Springe nei ynhâld

Carmelo Robledo

Ut Wikipedy
Carmelo Robledo
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCarmelo Ambrosio Robledo
nasjonaliteit Argentynsk
bertedatum13 july 1912
berteplakBuenos Aires
stjerdatumûnbekend
lingte1.65 m
sportive ynformaasje
sportBoksen
ûnderdielfeargewicht
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Carmelo Ambrosio Robledo (Buenos Aires, 13 july 1912 - ûnbekend) wie in Argentynsk bokser.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1932). Yn 1928 wie Robledo krekt 15 jier âld en it jongste lid fan de Argentynske delegaasje. Hy waard fjouwer jier letter Olympysk kampioen yn Los Angeles, yn de klasse oant 57,15 kg (feargewicht).

Hy wurke as klerk yn Buenos Aires, mar der is net in protte bekend oer syn lettere libben. Guon boarnen jouwe oan dat er om 1981 hinne stoar, wylst oaren in datum yn it begjin fan de sechstiger jierren jouwe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: