Catskillberchtme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Catskill-berchtme)
Catskillberchtme
  berchtme
Utsjoch oer Slide Mountain mei oanbuorjende toppen.
Utsjoch oer Slide Mountain mei oanbuorjende toppen.
geografy
diel fan Appalachen
lân Feriene Steaten
steat New York (steat)
sifers
oerflak 15.259 km²
lingte 179 km (noard-súd)
breedte 164 km (east-west)
heechste punt Slide Mountain
hichte 1.270 m
geology
yndieling middelberchtme
âldens 420–323 miljoen jier
stiensoarte sedimintêr stiente
kaart
Catskillberchtme (New York)
Catskillberchtme
Lizzing yn New York.

It Catskillberchtme (Ingelsk: the Catskill Mountains of koartwei the Catskills) is in berchtme yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat New York, dat ûnderdiel útmakket fan 'e folle gruttere berchkrite fan 'e Appalachen. It is in ôfsliten berchtme mei as heechste top Slide Mountain, mei in hichte fan 1.270 m. It gebiet is bekend yn 'e kultuer fan 'e Feriene Steaten om't it deunby de rivier de Hudson leit en yn 'e njoggentjinde iuw sadwaande in favoryt ûnderwerp wie fan 'e Hudsonrivierskoalle fan keunstskilders. Mids tweintichste iuw wie it simmerdeis de favorite fakânsjebestimming fan in 'e begoedige klassen út 'e stêd New York.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme "Catskill" ferwiist nei it deadzjen fan in proai troch katten. De namme waard foar it earst dokumintearre op 'e lânkaart fan Nicolaes Visscher fan 'e Steatske WIC-koloanje Nij-Nederlân út 1656, dêr't de krite oan 'e mûning fan 'e Catskill Creek op oanjûn stiet as Landt van Kats Kill. Wêrom't it gebiet sa neamd waard, is net alhiel dúdlik, mar it is bekend dat dêrsanne doe noch poema's foarkamen, dat mooglik is it nei dy kateftigen ferneamd.

In lânkaart fan in diel fan 'e noardeastlike Appalachen. It Catskillberchtme is oanjûn mei in C.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Catskillberchtme leit yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat New York, dêr't it fierhinne it hiele grûngebiet beslacht fan 'e countys Delaware, Greene, Schoharie, Sullivan en Ulster, mei dêropta dielen fan súdwestlik Albany County, eastlik Broome County, noardwestlik Orange County en súdlik Otsego County. Al mei al beslacht it berchtme in oerflak fan 15.259 km², hoewol't yn it deistich spraakgebrûk mei "de Catskills" faak inkeld ferwiisd wurdt nei it Catskillpark, in diel fan it beskerme Wâldreservaat fan New York mei in oerflak fan 2.800 km². It heechste punt fan 'e Catskills wurd foarme troch Slide Mountain, mei in hichte fan 1.270 m

It Catskillberchtme is eins mear in plato as in echt berchtme. It makket diel út fan it gruttere Alleghenyplato. Dat is wer in diel fan 'e Appalachen, in folle grutter berchtme dat fan Georgia, yn it Amerikaanske Suden, alhiel oant yn 'e Kustprovinsjes fan Kanada rikt. Oan 'e eastkant begjint it Catskillberchtme op frijwat dramatyske wize mei de Catskill Escarpment, in rotswand dy't hommels opriist út 'e Delling fan 'e Hudson. Yn it westen sakje de Catskills stadichwei yn ta de hichte fan 'e rest fan it Alleghenyplato. Der bestiet gjin oerienstimming oer de krekte ôffredings fan it Catskillberchtme oan 'e noard- en súdkant. Yn it súdwesten geane de Catskills oer yn 'e Pocono's, wat geologysk sjoen eins persiis itselde berchtme is, mar geografysk sjoen oarekant de grins mei Pennsylvania leit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e njoggentjinde iuw foarme it lânskip fan it Catskillberchtme in favoryt ûnderwerp foar keunstskilders fan 'e Amerikaanske Husonrivierskoalle. Foarbylden fan sokke skilderijen kinne fûn wurde mank it wurk fan û.o. Thomas Cole, William Henry Bartlett, Sanford Robinson Gifford en Asher Brown Durand. De lânskipsskientme loek ek al ier toeristen nei it gebiet. It Catskill Mountain House wie in ferneamd hotel yn it gebiet, dat yn 1824 boud waard yn 'e neite fan Palenville, dêr't it útseach oer de Delling fan 'e Hudson. Gasten dy't dêr ferbleaune, wiene û.o. de Amerikaanske presidinten Ulysses S. Grant, Chester A. Arthur en Theodore Roosevelt.

Utsjoch op it Catskillberchtme, oan 'e hoarizon, út 'e Delling fan 'e Hudson wei.

Mids tweintichste iuw ûntjoegen de Catskills har ta de favorite bestimming yn 'e simmerfakânsje foar lju út 'e begoedige maatskiplike klassen yn New York-Stêd. Der waarden withoefolle hotel-resorts boud, dy't yn 'e folksmûle mei-inoar de Borscht Belt ("Borsjtgurdle") neamd waarden. Begoedige lju út New York wiene ntl. foar in grut diel Joaden dy't oarspronklik út East-Jeropa kamen, en har eigen iterij (lykas de Russyske koalsop borsjt) meinamen. Yn 'e resorts fan 'e Borscht Belt krigen ûntelbere jonge komiken (lykas Rodney Dangerfield, Jackie Mason en Don Rickles) de kâns om op te treden en har fak te learen. In priuwke fan hoe't dat dêr doe om en ta gie, kin men krije troch de film Dirty Dancing (1987) te sjen, dy't him ôfspilet yn in resort yn it Catskillberchtme (al is de film eins opnommen yn Noard-Karolina en Firginia, om't mids 1980-er jierren de measte resorts fan 'e Borscht Belt al opdoekt wiene).

Fan 15 oant en mei 18 augustus 1969 waard yn in greide by Bethel, yn it Catskillberchtme, it ferneamde muzykfestival Woodstock holden. In line-up fan 32 artysten en bands loek in publyk fan mear as 500.000 minsken. Op it plak dêr't dat barde, stiet no it Bethel Woods Center for the Arts.

Tsjintwurdich komme toeristen fral yn 'e Catskills foar fakânsje-aktiviteiten as kampearjen, raften op 'e rivieren, mountainbiking en kuierjen op 35 km oan spesjaal dêrfoar oanleine paden, en, winterdeis, skyen op 'e fiif skypystes dy't it gebiet ryk is. Fan 1937 oant en mei 1971 waard der ek skânssprongen yn it gebiet, op in lokaasje op 'e Joppenbergh Mountain.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.