Campbelleilân
| Campbelleilân | ||
| geografy | ||
| ûnderdiel fan | Campbelleilannen | |
| lân | ||
| algemien | ||
| ynwennertal | ûnbewenne | |
| sifers | ||
| oerflak | 11.300 hektare | |
| heechste punt | 569 m hege Mount Honey | |
| webside | ||
| Dep. of Conservation | ||
| kaart | ||
Campbell Island is in eilân yn 'e súdlike Stille Oseaan, likernôch 660–700 km súdlik fan it Sudereilân fan Nij-Seelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân waard ûntdutsen yn 1810 troch seehûnejagers en krige de namme fan it bedriuw fan 'e opdrachtjouwer. Sûnt 1954 is it eilân in natuerreservaat. Yn 'e 19e en iere 20e iuw waard it eilân brûkt foar de jacht op seehûnen en walfisken, letter tusken 1895 oant 1931 ek foar feehâlderij. De feehâlderij hie grutte gefolgen foar it ekosysteem fan it eilân.
Letter is it eilân fan fee, katten en rotten frijmakke. De lêste rotten binne yn 2001 útroege. De natuer is him sûnt wer oan it werstellen. Yn 2014 waard it omlizzende seegebiet in maryn reservaat ûnder de namme Moutere Ihupuku / Campbell Island Marine Reserve. Dêrmei wurdt ek it libben op en yn see tsjin fiskerij en oare fersteuringen beskerme.
Campbell Island is ûnderdiel fan 'e groep Nijseelânske Subarktyske Eilannen, in groep eilannen dy't yn 1998 opnommen waarden op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO fanwegen de unike en goed bewarre natuerlike wearden: de biodiversiteit, de endemyske planten en dieren en in tige seldsum maryn en terrestrysk ekosysteem.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is it súdlikste fan 'e subantarktyske eilannen fan Nij-Seelân. It oerflak is likernôch 11.300 hektare grut. De heechste berch is de 569 m hege Mount Honey. It lânskip is rotseftich mei hege kliffen, fral oan 'e westlike en súdlike kant. Oan 'e eastlike kant binne djippe ynholtes en baaien lykas Perseverance Harbour.
Campbell Island hat in kâlt en krebûstich klimaat. De trochsnit jiertemperatuer is likernôch 6 °C en de temperatuer is selden heger boppe de 12 °S. Der falt in soad delslach en it reint of miggelt has 325 dagen yn't jier. De oanhâldende delslach en sterke wyn en de lizzing fier fan 'e evener soargje foar in barre omjouwing. It eilân is dan ek net geskikt foar bewenning of lânbou.
It eilân is wol ryk oan natuer en der komme likernôch 128 oarspronklike lânseigen faskulêre planten (Tracheophyta). Guon komme firder nearne oars op 'e wrâld foar. Foar seefûgels en seesûchdieren is it eilân ek tige wichtich. Der briede seis soarten albatrossen, lykas ek de súdlike keningsalbatros, wêrfan't it grutste part fan 'e wrâldpopulaasje op it eilân libbet. Fierder libje der pinguïns, seeliuwen, pelsrobben en seeoaljefanten.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Campbell Island fan Wikimedia Commons. |