Springe nei ynhâld

Moannedowen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Caloenas)
moannedowen
In moannedo (Caloenas nicobarica).
In moannedo (Caloenas nicobarica).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dofûgels (Columbidae))
skaai:moannedowen (Caloenas)
G.R. Gray, 1840

De moannedowen of moanjesdowen (wittenskiplike namme: Caloenas) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes) en de famylje fan 'e dofûgels of dowen (Columbidae).

Ta dit skaai heart mar ien libbene soarte, de moannedo. Dy komt foar yn Súdeast-Aazje en westlik Oseaanje. De wittenskiplike namme, Caloenas nicobarica, ferwiist nei de Nikobaren, in arsjipel yn 'e Andamaanske See dy't diel útmakket fan Yndia.

Der binne ek ien of twa útstoarne soarten út dit skaai. De Kanaakske do (ferneamd nei de Kanaken, de lânseigen bewenners fan Nij-Kaledoanje) wie in grutte soarte út Nij-Kaledoanje en Tonga, dy't inkeld bekend is fan subfossile resten. Dy fûgel is nei alle gedachten likernôch 2.500 jier lyn útrûge troch oerbejaging troch iere minsklike kolonisten fan 'e eilannen. Fan 'e saneamde Liverpooldo, dy't inkeld bekend is fan ien spesimen yn it World Museum te Liverpool, is it plak dêr't er libbe ûnbekend. Dizze fûgel moat lykwols yn 'e lêste pear iuwen útstoarn wêze, mooglik yn 'e 1820-er jierren. De Liverpooldo wurdt wol by de moannedowen yndield op basis fan syn gelikense kraachfearren, mar dêroer bestiet mank saakkundigen gjin wittenskiplike konsensus.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.