Springe nei ynhâld

Chantal van den Broek-Blaak

Ut Wikipedy
Chantal van den Broek-Blaak
sporter
Chantal van den Broek-Blaak (2024)
Chantal van den Broek-Blaak (2024)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeChantal van den Broek-Blaak
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum22 oktober 1989
berteplakRotterdam
lingte1.67 m
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
ûnderdielDykhurdfytsen
debút2008
karriêre-ein2025
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x WK 2017
Sulver grut sulver 2x WK 2014, 2017
Brûns grut brûns 1x WK 2012
Goud grut goud 3x NK 2017, 2018, 2024
Sulver grut sulver 2x NK 2009, 2016
Brûns grut brûns 2x NK 2011, 2015

Chantal van den Broek-Blaak (Rotterdam, 22 oktober 1989) is in earder Nederlânsk hurdfytster. Yn 2017 waard se wrâldkampioene op'e dyk yn it Noarske Bergen.

Blaak ried yn 2008 foar AA Drink, dat yn 2009 fierder gie as Leontien.nl, ûnder lieding fan Leontien van Moorsel. Nei in sterk foarjier waard Blaak twadde yn it Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen efter Marianne Vos en wûn de Europeeske titel foar froulju ûnder de 23 jier.

Yn 2012 wûn se brûns op it WK Ploegetiidrit mei har ploech AA Drink-Leontien.nl yn Falkenburch. Twa jier letter waard se wrâldkampioene mei Specialized-lululemon yn it Spaanske Ponferrada en yn 2015 wûn se sulver mei har ploech Boels Dolmans yn it Amerikaanske Richmond. Op it NK tiidriden yn 2015 wûn se brûns efter Anna van der Breggen en Ellen van Dijk.

Yn 2016 wûn Blaak de World Tour-wedstriden Omgong fan Drinte en Gent-Wevelgem. Hjirtroch mocht sy de liederstrui drage yn de Omgong fan Flaanderen, dêr't se tredde waard. Se prolongearre har titel yn Le Samyn des Dames en waard twadde yn de Omloop Het Nieuwsblad, achter har ploechgenoate Elizabeth Armitstead. Se wie dan ek teloarsteld dat se net selektearre waard foar de Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro. Yn maaie ferlinge se har kontrakt by Boels Dolmans mei twa jier oant ein 2018. Yn augustus wûn se mei har ploech Boels Dolmans de ploegetiidrit fan de Open de Suède Vårgårda yn Sweden en yn septimber wûn se har earste rittekoers: de Holland Ladies Tour. Se einige as fjirde yn de einstân fan de World Tour. Op 9 oktober wûn se yn Doha, Katar, it WK ploegetiidriden, dizze kear mei har ploech Boels Dolmans.

Blaak iepene it seizoen 2017 mei in twadde plak yn de Omloop Het Nieuwsblad, lykas yn 2016. Se sleat de foarjiersklassikers ôf mei it tredde plak yn de Omgong fan Flaanderen. Yn de Healthy Ageing Tour wûn se twa etappes: in ploegetiidrit en in rit yn line. Op 24 juny wûn se har earste nasjonale titel op it Nederlânsk kampioenskip yn Montferland troch fuort te springen út in kopgroep mei Floortje Mackaij en úttredend kampioene Anouska Koster. Ien wike letter wûn se mei har ploech de iepeningsploegetiidrit yn de Giro Rosa, dy't úteinlik wûn waard troch har ploechgenoate Anna van der Breggen. Yn septimber waarden se lykwols ferrassend ferslein op it WK ploegetiidriden troch Team Sunweb. In wike dêrnei, ûnder de dykwedstriid op 23 septimber, foel se op 66 km foar de finish. Se wist wer oan te sluten yn it peloton en mei noch 23 km te gean demarrearre se tegearre mei Audrey Cordon-Ragot en Hannah Barnes. Yn de lêste omgong makken fjouwer rinsters wêrûnder Van der Breggen en Annemiek van Vleuten de oerstek op Salmon Hill. Blaak demarrearre acht kilometer foar de finish en kaam allinne oer de einstreek yn Bergen.

Chantal Blaak boaske in 2019 en brûkt sûnt de namme Van den Broek-Blaak. Yn 2020 makke se bekend om op te hâlden nei de foarjiersklassikers fan 2022. Begjin 2022 kaam se werom op har beslút en tekene in kontrakt oant ein 2024. Yn 2023 gie se mei kreamferlof en yn augustus ried se wer in wedstriid. Yn 2024 waard se Nederlânsk kampioene op de dyk en ferlinge se har kontrakt by SD Worx. Nei't se yn febrewaris 2025 opnij swier bliek, hold se definityf op mei hurdfytsen.

  • 2008 - AA Drink
  • 2009-2010 - Leontien.nl
  • 2011-2012 - AA Drink-Leontien.nl
  • 2013 - Team Tibco-to the top
  • 2014 - Specialized-Lululemon
  • 2015-2020 - Boels Dolmans
  • 2021-2025 - SD Worx
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL