Azueriisfûgel
| Azueriisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx azureus | ||||||||||||
| Ramsay, 1884 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De azueriisfûgel (Ceyx azureus) is in fûgel yn it skaai fan de dwerchiisfûgels (Ceyx) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae)
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Azueriisfûgel binne 17 oant 19 cm lang. De fûgel hat in oranjekleurich boarst en búk en hat djipblauwe boppedielen. By it ear rint in wite streek nei de nekke. Tusken it each en de snaffel hat de soarte in wyt oant gielich plak. De snaffel is swart en de poaten binne read.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e soarte binne sân ûndersoarten bekend:
- Ceyx azureus affinis (Gray, 1861): noardlike Molukken.
- Ceyx azureus yamdenae (Rothschild, 1901): Romang en Tanimbar.
- Ceyx azureus lessonii (Cassin, 1850): westlik, súdlik en súdeastlik Nij-Guineä en de D'Entrecasteaux-eilannen.
- Ceyx azureus ochrogaster (Reichenow, 1903): noarden en noardeasten fan Nij-Guineä.
- Ceyx azureus ruficollaris (Bankier, 1841): Noard-Austraalje.
- Ceyx azureus azureus: East- en Súdeast-Austraalje.
- Ceyx azureus diemenensis (Gould, 1846): Tasmaanje.
De azueriisfûgel libbet yn bosk, mangroves en tichte strewellen by it wetter oant 1200 m boppe de seespegel.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels grave harren nêsten yn iggen fan wetters, en dat kinne rivierkes, sompen en dobben wêze. De iisfûgels ite lytse fiskjes, skaaldieren, wetterkrobben, spinnen, imerkes en lytse kikkerts. Se binne dreech waar te nimmen, oant er fan syn sitplak oer it wetter sjit.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de soarte yn oantal ôfnimt, is it grutte ferspriedingsgebiet foar de IUCN genôch om de fûgel te klassifisearjen as net bedrige (LC) op 'e Reade list. Beide âlders briede de aaien yn 20 oant 22 dagen út en fuorje de jonge fûgels noch oant fiif wiken. Troch wetterfersmoarging en it útsetten fan 'e karper (Cyprinus carpio) dy't it wetter grûnich makket, rinne de oantallen fan 'e soarte tebek.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
