Cayennewilster
| Cayennewilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Hoploxypterus cayanus | ||||||||||||
| Latham, 1790 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Cayennewilster (Hoploxypterus cayanus) is in fûgel yn it monotypyske skaai Cayennewilsters (Hoploxypterus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De namme fan 'e fûgel ferwiist nei Cayenne, in stêd yn Frânsk-Guyana dêr't de fûgel ek foarkomt.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Cayennewilster hat in swart-wite tekening mei brúngrize wjukken, helderreade poaten en in reade eachring. Boppe op 'e rêch hat er in swarte tekening yn 'e foarm fan in V. It is in middelgrutte fûgel fan likernôch 22 sm lang. De fûgel waard eartiids assosjearre mei ljippen, mar syn relatyf lytse formaat en syn oanwenst om hurd te rinnen en ynienen te stopjen om in proai te pikken makket fan him earder in wilster as in ljip.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cayennewilster libbet oan sânige of dridzige iggen fan marren en rivieren yn it noardlike diel fan Súd-Amearika mei in ferspriedingsgebiet dat Brazylje, Bolivia, Paraguay, Perû, Kolombia, Ekwador, Fenezuëla, Guyana, Suriname en Frânsk-Guyana beslacht.
Der is net in soad bekend oer syn trek, mar de fûgel liket ôfhinklik fan 'e reintiid te migrearjen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se ite fral ynsekten en slakken mar binne ek waarnommen mei in kreeft yn harren snaffel, alhoewol't it net dúdlik is oft se dy ek opieten. Yn Brazylje is sjoen dat de fûgel ek skorpioenen yt.
De soarte briedt yn july, alhoewol't der regionaal ferskillen binne. It nêst leit yn in ûndjip kûltsje en de aaien lizze fuort op 'e neakene grûn. As se it nêst ferlitte wurde de aaikes mei sân oerdutsen om se te beskermjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels rûsd (2023).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Cayennewilster
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
