Sibearyske sânwilster
| Sibearyske sânwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anarhynchus mongolus | ||||||||||||
| Pallas, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
De Sibearyske sânwilster (Anarhynchus mongolus, protonym Charadrius mongolus) is in fûgel út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). Oant koartlyn waarden de Sibearyske sânwilster en de Tibetaanske sânwilster ûnder de namme Mongoalske wilster as fûgels fan 'e selde soarte behannele. De spesifike Latynske namme mongolus referearret nei Mongoalje, dat yn 'e tiid fan it jaan fan in namme op in grutter gebiet sloech as it hjoeddeiske lân Mongoalje.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sibearyske sânwilster is lykas de Tibetaanske sânwilster wat grutter as de bûnte wilster mei in foarsere bou en langere poaten en in langere snaffel. De poaten, eagen en de dolkfoarmige snaffel binne donker yn alle drachten. Yn it briedkleed is it mantsje readbrún op it boarst en yn 'e nekke. De soarte hat in donker gesicht, in swart eachmasker en in wite kiel. De boppedielen binne meast griisbrún en de búk is wyt. It wyfke hat itselde fearrekleed, mar is doffer. Winterdeis liket de fûgel op it dûkelmantsje yn it winterkleed, mar hy is grutter en mist it wyt op 'e nekke en de siden fan 'e sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte briedt lokaal yn eastlik Sibearje om 'e See fan Ochotsk hinne. Populaasjes binne û.o. op it Tsjûkotka-skiereilân en Kamtsjatka te finen. De fûgel oerwinteret fan Taiwan en nei it suden ta troch eastlik Yndoneezje oant Austraalje. Ut en troch wurdt de fûgel yn Jeropa waarnommen.
De fûgel wurdt yn twa ûndersoarten ferdield mei de folgjende briedgebieten:
- Anarhynchus mongolus mongolus – briedt yn eastlik Sibearje op plato's boppe de beamgrins en op strannen om 'e See fan Ochotsk hinne.
- Anarhynchus mongolus stegmanni – briedt fan Kamtsjatka oant it Tsjûkotka-skiereilân, de Kommandeurseilannen de noardlikste Koerilen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt ûnregelmjittich op keale kustflaktes. It nêst is in ûndjip kûltsje yn 'e keale grûn en in lechsel bestiet út trije aaien. De soarte is in echte trekfûgel en oerwinteret op sânstrannen yn East- en Súdeast-Aazje.
De Sibearyske sânwilster yt ynsekten, skaaldieren en wjirms en hat de foar it skaai karakteristike wize fan foerazjearjen fan hurd rinne en skoftsje, oars as by oare waadfûgels wenst is dy't meast rêstich rinnend foerazjearje. De Sibearyske sânwilster set lykwols minder stapkes en skoftet koarter as de woastynwilster.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de soarte foars yn oantallen tebekrint. Lykas in soad oare Eastaziatyske waadfûgels hat er te krijen mei habitatferlies yn 'e oerwinteringsgebieten en benammen lâns de migraasjerûtes, dêr't eksploitaasje en ynvasive gerssoarten de rêstplakken oan 'e Giele See syn habitat feroare ha. Yn 'e lêste 50 jier gie likernôch 65% fan it habitat fan 'e fûgel ferlern oan lânbou en oar gebrûk. Ek yn Austraalje soe der sprake wêze fan habitatferlies troch útwreidzjende lânbou, feroaring yn wetterstân en fersteuring troch toerisme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret him dêrom as bedrige (Endangered, 2023). Klimaatferoaring kin ek ynfloed hawwe op syn briedplakken, mar de kennis oer de ynfloed dêrfan is foar de Sibearyske beheind. De wrâldpopulaasje wurdt op mar 18.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Dûkelmantsje
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Beringsee
- Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk
- Lânseigen fauna yn de Japanske See
- Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See
- Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Fidzjy
- Lânseigen fauna yn Gûam
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Naurû
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Fanûatû
