Springe nei ynhâld

Grutte Madagaskargoes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Centrornis)
Grutte Madagaskargoes

Bonken fan 'e grutte Madagaskargoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Ansariformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaigrutte Madagaskarguozzen
(Centrornis) Andrews, 1897
soarte
† Centrornis majori
Andrews, 1897
útstoarn

De grutte Madagaskargoes (Centrornis majori) is in útstoarne fûgelsoarte út de famylje einfûgels (Anatidae).

De soarte waard yn 1897 troch Charles William Andrews oan 'e hân fan subfossile resten út de samling fan 'e soölooch Charles Immanuel Forsyth Major beskreaun, dy't in Sintraal-Madagaskar by Antsirabe ûntdutsen binne. Andrews koe de foarse langpoatige healgoes lykwols net oan in bekend fûgelskaai tawize en fierde dêrom de monotypyske centornis yn.

Mei help fan in koalstofdatearing koe fêststeld wurde dat de subfossilen likernôch 17.000 jier âld wiene.

Madagaskarguozzen wiene relatyf grutte einfûgels. De soarte hat oerienkomsten mei de kaamein, mar se wiene grutter en hiene langere poaten. Se wiene grutter en hiene langere poaten. De soarte wie ek folle grutter as de lytse Madagaskargoes (Alopochen sirabensis) en syn knokkels oan 'e wjukken brûkte de fûgel nei alle gedachten om him yn 'e briedtiid tsjin rôfdieren te warjen. It bist rûn nei alle gedachten yn ûndjip wetter yn stee fan dat er swom.

Oannommen wurdt dat de fûgel noch oant de 14e of 15e iuw libbe hat. De soarte is nei alle gedachten troch natuerlike ferdrûging op it eilân en jacht troch de bewenners fan it eilân útstoarn.

De wittenskiplike namme ferwiist nei de ûntdekker Charles Immanuel Forsyth Major, dy't in soad subfossilen út Sintraal-Madagaskar nei it Britsk Museum stjoerde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: