Springe nei ynhâld

Camstrastate 1 (Wurdum)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Camstra (Bootsma))
Earste Camstrastate

De Earste Camstrastate, ek wol Bootsmastate, stie by Wytgaard, eartiids in buorskip ûnder Wurdum en no in doarp yn degemeente Ljouwerteradiel. Fan de state is neat werom te finen.

De Camstrastins moat der al foar 1453 stien hawwe. Rienck (Renick) Camstra, de oerpake fan de wettergeus Foppe Camstra, wenne op dizze stins. Rienck wie yn 1453 grytman fan Ljouwerteradiel. De gritenij Ljouwerteradiel lei om de stêd Ljouwert hinne. Der wienen gauris twisten tusken de stêd Ljouwert en de gritenij Ljouwerteradiel. De striid ferhurde mei de rivaliteit tusken de Skieringers en de Fetkeapers.
Rienck Camstra stie oan de kant fan de Skieringers. Hy sneuvele yin 1461 yn in gefjocht tsjin de Fetkeapers by it doarp Eagmaryp. Rienk Camstra soe as earste persoan de gefolgen fan it brûken fan buskrûd ûnderfûn hawwe. Hy wie de earste Fryske haadling dy't deade waard troch in kûgel, ôfsketten mei buskrûd.

Rienck hat trije soannen. De âldste urf de Camstrastins, dy't yn 1492 troch de Fetkeapers platbaarnd waard. Nei alle gedachten hie dizze âldste soan fan Rienck gjin bern, want nei him is it hûs yn besit fan in soan (wer Rienck neamd) fan syn broer Feijcke. Feijcke liet (mooglik) de twadde Camstrastate bouwe.

Nei de ferwoasting fan de stins, liet Wietse Camstra, in neef fan Foppe, in hûs sette yn 1549 op it âlde steed fan de stins. Op de tekening stiet gjin stins ôfbylde, mar in hearehûs. Wietse stoar sûnder bern en it hûs kaam yn besit fan Hessel Bootsma, byneamd Hessel de Bline, dy't oant doe ta op de State Twixel ûnder Reduzum wenne hie.

Yn 1821 stoarte de âlde poarte fan Camstrastate yn mei in stoarm. Om 1980 wie it terrein noch in ferhege stik lân, mar alles is no sljochte. De protestantske tsjerke fan Wurdum hat in moaie grêfsark fan dizze Wietse Camstra. De Camstra’s hienen yn de tsjerke in grêfkelder.

  • - 1461 Rienck Camstra
  • âldste soan
  • Rienck Camstra
  • ± 1549 Wietse Camstra
  • Hessel Bootsma
  • grif Epe fan Bootsma
  • grif Anna Epedr fan Bootsma
  • famylje Fan Sytzama
  • 1721 Jhr. Fecco fan Sytzama en Margaretha fan Dambitz
  • - 1764 Watze Andries van Sytzama

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: