Boerûdwerchiisfûgel
| Boerûdwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx cajeli | ||||||||||||
| Wallace, 1863 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Boerûdwerchiisfûgel (Ceyx cajeli) is in lyts fûgeltsje yn it skaai dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e Ceyx lepidus beskôge en guon dogge dat noch jimmeroan. Lykas in grut oantal oare soarten yn it gebiet wurdt de fûgel nei in genetyske stúdzje hjoed-de-dei as in aparte soarte behannele.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 14 sm lange fûgel is in lyts, kleurryk fûgeltsje mei in opfallend felblauwe streek oer de rêch, stút en sturt. De mantel, nekke, kop en wjukken binne swartblau. De snaffel is helderread. It boarst en de búk binne oranje en de kiel is wyt. De kroan fan 'e kop hat lytse blauwe spikkels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op it Súd-Molukske eilân Boerû, dêr't de fûgel yn 'e bosken foarkomt en minder by wetter te sjen is as oare iisfûgelsoarten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boerûdwerchiisfûgel hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrfandinne bestiet de kâns op útstjerren. De hiele populaasje waard yn 2022 op 4000 oant 10.000 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne troch feroarjend lângebrûk en it kappen fan beammen yn 'e legere dielen fan 'e reinwâlden. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as hast bedrige (NT) op 'e Reade list klassifisearre.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e fûgel (cajeli) ferwiist nei it plak Kajeli op it eilân Boerû.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
