Forbes' wilster
| Forbes' wilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thinornis forbesi | ||||||||||||
| Shelley, 1883 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Forbes' wilster (Thinornis forbesi; synonym: Charadrius forbesi) is in fûgel yn it skaai strânwilsters (Thinornis) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
De fûgel libbet yn it westen fan Afrika en is it meast besibbe oan 'e trijebânwilster, dy't de Forbes' wilster ferfangt yn eastlik en súdlik Afrika en Madagaskar.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen fûgel yn briedkleed hat brune boppedielen en is wyt fan ûnder, útsein de twa swarte boarstbannen mei dêrtusken in wite bân. De kop hat in opfallende tekening mei in swarte kroan, in brune foarholle, in griis gesicht en in wite wynbraustreek, dy't fan boppe de eagen oant yn 'e nekke trochrint. De eachring is read en by de basis is de snaffel ek read mei in swarte punt. Mantsjes en wyfkes binne yn it fearrekleed itselde. Net-briedende fûgels krijge donkerbrune boarstbannen en de wynbraustreek is dan ljochtbrún fan kleur.
Juvenilen ha in soad fan 'e net-briedende folwoeksen fûgels, mar binne doffer.
De Forbes' wilster is wat grutter en donkerder as de trijebânwilster. De trijebânwilster hat boppedat in wite foarholle en in wite streek oer de wjukken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt in soad foar yn West-Afrika, fan Guinee oant súdwestlik Súd-Sûdan en súdlik troch de Demokratyske Republyk Kongo en westlik Uganda lokaal oant Sintraal-Angoala en noardlik Sambia. Nei it westen ta is de fûgel oant Senegal en Gambia seldsum. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
It habitat bestiet benammen út iggen fan ynlânske rivieren, dobben en marren. Nei it brieden yn 'e wiete tiid lûkt de fûgel yn 'e drûge tiid nei iepen gerslân, lykas fleanfjilden en golfbanen. Ek wurdt er by puollen of plakken dêr't wetter opslein wurdt sjoen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst bestiet út in ûndjip kûltsje mei lytse kiezelstientsjes yn op rotseftich, heger gebiet. Forbes' wilsters wurde meast allinnich sjoen, mar kinne lytse kloften foarmje. Se ite kevers, imerkes en oare ynsekten en harren larven, mar ek lytse weakdieren, skaaldieren en wjirms.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend hoe't de soarte him ûntwikkelet, mar it ferspriedingsgebiet is relatyf grut. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt op 6.700 oant 33.300 folwoeksen fûgels rûsd.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is in earbetoan oan William Alexander Forbes (1855–1883), in Britske soölooch en samler fan eksimplaren út tropysk Afrika.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Strânwilster
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
