Springe nei ynhâld

Lydekkerkasuaris

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Casuarius lydekkeri)
Lydekkerkasuaris
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkasuariseftigen (Casuariiformes)
famyljekasuarisfûgels (Casuariidae)
skaaikasuarissen (Casuarius)
soarte
† Casuarius lydekkeri
Rothschild, 1911
útstoarn

De lydekkerkasuaris of Lydekkers kasuaris (Casuarius lydekkeri) wie in kasuarissoarte, dy't yn it lette pleistoseen útstoar. De fûgel is allinnich fan fossilen bekend.

De fossilen dy't by de beskriuwing fan 'e soarte yn 1911 brûkt waarden binne neffens de tradysje yn 'e Wellingtongrotten fûn yn Nij Súd Wales, Austraalje. Yn âldere boarnen wurde dy fynsten oan it Nij-Seelânske Wellington ferbûn. De eksakte oarsprong en komôf fan dy earste fynsten binne ûnwis en in bliuwend ûnderwerp fan diskusje. Letter binne fynsten fûn út it lette Pleistoseen yn 'e sompen fan Pureni op Papoea Nij-Guineä.

De fossilen binne fragmintarysk en der is gjin kompleet skelet fan 'e lydekkerkasuaris. De besteande fossilen ferwize dúdlik nei in kasuaris, in grutte rinfûgel sûnder fleanfermogen en besibbe oan 'e besteande kasuarissen. De bonkjes binne lytser as dy fan 'e moderne soarten en dêrfandinne wurdt de soarte ek wol pygmeekasuaris neamd.

Twa belangrike publikaasjes oer de fossilen datearje fan 1962 en 1988. Ut ûndersyk fan 1962 troch A.H. Miller ("The history and significance of the fossil Casuarius lydekkeri") hat dúdlik bliken dien dat it om in kasuaris giet en net om in emoe. Dêrnjonken konkludearre Miller ek dat de komôf fan 'e Wellingtonfossilen ûnwis is.[1]

Yn in twadde ûndersyk út 1988 fan P.V. Rich, Michael Plane, N. Schroeder ("A pygmy cassowary (Casuarius lydekkeri) from late Pleistocene bog deposits at Pureni, Papua New Guinea") waard konkludearre dat de fossilen út Pureni, Papoea Nij-Guineä in soad lykje op it typemateriaal fan C. lydekkeri. Se ferskille fan 'e noch libjende soarten en se beskôgje de C. lydekkeri (lykas bekend út de âldere fossilen) as in jildige namme, mar misse foldwaande materiaal om út te meitsjen of it om in aparte soarte giet of in fragmintearre diel fan in ûndersoarte fan besteande soarten.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A.H. Miller: Records of the Australian Museum, 1962
  2. P.V. Rich, Michael Plane, N. Schroeder: A pygmy cassowary (Casuarius lydekkeri) from late Pleistocene bog deposits at Pureni, Papua New Guinea, 1988, side 377-389

Sloch foar oare boarnen en:Casuarius lydekkeri