Casper Andries Lingbeek

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Casper Andries Lingbeek (Sloten, no part fan Amsterdam, 5 febrewaris 1867 - Voorthuizen, 14 july 1939) wie predikant en politikus.

Lingbeek as dûmny yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lingbeek hat yn Fryslân dûmny west yn Kûbaard fan 1895 oant 1899. Syn twadde Fryske gemeente wie Reitsum c.a. Yn Reitsum waard hy lid fan de Twadde Keamer en moast doe syn amt dellizze. Lingbeek stie bekend as in konfesjonele dûmny. Hy hie wat deftichs oer him. De minsken mochten him graach hearre. Yn de deistige omgong wie hy populêr. Hy koe der moai bykomme.

Lingbeek yn de Konfesjonele Feriening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lingbeek hat lang lid west fan it bestjoer fan de Konfesjonele Feriening. Fan 1910 oant 1930 wie hy redakteur fan it blêd fan de konfesjonelen De Gereformeerde Kerk. Foaral syn rubryk De vragenbus waard in protte lêzen.

Lingbeek syn politike opfettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rûnten fan de kristlike partijen wie Lingbeek omstriden. Syn warskôgings tsjin it 'Roomske gefaar' foelen dêr net yn goede ierde. Sa kaam Lingbeek der ta om mei meistanners de 'Hervormd Gerefomeerde Staatspartij' op te rjochtsjen. Dy partij lei earne tusken de steatkundich grifformearden en de CHU yn. De partij stelde yn 1925 Lingbeek kandidaat foar de Twadde Keamer. Hy kaam der yn as in ienmansfraksje. Fan 1925, mei in ûnderbrekking, oant 1937 hat hy keamerlid west. Folle koe der net dwaan. Syn foarstellen tsjin 'Rome' hellen it noait. Under syn kollegakeamerleden wie hy dochs populêr. Syn bydragen oan de debatten wienen hiel goed oan te hearren en hy waard wurdearre om syn humor.

Lingbeek en Reitsum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar syn dwaan hat Lingbeek lang, seis jier, yn Reitsum stien. De namme Lingbeek is dêr noch lang mei eare neamd. Wêr't Lingbeek ek foar soarge hat is dat it yn Reitsum oars tagie as in oare plakken. Rjochtsinnich herfoarmen stimme op de CHU, gie foar de Twadde Keamer net op. As der keamerferkiezings kamen dan kamen de manlju dêrfoar byinoar. De programma's waarden besprutsen en nei de oarloch waard der in ferkiezingsútstjoering belústere. Dan waard besletten op wa't men dizze kear stimme soe. Lang is de kar op Hervormd Gereformeerde Staatspartij fallen.