Springe nei ynhâld

Carl-Friedrich von Langen

Ut Wikipedy
Carl-Friedrich von Langen
sporter
Carl-Friedrich von Langen (1928)
Carl-Friedrich von Langen (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carl-Friedrich Freiherr von Langen-Parow
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 25 july 1887
berteplak Klein Belitz
stjerdatum 2 augustus 1934
stjerplak Potsdam
sportive ynformaasje
sport Hynstesport
ûnderdiel Dressuer,
Springen
O.S. Amsterdam 1928
debút 1920
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x 1928

Carl-Friedrich Freiherr von Langen-Parow (Klein Belitz, 25 july 1887 - Potsdam, 2 augustus 1934) wie in Dútske baron en hynstesporter.

It bûten Neuhof (2017)

Yn de Earste Wrâldkriich rekke von Langen as kapitein yn it leger slim ferwûne; nei syn refalidaasje begûn er yn 1920 as hynstesporter. Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam mei syn hynder Draufgänger Olympysk kampioen by it dressuer yndividueel en mei it Dútske dressuerteam. Hy die mei syn oare hynder Falkner ek mei by it springen werby't er yndividueel 28ste waard en 7e mei it Dútske springteam.

Carl-Friedrich von Langen wenne yn Parow. Hy ferstoar op 2 augustus 1934 yn 'e âldens fan 47 jier as gefolch fan in fal by in wedstriid yn Döberitz. Hy waard begroeven yn it kastielpark fan it bûten Neuhof by Bibow, dêr't er opgroeide.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: