Springe nei ynhâld

Cast Away

Ut Wikipedy
Cast Away
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurRobert Zemeckis
produsintSteve Starkey
Tom Hanks
Robert Zemeckis
Jack Rapke
senarioWilliam Broyles jr.
kamerarezjyDon Burgess
muzykAlan Silvestri
filmstudio20th Century Fox
DreamWorks Pictures
ImageMovers
Playtone
distribúsje20th Century Fox (Noard-Am.)
DreamWorks Pictures (ynternasj.)
spilers
haadrollenTom Hanks
byrollenHelen Hunt
Nick Searcy
Vince Martin
Chris Noth
Lari White
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre22 desimber 2000
foarmlangspylfilm
sjenredramafilm
taalIngelsk
spyltiid143 minuten
budget en resultaten
budget$90 miljoen
opbringst$429,6 miljoen
prizen1 × Golden Globe
1 × Grammy Award

Cast Away is in Amerikaanske dramafilm út 2000 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrol Tom Hanks. De titel is dûbelsinnich, mei't castaway (oaninoar skreaun) it Ingelske wurd is foar "skipbrekling", wylst "cast away" (net oaninoar skreaun) letterlik "fuortsmiten" betsjut. It ferhaal folget Chuck Noland, in probleme-oplosser foar de Amerikaanske koerierstsjinst FedEx. Dyselde komt fêst te sitten op in ûnbewenne eilân yn 'e Stille Súdsee nei't syn fleantúch delstoart is. As rêding net liket te kommen, leit er him derop ta om te learen en oerlibje op it eilân. Jierren letter, wannear't de mooglikheid dêrta him einlings foardocht, besiket Noland op wanhopige wize fan it eilân te ûntkommen. Cast Away krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Golden Globe en in Grammy Award.

In wurknimmer fan 'e Amerikaanske koerierstsjinst FedEx hellet by in boerespultsje op 'e romte yn 'e Teksaanske Panhandle in pakje op by Bettina Peterson, in keunstneresse dy't mei metaal wurket. Heech boppe de hommeiepeallen hat se ien fan har keunstwurken montearre yn in heale bôge, mei oan wjerskanten de foarnammen fan harsels en har man, Dick en Bettina. Har pakketsje wurdt neitiid folge op syn reis nei Moskou, dêr't Dick Peterson ûnderwilens mei in oare frou omslacht.

Chuck Noland is in systeemanalist dy't foar FedEx de hiele wrâld ôfreizget om produktiviteitsswierrichheden op te lossen. Hy wennet gear yn Memphis (Tennessee) mei syn freondinne Kelly Frears. Se tinke deroer om te trouwen, mar Noland syn healwize wurktiden en lange skoften fan ôfwêzigens binne datoangeande in stean-yn-'e-wei. Mei de kryst fan 1995 is Noland even thús foar de feestdagen, mar ûnder it krystdiner mei syn famylje wurdt er fia syn piper alwer oproppen om in probleem op te lossen yn Maleizje. Kelly bringt him nei it fleanfjild, dêr't er har foar syn ôfreis by wize fan krystkado in lyts doaske jout fan it soarte dêr't ornaris in trouring yn sit. Kelly is te senuweftich om it iepen te meitsjen, dat se prate ôf dat se it bewarje sil oant Noland mei âld en nij wer thús is, en dat se dan fierder sjen sille.

It FedEx-frachtfleantúch dêr't Noland op meireizget nei Maleizje wurdt boppe de midden fan 'e Stille Oseaan oerfallen troch in stoarm mei ekstreem hurde wyn, tonger en wjerljocht en reuseftige hoemannichten delslach. Boppe Frânsk-Polyneezje rekket de bemanning, dy't bestiet út fjouwer yn ploegen fan twa wurkjende piloaten, it kontakt mei de loftferkearslieding yn Papeete kwyt. Om 'e stoarm te ûntrinnen wurdt besletten om út te wiken nei it suden en te besykjen om 'e stoarm hinne te fleanen. Dat slagget net. Yn it needwaar reitsje de piloaten de kontrôle oer it fleantúch kwyt, dat delstoart yn iepen see.

Noland is de iennichste dy't, mear troch lok as wiisheid, út it fleantúch wit te kommen. Hy hat in rubberen rêdingsflot by him dat út himsels opblaasd wurdt, mar by de ûntsnapping út it yn twaen brekkende, sinkende fleantúch bliuwt de koarde fan 'e byhearrende needlokaasjestjoerder efter in skerpe metalene râne heakjen en skuort los. De hiele nacht wurdt Noland yn syn flot op en del smiten en oerspield troch weagen fan tsientallen meters heech. Tsjin 'e moarn belunet de stoarm en falt er úteinlik fan klearebare útputting yn 'e sliep. As er by ljochtskyndei wer wekker wurdt, is er oanspield op it strân fan wat in ûnbewenne eilân blykt te wêzen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e rin fan 'e folgjende dagen spiele in stik as tsien pakketsjes út it frachtfleantúch oan, en teffens it stoflik omskot fan Al Miller, ien fan 'e piloaten. Noland begraaft Miller troch mei de peddel fan it rêdingsflot in gat yn it sân fan it strân te graven. De pakjes bewarret er earst om't it foar in oprjochte pakketbesoarger fansels tsjin alles yngiet om pakketten dy't er op 'e noed hat te iepenjen. Mar as er nei in pear dagen hast fan honger en toarst krepearret, komt it net mear sa krekt en brekt er se ien foar ien iepen om te sjen oft der wat brûkbers yn sit. De measte pakketsjes befetsje spul dat weardeleas is foar ien yn syn sitewaasje, lykas skiedingspapierren en in follybal, mar in pear keunstredens foarsjogge Noland fan 'e iennichste dingen dêr't er oer beskikt mei in skerpe metalene snijrâne, en in famkesjurk hat in laach fan trochsichtige stof dy't er brûke kin om in provisoarysk fisknet yninoar te nifeljen. It lêste pakket, dêr't in pear goudene ingelwjukken op printe binne, lit er lykwols tichtsitte.

Op it eilân wit Noland genôch iten te finen yn 'e foarm fan fisken en krabben yn 'e lagune en kokos út 'e kokosnuten dy't oer it hiele eilân oan kokospalmen groeie. Yn 't earstoan drinkt er inkeld kokosmolke út 'e nuten, oant er ûntdekt dat dat in natuerlik laksearjend middel is. Neitiid begjint er drinkwetter op te fangen as it reint, wat it hast eltse dei wol in kear docht. Beskûl tsjin waar en wyn fynt er yn lytse grot yn 'e neite fan it strân. Wannear't er op in nacht yn 'e fierte it ljochtsje fan in passearjend skip gewaar wurdt, besiket er de oare moarns daliks al peddeljend yn it rêdingsflot it eilân te ferlitten, mar de hege weagen fan 'e brâning smite him werom op it koraalrif om 'e lagune hinne, wêrby't it rêdingflot op it skerpe koraal lekpript wurdt en Noland sels in in aaklike wûne oan syn bil oprint.

Letter stekt er him by it op primitive wize oanmeitsjen fan syn earste fjurke ek noch yn 'e hân mei de skerpe útein fan in ôfbrutsen tûke. Yn razernij dy't út frustraasje berne wurdt, begjint er dan mei dingen te smiten, wêrûnder ferskate foarwerpen út 'e iepenhelle pakjes. Dat lit op 'e wite follybal in bluodderige hânprint efter dy't, mei wat fantasij, wol wat weihat fan gesicht. Nei't syn lulkens saksearre is, bringt Noland mei de finger in pear eagen en in mûle yn 'e hânprint oan. Mei't op 'e bal de merknamme Wilson Sporting Goods fermeld stiet, neamt Noland de bal 'Wilson'. Yn syn iensumens begjint er tsjin it ding te praten as wie it in echte persoan. Meitiid fiert er hiele petearen mei syn freon Wilson, wêrfan't Wilson syn oandiel fansels inkeld yn syn holle te hearren is. Foarôfgeande oan syn ôfreis út Memphis hie Noland út en troch al lêst fan pinemûle, en dat boazet oan no't er him op in eilân befynt sûnder toskboarstel en toskpoetserguod, mar mei inkeld iten dat goed kôge wurde moat. Lang om let, as er oanhâldend pine hat, beslút er dat er de kies dy't it probleem is, kwyt moat en brûkt er ien fan 'e keunstredens en in grutte stien om himsels de kies út 'e mûle te slaan.

Fjouwer jier letter is Noland in meagere, langhierrige, burdige, ûnfersoarge keardel mei in troch de sinne brûnze hûd, dy't klaaid is yn útinoar fallende fodden. Hy hat him alhiel oan it eilân oanpast en wit krekt hoe't er der oerlibje moat. Wilson is noch hieltyd syn iennichste freon en selskip, hoewol't se, lykas alle freonen, wolris spul hawwe. Op in dei spielt der op it strân in grut stik plestik oan dat bestiet út twa fan 'e fjouwer siden fan wat ea in mobyl húske west hat. Wannear't Noland sjocht hoe't it plestik de wyn fangt as er it rjochtop set, beseft er dat er no in seil hat. Hy beslút op 'e nij te besykjen om oer it rif en troch de brâning te kommen en bout dêrta in flot besteande út tûken fan 'e beammen op it eilân en oanspield wrakhout. Dat guod bynt er oaninoar mei in eigenmakke tou dat er eins bedoeld hie him om himsels mei op te hingjen. Hy makket provisoaryske roeirimen en bynt it grutte stik plestik oan it flot fêst. Kokosnuten dêr't er in gat yn makke hat dat wer ôfsletten wurde kin, lit er folrinne mei drinkwetter. Wilson en it lêste, noch altyd tichtsittende FedEx-pakket bynt er ek op it flot fêst.

Al roeiend wit Noland op syn flot it rif te berikken. Wannear't de hege weagen fan 'e brâning him werom driigje te smiten nei de lagune, lit er it oan dy tiid ta platlizzende stik plestik rjochtop komme. It 'seil' fangt de wyn en helpt him troch de brâning hinne. Neitiid roeit Noland oanhâldend yn in rêstich tempo troch, wylst syn seil it grutste part fan it wurk docht. Hy drinkt wetter út syn kokosnuten en yt rauwe fisk dy't er fangt mei in eigenmakke fiskspear. Op in nacht wurdt er lykwols oerfallen troch in stoarm. Syn 'seil' fangt ûnbedoeld de wyn, skuort los en waait fuort. It flot rekket skansearre troch de rûge weagen, mar oerlibbet de stoarm. De oare moarns falt in losrekke Wilson lykwols oerboard en driuwt fuort. Wannear't Noland wekker wurdt en opmerkt wat der bard is, besiket er efter syn freon oan te swimmen om him te rêden, mar it slagget him net mear om Wilson by te heljen. It fielt foar him wier as is syn bêste freon omkommen, dat hy is der stikken fan en skriemt him suver oan wetter. Neitiid jout er it oer. Syn roeirimen, dy't no syn iennichste manear binne om foarút te kommen, set er oerboard en lit er fuortdriuwe. Inkele dagen letter leit Noland te wachtsjen op 'e dea op syn útinoar fallende flot wannear't er opmurken wurdt troch in passearjend containerskip dat hohâldt om him út 'e see op te pikken.

Nei syn weromkear nei de bewenne wrâld kriget in no wer koartknipte, glêdskearde en fersoarge Noland te hearren dat er fjouwer jier lyn foar dea ferklearre is troch de autoriteiten. Der is lang socht nei it fermiste frachtfleantúch, mar om't it foar de stoarm fier nei it suden ta útwykt wie sûnder dat dy ynformaasje trochjûn wurde koe, hat de syktocht plakfûn yn in ferkeard diel fan 'e oseaan. Oankommen yn Memphis wurdt Noland opwachte troch famylje en freonen en by in parsekonferisje ferwolkomme troch Frederick W. Smith, de algemien direkteur fan FedEx. Ta syn fertriet heart er lykwols dat Kelly, oan wa't it tinken him troch syn swartste perioaden op it eilân hinne sleept hat, ûnderwilens troud is mei in oare man. Dat is toskedokter Jerry Lovett, mei wa't se in dochterke krigen hat. Op in reinige jûn nimt Noland in taksy om op 'e dolle rûs by Kelly del. Sa moetet er har foar it earst wer en sjocht er hoe dreech oft sy it mei de sitewaasje hat. Hoewol't se allebeide noch faninoar hâlde, is harren kâns op in libben tegearre foarbygien om't Kelly no in mem is en ferantwurdlikheid draacht foar har dochterke. Kelly jout Noland syn âlde Jeep werom en mei drôvens geane se útinoar.

Wylst er neiprakkesearret oer wat er no sil, beslút Noland om nei Teksas te riden dêr't it lêste tichtsittende pakket wei kaam dat er al dy jierren bewarre hat. Hy wol it weromjaan oan 'e ferstjoerder om sa syn ferbliuw op it eilân ôf te sluten. It adres fan 'e ôfstjoerder blykt in boerespultsje op 'e romte te wêzen, dêr't heech boppe de hommeiepeallen in metalen keunstwurk montearre is mei romte foar twa foarnammen oan wjerskanten. Oan 'e iene kant stiet "Bettina", mar de oare kant is leech. Om't der net ien thús is, lit Noland it pakketsje lynjend tsjin 'e foardoar efter mei in bryfke derby mei in persoanlik boadskip. Hy riidt werom nei it krúspunt dêr't er earder lâns kommen is en stiet dêr op syn wegekaart te sjen as der in oantreklike, laitsjende frou yn in pick-uptruck stilhâldt om te freegjen oft se him helpe kin. Se fertelt him dat de ôfslach nei lofts nei Oklahoma liedt, de ôfslach nei rjochts nei Nij-Meksiko en úteinlings nei Kalifornje, wylst er, as er rjochttroch riidt, djipper Teksas yngiet. It paad efter him, dêr't er weikomt, rint dea. Sels draait se neitiid krekt dat paad op, en as se fuortriidt, sjocht Noland dat der op 'e efterkant fan har auto in pear goudene ingelwjukken skildere binne, krekt-en-gelyk as dy't op it pakketsje stiene. As er allinnich op it krúspunt efterbleaun is, sjocht Noland elts fan 'e trije trochgeande diken del wylst er besiket te besluten wêr't er hinne sil. Mar úteinlik draait er him om, sjocht it paad del dêr't de frou yn 'e pick-uptruck weiwurden is, en begjint te glimkjen.

Tom Hanks.
Helen Hunt.
haadrollen
personaazje  akteur/aktrise
Chuck Noland Tom Hanks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kelly Frears Helen Hunt
Stan Nick Searcy
piloat Al Miller Vince Martin
Jerry Lovett Chris Noth
Bettina Peterson Lari White
piloat Jack Michael Forest
piloat Peter Jay Acovone
piloat Blaine Garret Davis
piloat Gwen Viveka Davis
Becca Twig Jenifer Lewis
Maynard Graham Geoffrey Blake
Kelly har mem Nan Martin
Dennis Larson Dennis Letts
Virginia Larson Valerie Wildman
Steve Larson Steve Monroe
Elden Madden Elden Henson
Morgan Stockton Timothy Stack
Joe Wally Joe Conley
himsels Frederick W. Smith

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cast Away wie oarspronklik in projekt fan akteur en filmprodusint Tom Hanks. Sa't er yn 2017 útlei yn in fraachpetear mei it tydskrift The Hollywood Reporter, hied er belangstelling om it idee fan fjouwer jier sûnder hoop te ûndersykjen. It gie him dêrby om it oerlibjen yn in sitewaasje sûnder alle basisnedichheden foar it minsklik bestean dy't men yn 'e Westerske wrâld ornaris as fansels beskôget: iten, drinken, ûnderdak, fjoer en selskip. Hy betocht dat omtrint 1993, doe't er in artikel lies oer de koerierstsjinst FedEx en besefte dat der trije kear deis frachtfleantugen fan dat bedriuw fol mei pakketsjes oer de Stille Oseaan fleagen. It duorre lykwols seis jier om it projekt fan 'e grûn te krijen om't er sels mar in trêdepart fan 'e finansiering opbringe koe. Senarioskriuwer William Broyles jr., dy't it idee fan Hanks útwurke ta in ferfilmber skript, hie ek mar in trêdepart, dat it duorre oant it Hanks slagge om regisseur Robert Zemeckis oan board te heljen foar't der genôch jild gearskrabe wurde koe om 'e film te meitsjen.

Regisseur Robert Zemeckis.

Cast Away waard regissearre troch Zemeckis nei in senario fan Broyles op basis fan it idee fan Hanks. As produsinten wiene Hanks, Zemeckis, Steve Starkey en Jack Rapke by it projekt belutsen foar de filmstudio's 20th Century Fox, DreamWorks Pictures, ImageMovers en Hanks syn eigen Playtone. Foar de film wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Don Burgess, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.

Cast Away waard net yn ien kear filme. De opnamen setten op 18 jannewaris 1999 útein en waarden likernôch twa moanne letter beëinige. Haadrolspiler Tom Hanks wie foartiid 23 kg oankommen, sadat it ferskil tusken him as er op it eilân fêst kaam te sitten en him fjouwer jier letter dúdlik te sjen wêze soe. Yn 'e twa moannen fan 'e earste opnamen waarden alle sênes filme oant it punt, op likernôch healwei de spyldoer fan 143 minuten, dat de film fjouwer jier yn 'e tiid ferspringt. Neitiid lei it wurk oan Cast Away in jier stil, wylst Hanks op dieet gie en syn hier en burd útgroeie liet. Regisseur Robert Zemeckis wurke yn dy perioade mei deselde filmcrew oan in oar projekt, de horrorfilm What Lies Beneath mei Michelle Pfeiffer en Harrison Ford. Doe't de opnamen einlings fierder giene, waarden mei in sterk fermeagere en ûnfersoarge útsjende Hanks de sênes opnommen wêryn't Chuck Noland úteinlings fan it eilân ûntsnapt. Dêrnei folge in twadde skoft fan fjouwer moannen foar't it lêste diel fan Cast Away filme waard, wêryn't Noland weromkeart nei de Feriene Steaten.

De filmlokaasjes foar Cast Away wiene fierhinne wat se yn 'e film lykje te wêzen. De sênes yn Moskou waarden dêr ek opnommen en dy yn Memphis waarden foar it meastepart dêre filme. Guon binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e studio yn Hollywood. De iepenings- en slotsênes waarden filme op en yn 'e neite fan 'e Arrington Ranch yn 'e Teksaanske Panhandle, krekt besuden Canadian (Teksas). De sênes op it ûnbewenne eilân waarden filme op in echt ûnbewenne eilân yn 'e Stille Súdsee, Monuriki yn 'e Mamanuca-eilannen foar de kust fan Viti Levu, yn Fidzjy. (Dat eilantsje waard nei it útkommen fan 'e film in toeristyske besjensweardichheid.) Monuriki leit lykwols net wêr't it ûnbewenne eilân yn 'e film hjit te lizzen, "likernôch 970 km besuden de Cookeilannen" (sa't yn 'e film sein wurdt), mei't der gjin inkeld drûch lân is tusken Mangaia, it súdlikste fan 'e Cookeilannen, en Antarktika.

It eilân Monuriki, yn Fidzjy, dêr't it meastepart fan Cast Away filme waard.

Tom Hanks rekke ûnder de opnamen fan Cast Away hast dea, doe't er op Monuriki in ynfektearre jaap oan syn skonk oprûn. Hy waard halje-trawalje nei it sikehûs yn 'e Fidzjiaanske haadstêd Suva brocht, dêr't er in needoperaasje ûndergie en neitiid trije dagen ta obervaasje bliuwe moast. De opnamen fan 'e film leine troch dit akkefytsje trije wiken stil om Hanks de kâns te jaan en betterje op.

Belutsenens fan bedriuwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee fan in film dy't draait om it delstoarten fan in frachtfleantúch fan FedEx makke dat bedriuw earst tige kjel, mar nei't de produsinten mear oer it ferhaal ferteld hiene, besefte de direksje dat it in geweldige kâns wie foar fergese reklame. (De produsinten en FedEx sels beklammen dat it bedriuw alhiel gjin sint betelle foar de product placement yn 'e film.) Dêrom joech FedEx foar de opnamen frij tagong ta de fasiliteiten fan it bedriuw yn Memphis, Los Angeles en Moskou. Ek levere it alle fleantugen, frachtweinen, autobuskes en unifoarmen dy't yn 'e film te sjen binne, en dêrnjonken logistike stipe troch de apparatuer en oare pakkelaazje fan 'e filmcrew fan 'e iene filmset nei de oare te ferfieren. Algemien direkteur Frederick W. Smith fan FedEx hie yn 'e film in cameo as himsels yn in sêne wêryn't er Noland nei syn weromkear yn Memphis ferwolkommet. Yn Aazje en Jeropa, dêr't de merknamme FedEx yn 'e 1990-er jierren noch net botte bekend wie, soarge de film foar in mjitbere taname yn klandyzje.

It idee foar Wilson de follybal dy't Noland syn iennichste freon op it eilân is, kaam fan senarioskriuwer William Broyles jr. Dyselde hie him, yn tarieding op it skriuwen fan it skript, in wike sûnder iten, drinken of ûnderdak weromlutsen op in strân yn Meksiko oan 'e kust fan 'e Golf fan Kalifornje. Wylst er dêr ferbleau, spielde der in follybal oan, dy't him ynspirearre ta it betinken fan Noland syn ferminsklike freon. Dêrnjonken makke it ek in narratologyske technyk mooglik wêrby't Noland troch in reälistyske, sij it iensidige, dialooch mei syn freon dúdlik makket wat er by de ein hat, sadat it filmpublyk dêr net nei hoegde te rieden. De bal is yn 'e film fan it merk Wilson Sporting Goods om in logyske reden te hawwen om him de namme 'Wilson' te jaan. Doe't Cast Away útkaam, begûn Wilson Sporting Goods in reklamekampanje dy't derom draaide dat in produkt fan it bedriuw "de tsjinspiler" wie fan Tom Hanks. Der waard sels in skoftke in follybal mei in reproduksje fan 'e bluodderige hânprint fan Hanks op 'e merk brocht.

De distribúsje fan Cast Away waard yn Noard-Amearika fersoarge troch 20th Century Fox en yn oare lannen en territoaria troch DreamWorks Pictures. De film gie op 22 desimber 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Cast Away konkurrearre dêr û.o. mei How the Grinch Stole Christmas, Save the Last Dance en in oare film mei aktrise Helen Hunt: What Women Want. Cast Away waard op 12 juny 2001 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam op 4 desimber 2007 út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Cast Away oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy priizge Tom Hanks foar "in sublime prestaasje by it hielendal allinnich dragen fan 'e film foar twatrêdepart fan 'e spyldoer". Ebert wie lykwols net te sprekken oer it lêste diel fan 'e film, wêryn't Noland weromkeart nei de beskaving. Hy wie dêr "teloarsteld" oer en neamde Cast Away "in sterk en ienfâldich ferhaal dat omjûn wurdt troch ûnnedige komplikaasjes". De ein fan 'e film, mei de sêne op it krúspunt yn Noard-Teksas, fûn er "forsearre".

It strân fan Monuriki.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Cast Away in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 158 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[…] Cast Away biedt in yntelligint skript, ien fan Robert Zemeckis syn meast folwoeksen rezjyprestaasjes en in geweldige aktearprestaasje fan Tom Hanks." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Cast Away in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 32 resinsjes.

Cast Away brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $233,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $196,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $429,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in winst fan $339,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie it de op twa nei meast opbringende film fan 2000, nei Mission: Impossible 2 en Gladiator. Allinnich al yn 'e earste wike nei't Cast Away op dy media yn Noard-Amearika ferskynd wie, brocht de film as hierfideo yn fideoteken $20,6 miljoen op en as keapfideo op VHS en dvd nochris $57 miljoen.

By de Oscars waard Cast Away yn 2001 nominearre foar de prizen yn 'e kategoryen bêste akteur (Tom Hanks) en bêste lûd. By de Golden Globes wûn Hanks de priis foar bêste akteur yn in dramafilm. Hy waard ek nominearre foar de BAFTA en de Screen Actors Guild Award foar bêste akteur. Komponist Alan Silvestri wûn foar syn filmmuzyk foar Cast Away de Grammy Award yn 'e kategory bêste ynstrumintele komposysje. Ek waard Cast Away nominearre foar fjouwer MTV Movie Awards, foar bêste filmakteur (Tom Hanks), bêste aksjesêne (it delstoarten fan it FedEx-fleantúch), bêste filmduo (Tom Hanks en Wilson de follybal) en bêste filmtút (Tom Hanks en Helen Hunt).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.