Carlotta Monti
| Carlotta Monti | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Carlotta Montijo | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 20 jannewaris 1907 | |
| berteplak | Los Angeles | |
| stoarn | 8 desimber 1993 | |
| stjerplak | Woodland Hills, Los Angeles | |
| jierren aktyf | 1925-1976 | |
| offisjele webside | ||
| IMDb-profyl | ||
Carlotta Monti, artystenamme fan Carlotta Montijo (Los Angeles, 20 jannewaris 1907 - Woodland Hills, 8 desimber 1993), wie in Amerikaanske filmaktrise en maîtresse fan akteur W.C. Fields.
Se waard berne yn Los Angeles as dochter fan in Spaanske heit en in mem dy't heal Italiaansk en heal Spaansk wie. [1]
Monti ferskynde yn tal fan B-films, lykas Kiss of Arabië (1933), Tarzan the Fearless (1933) en Night Cargo (1936), meastal as in eksoatyske ferliedster. Se moete Fields yn 1932 en harren relaasje duorre oant syn ferstjerren yn 1946. Se hie lytse rollen yn syn films Man on the Flying Trapeze (1935) en Never Give a Sucker an Even Break (1941).
Monti har memoires, W.C. Fields & Me, publisearre yn 1971, beskreaun har libben en ûnderfinings mei Fields. It boek waard bewurke foar de film W.C. Fields and Me (1976), mei Rod Steiger as Fields en Valerie Perrine as Monti yn de haadrol, in film dêr't Monti sels as figurant yn optrede.
Monti stoar oan de gefolgen fan de Sykte fan Alzheimer yn de âldens fan 86 jier. [2]
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ben-Hur: A Tale of the Christ (1925)
- In Old California (1929)
- Cavalier of the West (1931)
- King Kong (1933)
- Kiss of Araby (1933)
- Deadwood Pass (1933)
- Tarzan the Fearless (1933)
- Marie Galante (1934)
- Timberesque (1935)
- Man on the Flying Trapeze (1935)
- Bonnie Scotland (1935)
- Night Cargo (1936)
- Hell-Ship Morgan (1936)
- Robin Hood of El Dorado (1936)
- The Villain Still Pursued Her (1940)
- Never Give a Sucker an Even Break (1941)
- He Walked by Night (1948)
- The Doctor and the Girl (1949)
- Crisis (1950)
- To Please a Lady (1950)
- W.C. Fields and Me (1976)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Carlotta Monti by Find a Grave
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|