Kraachwilster
| readbânwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anarhynchus collaris | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De kraachwilster (Anarhynchus collaris, synonym: Charadrius collaris) is in fûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kraachwilster is in lytse, knobske wilster fan sa'n 17 oant 18 sm. De boppedielen fan 'e fûgel binne ljocht griisbrún, ûnder is it fûgeltsje wyt. De fûgel hat in swarte boarstbân, dy't smeller en minder kontrastryk is as by guon oare soarten fan it skaai. De kop hat in wite foarholle mei in donkere bân tusken de snaffel en it each en in swart plak boppe de wite foarholle. De snaffel is swart en de poaten binne fleiskleurich. Nettsjinsteande de namme hat er gjin kraach om 'e nekke.
Twa soarten fan it skaai yn it ferspriedingsgebiet ha in soad fan 'e kraachwilster. It sniedûkelmantsje is likernôch like grut, mar ljochter mei donkere poaten en hat nea in folsleine boarstbân en de Amerikaanske bûnte wilster is grutter, hat in tsjokkere snaffel en in ljochte kraach; frjemd genôch is it krekt is ûntbrekken fan in ljochte kraach dat de fûgel syn namme jout.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet oan kusten en iggen fan rivieren tusken Sintraal-Meksiko en Sily en Argentynje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is benammen in stânfûgel, alhoewol't der wat bewiis is dat er ôfhinklik fan it seizoen wat bewegingen makket. De fûgel yt ynsekten en oare wringeleazen, dy't er op de foar it skaai karakteristike wize - fluch rinne en dan stoppe - siket. Yn ferlikening mei oare soarten fan it skaai komt er selden yn gruttere groepen foar.
It briedseizoen fan 'e fûgel ferskilt geografysk: fan novimber oant desimber yn westlik Meksiko, maart-juny yn Kosta Rika, jannewaris yn Fenezuëla en maart yn 'e leechlannen fan Ekwador. Hy nêstelet op 'e grûn yn in holte oan kusten, iggen fan rivieren, op eilannen of yn it binnenlân, faak tichteby lege fegetaasje lykas gerspollen. De fûgel leit twa bleekêzje aaikes mei brune plakjes. Lykas in soad soarten fan it skaai besykje âlden potinsjele rôfdieren by it nêst wei te lokken troch te dwaan as se ferwûne binne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2019 waard de populaasje op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2020) klassifisearre. Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Dûkelmantsje
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
