Blau-wite iisfûgel
| Blau-wite iisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Caridonax fulgidus | ||||||||||||
| Gould, 1857 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De blau-wite iisfûgel (Caridonax fulgidus) is in fûgelsoarte út de famylje (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De blau-wite iisfûgel is grutte iisfûgel mei donkerpearse boppedielen en in wite stút. De búk en it boarst binne suver wyt en de snaffel en poaten oranje. Juvenilen ha donkerder eagen en in brúngiel boarst.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Lytse Sûnda-eilannen fan Lombok oant Floares, Besar en Adonara. Syn biotoop bestiet út tropyske, fochtige leechlânbosken. Se komme net heger foar as maksimaal 1.700 m boppe seenivo.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blau-wite iisfûgels is de iennige soarte yn it skaai Caridonax en wurdt monotypysk behannele. Somtiden wurdt de soarte lykwols yn twa ûndersoarten ferdield:
- Caridonax fulgidus fulgidus – Lombok en Sumbawa
- Caridonax fulgidus gracilirostris – Floares en Besar
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is yn syn ferspriedingsgebiet seldsum oant lokaal algemien. Om't de fûgel foar in part ôfhinklik is fan biotoop mei bosk en it areaal bosk yn syn ferspriedingsgebiet ôfnimt, wurdt oannommen dat ek de populaasje tebekrint. De tebekgong is lykwols net heger as 30% yn tsien jier tiid en dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
