Do-skoet
| do-skoet | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Cepphus columba | ||||||||||||
| Pallas, 1811 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De do-skoet (Cepphus columba) is in fûgel út de famylke fan alkfûgels (Alcidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De do-skoet is in middelgrutte fûgel fan 30 oant 37 sm. De soarte is yn it simmerkleed foar in grut part swart mei wite wjukdeakfearren. De wjukken binne ûnder griis en de snaffel is lang en smel en hy hat reade poaten. Winterdeis sjocht de fûgel der hiel oars út en is er wyteftich mei donkere dielen op it bealchje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Do-skoeten komme oan 'e noardlike Pasifyske kusten foar. Yn Japan en Meksiko wurdt de fûgel allinne winterdeis sjoen en yn Kanada komt de fûgel as trekfûgel foar. De soarte is it hiele jier troch yn dielen fan de Feriene Steaten en Sibearje te sjen. Do-skoeten wurde yn fiif [ûndersoarte]]n ferdield:
- Cepphus columba snowi: Koerilen (guon behannelje de snowi as in aparte soarte).
- Cepphus columba kaiurka: fan 'e Komandorski-eilannen oant de westlik-sintrale Aleoeten.
- Cepphus columba columba: fan noardeastlik Sibearje oant de Beringsee en westlik Alaska.
- Cepphus columba adiantus: fan 'e sintrale Aleoeten súdlik oant Washington.
- Cepphus columba eureka: Oregon en Kalifornje.
It habitat bestiet út de rotseftige kusten oan 'e noardike Stille Oseaan en is meast by ûndjipper kustwetter fan minder as 50 m oantroffen. Hy wurdt selden fier it lân yn sjoen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Se dûke om te jeien op fiskjes en wringeleazen. Yn 'e regel briede se yn lyste groepen fan minder as 50 fûgels op kliffen, faak by ûndjip wetter. Nêsten sitte in holte of in spjalt. De soarte is monogaam en hy bliuwt sels bûten de briedtiid by de koloanje, alhoewol't fûgels yn Alaska en Kalifornje resp. nei it suden en noarden trekke.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1993 waard de grutte fan 'e populaasje op 235.000 fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (LC, 2018) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

