Centraal Israëlitisch Weeshuis
Centraal Israëlitisch Weeshuis | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
It Centraal Israëlitisch Weeshuis oan de Nieuwegracht (2014) | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Nieuwegracht | |
koördinaten | 52° 5′ N, 5° 7′ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Weeshûs | |
boujier | 1884 | |
arsjitekt | Albert Nijland | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0344/1335 | |
kaart | ||
It Centraal Israëlitisch Weeshuis yn Utert wie in lanlik weeshûs foar Joadske bern fan seis jier ôf. It pân oan de Nieuwegracht waard op 1 augustus 1871 iepene. It stie doe noch bekend as "Onder De Linden" mei wykhûsnûmer A 923. Der wennen ek ferskate heale wezen, dy wiene opnommen omdat harren âlders net (mear) foar har soargje koe. Sy koene hjir oant harren 21ste jierdei bliuwe en krigen in oplieding.
Om 1884 hinne makke de arsjitekt Albert Nijland in nij ûntwerp foar it weeshûs.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 septimber 1940 bepaalde de besetter dat Dútske flechtlingebern dy't âlder wiene as fyftjin jier net yn it kustgebiet wenje mochten. De bern yn it Joadsk weeshûs yn De Haach moasten dizze ynstelling ferlitte. De measte bern kamen nei it Centraal Israëlitisch Weeshuis yn Utert. Yn it begjin fan 1942 hie it weeshûs sa'n fjirtich pupillen, tsien fersoargers en tritich gastbern dy't nei de Kristallnacht út Dútslân flechte wiene.
De út Dútslân flechte bern waarden yn febrewaris 1942 troch de Dútsers nei Kamp Westerbork deportearre. Yn oktober 1942 moasten alle restearjende bern en it folsleine weeshûs fuort. De direksje fan it weeshûs bestie út Bernard Salomon Themans en Judikje Themans-Simons. Hja krigen de gelegenheid om út te naaien, mar keazen by de bern te bliuwen. Dizze bern ferhuzen earst nei in weeshûs yn Amsterdam, en yn 1943 waarden ek hja nei Westerbork deportearre. Dêrwei giene se op transport nei East-Europa. Op in inkeling nei waarden se allegearre fermoarde yn de konsintraasjekampen.
Nei de kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldkriich waard it gebou brûkt troch ferskate soarchynstellingen. Oant 1999 wie der in ôfdieling fan it Wilhelmina Kinderziekenhuis. Yn it foarste part fan it pân sit sûnt it Leger des Heils. Sûnt 2001 is it achterste part, mei ûnder oare de synagoge op de earste ferdjipping, eigendom fan de Liberaal Joadske Stifting Merkaz.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|