Steppewilster
| Steppewilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Steppewilster op Taiwan. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anarhynchus veredus | ||||||||||||
| Gould, 1848 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De steppewilster (Anarhynchus veredus; synonym: Charadrius veredus) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Folwoeksen mantsjes yn it briedkleed hat in wyt gesicht en in wite kiel, de krún is foar wyt en efter griisbrún lykas ek de nekke en de rêcht. Syn boarst is kastanjebrún mei ûnder in smelle swarte râne en fier der in wite búk. Wyfkes, juvenilen en net-briedende mantsjes binne oer it generaal boppe griisbrún en ûnder meast wyt mei fierder in ljocht gesicht en in wite wynbraustreek. Steppewilsters wurde 21 oant 25 sintimber lang en ha in spanwiidte fan 46 oant 53 sintimeter. It binne oer it algemien relatyf grutte wilsters mei lange poaten en lange wjukken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Steppewilsters briede yn Mongoalje en oangrinzgjend ek yn in lyts part fan Sina en Sibearje. Se oerwinterje yn Australaazje, wêrfan't likernôch 90% yn Austraalje. De soarte is oant no ta (2025) ien kear yn Nederlân as dwaalgast waarnommen en dat wie yn 2020 by Domburg yn 'e provinsje Seelân.[1]
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte yt foar it meastse ynsekten. It briedgedrach is net goed ûndersocht, mar hy nêstelet lykas oare soarten fan it skaai op 'e grûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje wurdt op 153.000 folwoeksen fûgels rûsd (2023). Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
