Campione d'Italia


Campione d'Italia is in plak en gemeente yn 'e Italjaanske provinsje Como en de regio Lombardije en leit oan de Mar fan Lugano.
Campione d'Italia is in Italjaanske eksklave (leit folslein bûten de rest fan Itaalje) en foarmet in enklave yn it kanton Ticino yn Switserlân. Lykas de kraai fljocht, is it sawat 1 km fan Itaalje, mar fanwegen it drege terrein is de ôfstân oer de dyk 10 km. De rêst fan it lân is oer de mar te beriken nei it noarden ta as nei it súden ta.
De gemeente krige de status fan in enklave doe't it kanton Tisino yn 1798 besleat om part te wurden fan Switserlân, wylst de ynwenners fan Campione besleaten om diel út te meitsjen fan Lombardije. De namme d'Italia waard tafoege yn 'e tiid fan Mussolini.
Oant 1 jannewaris 2020 wie Campione d'Italia in belestingfrij gebiet.[1], bekostige út de opbringsten fan it Casino di Campione.
Referinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eksterne ferwizings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Campione d'Italia fan Wikimedia Commons. |
