Springe nei ynhâld

Catherine O'Hara

Ut Wikipedy
Catherine O'Hara
akteur
Catherine O'Hara (2024)
Catherine O'Hara (2024)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCatherine Anne O'Hara
nasjonaliteit Amerikaansk
Kanadeesk
berne4 maart 1954 flagge fan Kanada
berteplakToronto
stoarn30 jannewaris 2026 flagge fan de Feriene Steaten
stjerplakLos Angeles
etnisiteit Iersk
jierren aktyf1975-2026

Catherine Anne O'Hara (Toronto, Kanada, 4 maart 1954 - Los Angeles, Feriene Steaten, 30 jannewaris 2026) wie in Kanadeesk-Amerikaansk aktrice fan iersk komôf.

O'Hara kaam út in grutte Ierske katolike famylje. Se begûn har aktearkarriêre yn 1974 as lid fan teätergroep "The Second City" yn Toronto. Se wie in understudy foar Gilda Radner, oant se de groep ynruile foar de show "Saturday Night Live". Twa jier letter wurke se foar de telefyzjesearje "SCTV", dy't betocht wie troch "The Second City".

Yn har karriêre hat se yn in soad films spile, wêrûnder After Hours (1985) fan Martin Scorsese en yn trije films fan Tim Burton, Beetlejuice (1988) The Nightmare Before Christmas (1993) en Beetlejuice Beetlejuice (2024). Se fertolke de rol fan "Kate McCallister" yn de earste twa Home Alone-films, Home Alone (1990) en Home Alone 2: Lost yn New York (1992). Fan 2015 oant 2020 spile se "Moira Rose" yn de Kanadeeske sitcom Schitt's Creek.

O'Hara is ta Amerikaanske naturalisearre, mar behold dêrneist ek de kanadeeeske nasjonaliteit en boaske yn 1992 mei de regisseur Bo Welch mei wa't se twa soannen krige. Har suster Mary Margaret O'Hara is singer-songwriter.

Catherine O'Hara ferstoar op 30 jannewaris 2026 yn 'e âldens fan 71 jier nei in koart siik wêzen.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1980 Nothing Personal Audrey
Deadly Companion Judith
1983 Rock & Rule Aunt Edith Stimme
1985 After Hours Gail
1986 Heartburn Betty
1988 Beetlejuice Delia Deetz
1990 Dick Tracy Texie Garcia
Betsy's Wedding Gloria Henner
Home Alone Kate McCallister
Little Vegas Lexie
1992 There Goes the Neighborhood Jessica Lodge
Home Alone 2: Lost in New York Kate McCallister
1993 The Nightmare Before Christmas Sally Stimme
1994 The Paper Susan
Wyatt Earp Allie Earp
A Simple Twist of Fate April Simon
1995 Tall Tale Calamity Jane
1996 Waiting for Guffman Sheila Albertson
The Last of the High Kings Cathleen
1997 Pippi Langhoas Mrs. Prysselius Stimme
1998 Home Fries Beatrice Lever
1999 The Life Before This Sheena
Bartok the Magnificent Ludmilla Stimme
2000 Best in Show Cookie Fleck
Edwurd Fudwupper Fibbed Big Lorna Mae Loon Stimme
2001 Speaking of Sex Connie Barker
2002 Orange County Cindy Beugler
2003 A Mighty Wind Mickey Crabbe
2004 Surviving Christmas Christine Valco
Lemony Snicket's A Series of Unfortunate Events Justice Strauss
2005 Game 6 Lillian Rogan
Chicken Little Tina Stimme
2006 Over the Hedge Penny
Monster House Mrs. Walters
Brother Bear 2 Kata Stimme
Penelope Jessica Wilhern
For Your Consideration Marilyn Heck
Barbie in the 12 Dancing Princesses Rowena Stimme
2009 Away We Go Gloria Farlander
Where the Wild Things Are Judith Stimme
2010 Killers Mrs. Kornfeldt
2011 A Monster in Paris Madame Carlotta Stimme
2012 Frankenweenie Susan Frankenstein
Gym Learares
Frjemd famke
2013 A.C.O.D. Melissa
The Right Kind of Wrong Tess
2014 When Marnie Was There Old Marnie Stimme
2019 The Addams Family Grandma Frump Stimme
2020 Canada Far and Wide Ferteller
2021 Extinct Alma Stimme
Back Home Again Mayor Owl Stimme
2023 Elemental Brook Ripple Stimme
Pain Hustlers Jackie Drake
2024 Argylle Ruth
Beetlejuice Beetlejuice Delia Deetz
The Wild Robot Pinktail Stimme
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:EN