Camille Winbush

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Camille Winbush
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Camille Simoine Winbush
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 9 febrewaris 1990
berteplak Culver City (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 1994 – no
offisjele webside
gjint

Camille Winbush (folút: Camille Simoine Winbush; Culver City (Kalifornje), 9 febrewaris 1990) is in Amerikaansk aktrise en sjongster fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja is benammen bekend wurden yn 'e rol fan pleechdochter Nessa yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje The Bernie Mac Show.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winbush is hikke en tein yn Culver City, ûnder de reek fan Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se yn 1990 berne waard. Har earste aktearrol hie se al doe't se noch mar fjouwer jier wie, as Lucy Wilkes yn trije ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Viper. Yn 1996 en 1997 hie se in weromkearende gastrol yn seis ôfleverings fan 'e rige 7th Heaven. Har filmdebút makke se yn 1999, yn Ghost Dog: The Way of the Samurai.

Yn dyselde snuorje hie Winbush gastrollen yn searjes as NYPD Blue, Ladies Man en The Norm Show, wylst se yn 2000 te sjen wie yn 'e muzikale tillefyzjefilm Geppetto. Har trochbraak kaam yn 2001, doe't se cast waard yn 'e fêste rol fan pleechdochter Vanessa 'Nessa' Tomkins yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje The Bernie Mac Show, mei Bernie Mac en Kellita Smith. Foar har fertolking fan dy rol wûn Winbush trije NAACP Image Awards yn 'e kategory 'treflike byrol fan in aktrise yn in komeedzjesearje' en in Young Artist Award foar 'bêste optreden yn in tillefyzjesearje (komeedzje of drama) – haadrol fan in jonge aktrise'. Fierders waard se nominearre foar noch fjouwer oare prizen.

Nei't The Berne Mac Show yn 2006 ophold, hie Winbush gastrollen yn û.m. de sikehûssearje ER, de plysjesearje Criminal Minds en de soapsearje Grey's Anatomy. Fan 2008 oant 2013 hie se fierders in weromkearende gastrol as Lauren Treacy yn 'e searje The Secret Life of the American Teenager.

Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2000 song Winbush op 'e soundtrack fan 'e Disney-musical Geppetto. Yn 2002 naam Winbush twa nûmers op foar it kompilaasje-album School's Out! Christmas. Foar it iene nûmer, One Small Voice, wurke hja gear mei de sjongsters Myra en Taylor Momsen. It oare nûmer, The Night Before Christmas Song, song se allinnich.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.