Cettisjonger
| Cettisjonger | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cettia cetti | ||||||||||||
| Temminck, 1820 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel briedfûgel wintergast |
De Cettisjonger (Cettia cetti) is in lytse, brune sjonger út de famylje fan 'e Cettiidae, dy't briedt yn súdlik en westlik Jeropa, noardwestlik Afrika en it eastlik Paleärktysk gebiet oant yn Afganistan en noardwestlik Pakistan. De skaaien lykje op inoar. De fûgel is ferneamd nei de 18e-iuwske Italjaanske biolooch Francesco Cetti. It is in skruten fûgeltsje en dêrom is er faak dreech te sjen. Cettisjongers litte lykwols wol fan har hearre mei in lûde sang.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Cettisjonger is likernôch 13–14 sm lang fan snaffel oant sturt. It mantsje weaget 15 g en it wyfke 12 g. De Cettisjonger hat in rûne kop mei in smelle, ljochtgrize streek, dy't boppe de opfallende swarte eagen bûget, en koarte, rûne wjukken. De boppekant is kastanjebrún of donker readbrún; de kiel en it boarst binne ljocht griisbrún. De sturt is langer en breder as by in soad oare sjongers. De skaaien hawwe in ferlykber fearrekleed, mar mantsjes binne 26% oant 32% swierder as wyfkes en hawwe wjukken dy't 11,2% oant 13% langer binne. It mantsje hat in wjuk fan mear as 60 mm; it wyfke hat in wjuk fan minder as 55 mm. Troch harren fearrekleed kin de fûgel op âldens rûsd wurde; juvenilen lykje op folwoeksenen, mar hawwe in fris fearrekleed en twa donkere of donkergrize plakken op 'e tonge. De Cettisjonger is bysûnder ûnder sjongfûgels om't er tsien sturtfearren hat ynstee fan 'e wenstige tolve.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cettisjonger bewennet ornaris tichte, strewelrike fegetaasje yn fochtige gebieten tichtby fivers, marren, sompen of rivieren. Yn hiel Jeropa is it oantal Cettisjongers sûnt 1990 sterk tanommen. De hjoeddeiske populaasje yn Jeropa wurdt op sa'n 600.000 oant 1.600.000 briedpearkes rûsd. De populaasjes yn Itaalje en Turkije binne stabyl of tanimmend. De útsûndering op 'e algemiene positive trend yn Jeropa is Grikelân, dêr't de populaasje tusken 1990 en 2000 wat efterút gie.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de útwreiding fan 'e soarte waard ek Nederlân kolonisearre. De fûgel waard foar it earst yn 1968 waarnommen en yn 1973 briede de Cettisjonger foar it earst mei wissichheid. Ynearsten like it goed te gean mei de soarte yn Nederlân, mar nei in pear strange winters yn 1979 en 1985 folge in delgong. De kjeld krong dêrby yn ferskate winters troch oant djip yn Súd-Jeropa, it oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e soarte. Sûnt 2005 folge in nije kolonisaasje en de oantallen namen rap ta yn it súdwesten fan it lân. Dêrnei folge in kolonisaasje yn nije gebieten lykas ek de Waadeilannen. De measte Cettisjongers binne te finen yn 'e reidgebieten fan 'e lege dielen fan ús lân mei bolwurken lykas de Biisbosk, de Siuwske delta en de Oostvaardersplassen. Yn 2023 waard de briedpopulaasje op 5300 oant 6300 (2023). Yn Nederlân is de Cettisjonger in stânfûgel.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cettisjonger waard yn 1820 beskreaun troch de Nederlânske biolooch Coenraad Jacob Temminck op basis fan eksimplaren dy't sammele wiene troch Alberto della Marmora op Sardynje. Temminck joech de fûgel de binominale namme Sylvia cetti. De soartnamme waard keazen ta neitins fan 'e Italjaanske biolooch Francesco Cetti. De Cettisjonger wurdt no pleatst yn it skaai Cettia, dat yn 1834 oprjochte waard troch de Frânske ornitolooch Charles Lucien Bonaparte, in omkesizzer fan Napoleon, mei de Cettisjonger as typesoarte.
De fylogenetyske relaasjes tusken de Cettia-soarten binne as folget, basearre op gegevens fan it Cornell Lab of Ornithology:
Der wurde trije ûndersoarten erkend:
- C. c. cetti (Temminck, 1820) – westlik Jeropa oant Grikelân en de Balkan, noardwestlik Afrika.
- C. c. orientalis (Tristram, 1867) – Turkije oant Iran en Afganistan.
- C. c. albiventris (Severtsov, 1873) – Kazakstan en Turkmenistan oant noardwestlik Sina en noardlik Afganistan.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de simmer besteegje de mantsjes it measte fan harren tiid oan it ôfbakenjen fan harren territoarium. Dêrby hawwe se net folle tiid foar it fersoargjen fan aaien of jongen. Dêrnei besykje de mantsjes yn 'e regel mear as ien wyfke nei harren territoarium te lokken. Harren sang spilet dêrby in wichtige rol.
Yn Jeropa is de haadperioade foar it lizzen fan aaien fan healwei april oant ein juny. It nêst wurdt yn tichte fegetaasje boud, meastal op sa'n 30 oant 45 sm boppe de grûn. It sleauwige, bekerfoarmige nêst is makke fan blêd en stâltsjes en beklaaid mei fearkes, hier en oar fyn materiaal. It wurdt folslein troch it wyfke boud. De aaien wurde yn 'e iere moarn mei tuskenskoften fan in dei lein en binne kastanjebrún fan kleur. It lechsel bestiet út 4 oant 5 aaien fan likernôch 18,0 mm × 13,9 mm. De aaikes wurde troch it wyfke bebret en komme nei 16 oant 17 dagen út. De jongen wurde benammen troch it wyfke fuorre en fersoarge. Se fleane nei 14 oant 16 dagen út, mar wurde noch teminsten 15 dagen troch de âlders fuorre. Nei 30 dagen binne de jongen selsstannich. Yn Jeropa hawwe Cettisjongers ornaris twa lechsels per jier. Se briede foar it earst as se ien jier âld binne.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cettisjonger yt ynsekten lykas lytse, sêfte ynsekten en larven. Cettisjongers hawwe in foarkar foar lytse ynsekten om't se dy flugger fertarre kinne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fûgeltsje hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beöardiele. De soarte wurdt dêrom troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd tusken 9.070. 000 oant 14.600.000 folwoeksen fûgels (2019).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Cettisjonger
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Ierlân

