Candes-Saint-Martin
| Candes-Saint-Martin | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Sintrum-Loiredelling | |
| Departemint | Indre-et-Loire | |
| Arrondissemint | Chinon | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 180 (2023)[1] | |
| Oerflak | 5,77 km² | |
| Befolkingsticht. | 31 ynw./km² | |
| Stêdekloft | 370.118 (2023) | |
| Hichte | 27-101 m | |
| Offisjele webside | ||
| candes-saint-martin.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Candes-Saint-Martin is in plak oan 'e Loire yn it sintrum fan Frankryk. De stêd It plak leit yn it departemint Indre-et-Loire. Candes-Saint-Martin hat it predikaat fan ien fan Les Plus Beaux Villages de France. Candes-Saint-Martin leit flak njonken Montsoreuau, ien fan 'e oare moaiste doarpen fan Frankryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Candes-Saint-Martin wurdt al sûnt de earste iuwen fan ús jiertelling bewenne. Dêr tsjûgje muorreresten en archeologyske fynsten út de Romeinske tiid fan. Der binne ek resten fan in brêge oer de Vienne en syn lettere opfolger fûn. Yn it lêste fearn fan 'e 4e iuw stifte de hillige biskop Marten fan Tours dêr in parochy. Hy ferstoar ek yn Candes op 8 novimber 397, mar waard yn Tours begroeven. Dat ferklearret ek de hjoeddeiske tafoeging Saint-Martin oan 'e gemeentenamme.
Nei de dea fan Sint-Marten waard ek Candes in beafeartsplak. Yn 'e midsiuwen waard dêr in grutte tsjerke boud, de jimmeroan noch besteande kapitteltsjerke fan Sint-Marten (collégiale Saint-Martin). Oant de Frânske Revolúsje wie it kastiel fan Candes in residinsje fan 'e biskoppen fan Tours.
De geunstige lokaasje oan 'e gearrin fan 'e Vienne en de Loire makke fan it plak al ier in sintrum fan skipfeart. Dy aktiviteit bleau oant yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw bloeien, mar de konkurrinsje mei it spoar feroarsake de delgong fan 'e skipfeart oer de rivieren en as gefolch dêrfan ek it krimpen fan it ynwennertal fan 'e gemeente.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1800 | 1851 | 1876 | 1901 | 1926 | 1946 | 1954 | 1962 | 1982 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 638 | 525 | 711 | 482 | 362 | 238 | 252 | 313 | 294 | 268 |
| Jier | 1999 | 2013 | 2023 | |||||||
| Ynwenners | 227 | 229 | 180 |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Haadstrjitte
- Bylden fan 'e Bernemoard oan 'e tsjerke
- Kastiel
- De Vienne
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
