Malaitadwerchiisfûgel
| Malaitadwerchiisfûgel | ||||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
| ûndersoarte | ||||||||||||||
| Ceyx nigromaxilla malaitae | ||||||||||||||
| Mayr, 1935 | ||||||||||||||
| IUCN-status: (noch) net beoardiele
| ||||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
De Malaitadwerchiisfûgel (wittenskiplike namme: Ceyx nigromaxilla malaitae; foarh. Ceyx malaitae)is in ûndersoarte fan 'e Guadalcanaldwerchiisfûgel (Ceyx nigromaxilla), dy't foarkomt op it eilân Malaita yn 'e Salomonseilannen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Malaitadwerchiisfûgel waard oarspronklik beskôge as in ûndersoarte fan wat doe de feroarlike dwerchiisfûgel (Ceyx lepidus of Alcedo lepidus) neamd waard. Dy soe foarkommen hawwe fan 'e Filipinen oant de Salomonseilannen.
In DNA-ûndersyk út 2013 wiisde lykwols út dat de fyftjin erkende ûndersoarten mar sa'n bytsje gemien hiene, dat se as selsstannige soarten erkend wurde moasten. Sadwaande besleat de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) yn 2017 om 'e feroarlike dwerchiisfûgel op te spjalten. Tolve fan 'e ûndersoarten, wêrûnder de Malaitadwerchiisfûgel krigen doe offisjeel erkenning as soarte. Wat oerbleau ûnder de wittenskiplike namme Ceyx lepidus wie de Molukske dwerchiisfûgel.
Yn 2023 besleat de IOU op basis fan neier ûndersyk nei de Malaitadwerchiisfûgel dat dat dochs net in selsstannige soarte wie, mar ynstee in ûndersoarte fan 'e Guadalcanaldwerchiisfûgel (Ceyx nigromaxilla), dy't foarkomt op Guadalcanal, in oar eilân yn 'e Salomonseilannen. Sa ferlear de Malaitadwerchiisfûgel nei seis jier wer de status fan soarte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |