityk aktivisme troch studinten. Neffens syn sizzen hie er doe "gjin jild, gjin konneksjes en gjin idee wat er die". Op de Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 2012 moete er Foster Friess, in promininte donateur fan 'e Republikeinske Partij, en helle him oer en finansierje syn organisaasje.

Yn 2016 begûn Kirk de Republikeinske gadingmakker foar presidint, Donald Trump te stypjen. Mei help fan grutte donateurs koe Kirk de organisaasje Turning Point USA útbouwe ta in ynfloedrike politike beweging. Dy beweging kaam ynearsten benammen op foar belangen fan rjochts-konservative en Republikeinske studinten oan universiteieten en mienskipskolleezjes, mar waard yn 'e rin fan 'e tiid hieltyd mear ynfloedryk by it moblisearjen fan partijdonaasjes. Yn 2016 wie de omset fan de organisaasje $4,3 miljoen en yn 2020 wie dy oprûn ta krapoan $40 miljoen.

Yn july 2019 waard Kirk foarsitter fan de organisaasje Students for Trump, dy't troch TPUSA oernommen waard. Dêrnei sette er útein mei in kampanje en lûk ien miljoen skoalbern oan foar de werferkiezingskampanje fan Trump yn 2020.

Turning Point USA organisearre yn desimber 2019 in benefytgala yn Mar-a-Lago, dêr't Donald Trump jr en oare promininte Republikeinen oan meidiene. Kirk syn waaksende populariteit wie op te merken op de Republikeinske partijkonvinsje fan 2020, dêr't er entûsiast ferkundige dat Trump "de bodyguard fan 'e westerske beskaving" wie. Turning Point USA holp ek busladingen Trump-oanhingers nei de byienkomst yn Washington DC te bringen foarôfgeande de bestoarming fan it Kapitoal op 6 jannewaris 2021. Op Twitter ferklearre Kirk: "80 busladingen patriotten nei DC bringe om foar de presidint te fjochtsjen" itjinge er letter ferwidere.

Sûnt op syn minst septimber 2020 wie er lid fan 'e Council for National Policy, in groep dy't "al desennia lang tsjinnet as knooppunt foar in lanlik netwurk fan konservative aktivisten en de donateurs dy't harren stypje". Yn oktober 2020 sette Kirk útein mei it presintearjen fan in deistich radiopraatprogram fan trije oere lang, de Charlie Kirk Show. Dy waard produsearre troch de konservatyf-evangelyske Salem Media Group. Yn desimber 2021 stie de podcast The Charlie Kirk Show op nûmer 21 fan de populêrste podcasts by Apple Podcasts. De show rjochte him benammen op jonge konservativen. Kirk waard yn july 2023 troch Donald Trump beneamd yn in partijkommisje ta it furtsterkjen fan it "patriottysk grutbringen".

Foar de presidintsferkiezings fan 2024 wie Kirk fan doel en garje krapoan $110 miljoen byinoar foar it werkiezen fan Trump. Hy en syn organisaasje wiene ek belutsen by Project 2025, in plan foar it herfoarmjen fan 'e Amerikaanske oerheid yn it gefal fan in nije oerwinning fan Trump. Yn mear as 900 siden foarsiet er it ûntslach fan tûzenen amtners en har ferfanging troch politike bûnsmaten, de útwreiding fan 'e macht fan 'e presidint, it ûntbinen fan it ministearje fan Underwiis en oare federale ynstitúsjes, en maatregels tsjin de saneamde "djippe steat".

Kirk wie in wichtich wurdfierder fan 'e MAGA-beweging, dy't Trump in soad stimmen fan jonge kiezers oplevere. Hy waard ek troch Jeropeeske rjochtsekstremisten, lykas de ekstreemrjochtse Eastenriker Martin Sellner, as in rôlmodel sjoenfoar har polityk wurk. Kirk gie gauris yn diskusje mei minsken mei oare politike opfettings. De rol dy't syn oanhingers him taskriuwe as "strider foar de frijheid en de frijheid fan mieningsutering" wurdt troch guon sjoen as "toaniel". Sa wurdt net allinnich syn "gauris rasistyske, minske-ûntearjende en gearspanningsleauwige aginda" ferswijd, mar ek it feit dat Kirk fia Turning Point USA in saneamde "Professor Watchlist" oprjochte hat, dêr't leararen mei nei syn miening net winske politike opfettings op neamd wurde koene, dy't ûnder mear it slachtoffer waarden fan bedrigings, haatmails en geweld.

Plak fan d eoanslach mei wite tinte dêr't Charlie fataal yn troffen waard

Op 10 septimber 2025 waard Kirk by in diskusjebyienkomst oan de Utah Valley University mei syn American Comeback Tour yn 'e strôt sketten. De oanslach wie om 12:23 oere middeis, sa'n 20 minuten nei't de diskusje begûn wie. Der wiene likernôch 3.000 minsken oanwêzich.

Nijsgjirrich is dat justjes foar't er delsketten waard, Kirk oer massale sjitpartijen yn 'e Feriene Steaten oan it debatearjen wie. Hunter Kozak, in studint oan 'e Utah Valley University, frege: "Wiite jo hoefolle transgender Amerikanen de ôfrûne tsien jier massale sjitpartijen dien hawwe?", dêr't Kirk op andere: "Te folle". Kozak folge mei: "Witte jo hoefolle massamoardners dêr de ôfrûne tsien jier yn Amearika west hawwe?" en Kirk syn lêste wurden foar't er delsketten waard wiene syn andert: "Telle we de bindegeweld mei of net?" The New York Times murk op dat dat in "grimitich tafal wie dat laat hat ta online gearspanningsteoryen en spekulaasjes" en Kozak sei letter; "Ik hie gjin mindere frage steld kinnen ha".

Kirk waard troch seis manlju nei in SUV droegen, dy't him nei it Timpanogos Regional Hospital yn Orem brocht, dêr't er ta dea ferklearre waard.

In dei nei de moard makke de FBI buorkundich dat yn in bebosk gebiet tichteby it plak fan 'e oanslach it mooglike moardwapen fûn waard; type Mauser-grindelgewear, almeast brûkt foar de jacht. Op 12 septimber waard bekensmakke dat in fertochte arrestearre wie, de 22-jierrige Tyler Robinson út Utah. Op 16 septimber waard er offisjeel oanklage. Tsjin him kin mooglik de deastraf easke wurde.

President Donald Trump sprekt him út oer de moard op Charlie Kirk

De moard waard oan beide kanten fan it politike spektrum feroardiele. Promininte figueren, lykas alle libjende âld-presidinten Bill Clinton, George W. Bush, Barack Obama en Joe Biden en guon ynternasjonale haden fan steat feroardielen de oanslach. Yn binnen- en bûtenlân waarden der ferskate jûnwakes hâlden yn 'e eare fan Charlie Kirk. De wake yn Wenen waard bywenne troch de jongereinôfdieling fan de ekstreemrjochtse Frijheidsparty fan Eastenryk en de ekstreemrjochtse aktivist Martin Sellner.

Amerikaanske rjochtse politisy easken strange straffen foar persoanen dy't ferantwurdlik wiene foar de moard op Kirk. Steve Bannon, dy't earder as adviseur fan Trump tsjinne, pleite foar grutskalige arrestaasjes en in strange reaksje tsjin universiteiten. Underwilens hat de minister fan Definsje Pete Hegseth syn meiwurkers opdroegen om militêren dy't de moard fan Kirk bespotsje of goedkarre, te identifisearjen en te straffen. Fise-presidint JD Vance rôp minsken op wurkjouwers oan te trunen harren wurknimmers te ûntslaan as se de moard bespotten.[1] Sels yn Fryslân late it ta rombom. In dosint oan it Bornego Kolleezje op It Hearrenfean krige dien nei't er him op sosjale media oer de dea fan Charlie Kirk útlitten hie.[2]

Presidint Donald Trump oardere fuortendaliks nei de moard dat alle Amerikaanske flaggen op oerheidsgebouwen oant de earste snein nei de oanslach healstôk hingje moast, as earbetoan. Hy kende Kirk postúm de Presidinsjele Frijheidsmedalje ta; de heechste ûnderskieding foar boargers yn 'e Feriene Steaten. It fleantúch Air Force Two fan fise-presidint JD Vance, dy't persoanlik befreoene mei Kirk wie, fleach it stoflik omskot op 11 septimber oar nei Phoenix yn Arizona, de thússteat fan Kirk.

Yn de dagen nei Kirk syn dea hiene Amerikanen like faak in positive as negative miening oer him, wylst der in soad gjin miening hiene. Nettsjinsteande dat de publike opynje ferdield wie, hawwe kommintators en politike bûnsmaten Kirk beskreaun as in ikoan fan it hjoeddeistige konservatisme, ferwizend nei syn ynfloed op jongereinaktivisme, kristlik-nasjonalisme en de MAGA-beweging. Guon politisy reagearren op 'e sjitpartij troch dy te keppeljen oan bredere politike debatten. Republikeinen hawwe liberalen beskuldige fan "it oansetten ta geweld mei retoryk", wylst Demokraten it foarfal oangrepen om de diskusje oer de wapenwetjouwing fuort te setten. Trump en de Republikeinen yn it Kongres krigen krityk om't se sûnder bewiis fuortendaliks de Demokraten en progressive oertsjûgings de skuld joegen fan de sjitpartij, itjinge late ta beskuldigings dat se syn dea útrûpelen foar polityk winnen.

Ekstreemrjochtse aktivisten lykas Laura Loomer rôpen op ta geweld en wraak nei de moard op Kirk, en makken de identiteit bekend fan minsken dy't se beskuldigen fan it fieren of rjochtfeardigjen fan Kirk syn dea. Ynearsten easken rjochtse aktivisten en leden fan it regear-Trump dat minsken dy't Kirk syn dea fierd hawwe soene stilholden wurde moasten en ûntslein wurde moasten en dat woeks letter al rillegau út ta in kampanje om minsken te straffen dy't krityk op Kirk utere hiene. De belutsenens fan 'e oerheid late ta ferlikings mei it McCarthyisme en de cancelkultuer. The New York Times neamde it in "konservative ferzje fan de cancelkultuer dy't noch mar in pear jier ferlyn troch lofts Amearika hantearre waard", en sei dat it in bewiis wie fan it opkommen fan in "woke rjochts". Ut in analyse fan USA Today bliek dat op 18 septimber mear as 100 minsken, wêrûnder abbekaten, dokters, earstehelpbieders en mear as 50 middelbere skoaldosinten en universiteitprofessors waarden sensurearre, tydlik út it wurk set, ûntslein of waarden ûndersocht. Yn reaksje op konservativen en oerheidskampanje om kritisy fan Kirk stilhâlde te litten, benammen nei it op non-aktyf setten fan Jimmy Kimmel, ûnder druk fan de FCC nei't er yn syn program Jimmy Kimmel Live! opmerkings make fan de hâlding fan MAGA nei de moard, besprieken ferskate kommentators en publikaasjes de kwestjes oangeande cancelkultuer en frijheid fan mieningsutering yn 'e Feriene Steaten yn de neisleep fan Kirk syn dea, lykas Tucker Carlson, The Guardian, NBC News, Reuters en USA Today.

Nei in soad lilkens, en it tige sakjen fan de oandielen fan Disney, it memmebedriuw fan ABC, dy't it program fan Jimmy Kimmel, Jimmy Kimmel Live! útstjoerde, joech Disney om lyk en liet nei seis dagen it program fannijs útstjoere.

Politike stânpunten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pro-Trump-aktivisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in fraachpetear mei Wired by de Republikeinske Nasjonale Konvinsje yn 2016 sei Kirk dat er lykwols "net de grutste fan fan Donald Trump yn 'e wrâld" wie, dochs al op him stimme soe. Kirk waard dêrnei in wichtige politike bûnsmaat fan Trump en boude goede relaasjes op mei famyljelden fan Trump. Hy stipe hieltyd wer it gearspanningsferhaal dat de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 fan Trump stellen wie ("Grutte Leagen"), propagearre de ekstreemrjochtse en antysemityske gearspanningsteory fan de Grutte Ferfanging, de gearspanningsteory fan it kultureel marksisme en neamde himsels in strider tsjin de ûnderstelde "globalistyske driging". Foar de bestoarming fan it Kapitoal organisearre er bussen, mar bleau sels fuort fan it barren.

Afro-Amerikanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirk feroardiele de boargerrjochtewet fan 1964 en neamde it goedkarren dêr fan in "grutte flater". Hy neamde Martin Luther King "ferskriklik" en "in min minske", hoewol't er him yn 2015 noch as "held" priizge hie. Hy spriek him tsjin 'e kritike rasseteory út. Yn jannewaris 2024 sei Kirk by in diskusje oer DEI-programs yn 'e loftfeart: "As ik in swarte piloat sjoch, sis ik: jonge, ik hoopje dat er kwalifisearre is". Kirk hie noed dat in kwotaregeling yn it ramt fan in ferskaatbelied ûngeunstich wêze koe fan de kwaliteit. Oangeande yndividuele piloaten makke er letter ûnderskied dat "allegear, nettsjinsteande hûdskleur, in kwalifisearre piloat wurde kin". Kirk beskuldige de Afro-Amerikaanske froulju Joy Reid, Michelle Obama, Sheila Jackson Lee en Ketanji Brown Jackson dat se mei tank oan positive diskriminaasje yn har funksjes telâne kommen binne. Hja soene net oer de harsenskapasiteit beskikke om ûnder oare omstannichheden serieus nommen wurde soene en soene dêr foar it plak fan in blanke persoan ynnommen moatten hawwe.

Yn 2015 ferklearre er dat er foar de militêre akademy fan West Point tekene hie, mar net talitten waard. Hy bewearde syn plak waard tawiisd oan in "folle minder kwalifisearre kandidaat" fan in oar geslacht en in oare oertsjûging, dêr't hy de testresultaten nei syn sizzen fan koe. Yn 2017 sei er tsjin The New Yorker dat er dat sarkastysk bedoeld hie. Yn 2018 sei er tsjin de Chicago Tribune dat er "allinnich mar werhelle wat him sein waard", wyst er by i evenemint mei Rand Paul yn oktober 2019 bewearde it nea sein te hawwen.

Kirk wie in útsprutsen foarstanner fan it rjocht op partikulier wapenbesit, lykas dat fêststeld is yn it Twadde Amendemint fan de Amerikaanske grûnwet. Yn april 2023 ferklearre er dêroer: "Ik tink dat it de muoite wurdich is om alle jierren spitigernôch guon stjergefallen troch fjoerwapens te akseptearjen, sa't we it Twadde Amendemint ha kinne om ús oare troch God jûne rjochten ferdigenje te kinnen. Dat is in reedlikkompromis. It is rasjoneel." Nei de oanslach op Paul Pelosi yn oktober 2022 dy't ek troch ferskate oare oanhingers fan de Republikeinen tajubele waarden, winske Kirk in "patriot" dy't boarchtocht betelje koe foar de oanfaller.

Kirk spriek him út foar iepenbiere eksekúsjes. Hy beskuldige Joe Biden fan "misdie tsjin Amearika" en easke de deastraf foar him.

Klimaat en COVID 19

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirk ferdigene it winnen fan fossie brânstoffen en ûntstride de troch de minske feroarsake klimaatferoaring. Hy bewearde dat der gjin wittenskiplike konsensus bestie en dat it bewearen dat de gefolgen fan it opwaarmjen fan 'e ierde in grutte bedriging foarmen, "folsleine koal, ûnsin en keuveljen" wie. Kirk beskôge de COVID-19-pandemy benammen as polityk ynstrumint om krityske stimmen stilhâlde te litten: hy propagearre ûnder oaren foar hydroksyglorokwine as genêsmiddel en neamde it ferplichte dragen fan mûlkapkes en faksinaasjes "medyske apartheid".

Foar dokters dy't geslachtsferoarings útfieren, easke Kirk rjochtsaken nei it foarbyld fan Neurenberger prosessen. Kirk feroardiele homoseksualiteit as "ferkeard" en fersmiet it homohoulik. Hy berôp him dêrby op kristlike leauwensoertsjûgings, mar ferwolkomme homoseksuele persoanen yn 'e konservative beweging, om't er as kristen roppen wie om alle minsken leaf te hawwen. Leafde wie neffens him "harren de wierheid te sizzen, net harren befêstigje of oanmoedigje yn harren sûnde". Tagelyk fûn er it ferbaarnen fan reinbôgeflaggen rjochtfeardige. Yn in taspraak neamde er de "transgender-koal" dy't yn Amearika yn 'e omgong wie "in ophefte middelfinger nei God", dêr't er in transpersoan by namme by neamde en har in "griis foar God" neamde. Syn útspraken yn 2024 by in debat oer LGBT-Pride oer de him yn de Bibel easke deastraf foar homoseksuele hannelings, dy't er omskreau as "God syn folmakke wet op seksueel mêd", waarden ynterpretearre en troch guon opfette as it goedkarren fan werklik ferfolgen fan homoseksuelen of as in (net wiere) bewearing dat er it stiennigjen fan homoseksuelen easke hie.

Frouljusrjochten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirk hie in tige krekte opfetting oer de geslachtsrôlen: froulju moasten har altyd ûnderwerpe oan it gesach fan har man: hy feroardiele frijfammen dy't earst in karriêre neistribje foar't se boaskje as radikaal en net natoerlik. Syn kommintaar op it oankundige houlik fan Taylor Swift late ta opsjen: hy hoopte dat se as frou in soad bern krije soe en har progressive wearden ôfswarre soe en sa ta "Team America" tatrede te kinnen.

Hy beskôge abortus yn alle stadia as moard. Dat gei sa fier dat er ferklearre dat er, nei in hypotetsyke ferkrêfting fan syn 10-jierrige dochter, har twinge soe it bern te dragen. Aldelju moatte harren dochters boppdat wjerhâlde fan antykonsepsje. Op de frage as er abortussen ferlike me de holokaust, ander er: "It is slimmer. Der binne 45 miljoen poppen. It is hast acht kear slimmer as de holokaust".

Amerikaanske Joaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon wiken nei de terreuroanfal fan Hamas op Israel op 7 oktober 2023 befêstige Kirk syn miening oer de saneamde kultuerferneatigjende ynfloed fan "Joadsk jild". Sekuliere Joaden soene ta de wichtichste finansiers hearre dy't tsientallen jierren lang kultureel-marksistyske ideeën stipe hawwe. Hja soene no "in soad út te lizzen hawwe". De rop om iepen grinzen en "kwasy-marksistyske" sosjaal-politike ideologyen soe mei help fan dy donateurs trochkrongen wêze yn kulturele ynstellings, Hollywoodfilms, oerheidsynstellings en ngo's. Sûnder harren eliminaasje soe stipe oan Israel ûnmooglik wêze, om't "me Joadske dollars" in "ûnderdrukker-ûnderdrukten-dynamyk" yn it ûnderwiissysteem ta stân kommen is, dêr't bern fan de westerske wrâld Israel troch oan 'e kant fan de ûnderdrukkers stean sjen.

Yn 2025 skreau Kirk dat “de islam it swurd is dat lofts brûkt om Amaerika de kiel troch te snijen”. Hy brocht moslimpolitikus Zohran Mamdani yn ferbân mei de dieders fan 'e oanslaggen fan 11 septimber 2001.

Yn syn fyzje op 'e wrâldskiednis idealisearre Kirk it Britske kolonialisme as universele bringer fan 'e beskaving. Hy wist dat dy opfetting polityk net krekt wie, mar fûn dat it Britske Ryk it meast guodlike wrâldryk út 'e skiednis west hat. Hy brocht de ûndergong dêrfan yn ferbân mei de sekularisaasje fan Grut-Brittanje.

Kirk wie sûnt 2021 boaske mei Erika Frantzve, tegearre hiene se in dochter en in soan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Charlie Kirk

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. JD Vance says if you see someone celebrating Charlie Kirk's death, tell their employer. Business Insider. Oproppen op 27 septimber 202527 septimber 2025.
  2. Dosint fan skoalle op It Hearrenfean foarearst net foar de klasse nei útlittings oer dea Charlie Kirk. Omrop Fryslân (12 septimber 2025). Oproppen op 27 septimber 202527 septimber 2025.

Foar oare boarnen, sjoch en:Charlie Kirk en de:Charlie Kirk