Robynkielgeal
| robynkielgeal | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Calliope calliope | ||||||||||||
| Pallas, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De Sibearyske robynkielgeal (Calliope calliope) is in fûgelsoarte yn it skaai robynkielgealtsjes (Calliope) út 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt 14,5 oant 16 sintimeter lang en weaget 16–29 gram. De fûgel hat lange poaten en in frij koarte sturt dy't faak rjochtop boppe de rêch stiet, wylst de wjukken nei ûnder hingje. It fearrekleed is meast griisbrún mei in ljochte wynbrou boppe it each en in swarte eachstreek oant de snaffel. It mantsje hat in reade kiel mei in smelle swarte râne en by de snaffel in wyt plak. De kopmarkearing fan it wyfke is mear diffús mei in smoarchwyt kin sûnder swarte râne, by guon âldere wyfkes foar in part ljochtread.
De sang is melodieus en liket op dy fan 'e túnsjonger, mar mei hurdere en legere noaten en hegere fluittoanen, somtiden fermingd mei imitaasjes fan oare soarten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De robynkielgeal is in Aziatyske fûgel, dy't briedt fan 'e sintrale Oeral en Sibearje eastlik nei Anadyr, it Kamtsjatka-skiereilân, de Kommandeurseilannen, en súdlik nei noardlik Mongoalje, it noardlike Koreaansk Skiereilân, noardlik Japan en de Koerilen. Hy komt ek foar yn sintraal Sina, noardeastlik Qinghai, súdwestlik Gansu en noardlik Sichuan. Winterdeis migrearret er nei súdlik en súdeastlik Aazje, de Filipinen en Taiwan.
Yn Europa is de fûgel in tige seldsume besiker, wêrby't Brittanje dominearret wat it oantal waarnimmingen oanbelanget. De fûgel is ek sjoen yn in grut oantal oare Europeeske lannen en yn jannewaris 2016 wie de fûgel foar it earst yn Nederlân ek yn it Noard-Hollânske Heechwâld te sjen.
De soarte wurdt meastentiids ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Calliope calliope calliope – briedt yn Sibearje, noardlik Mongoalje, noardeastlik Sina en noardlik Koreä.
- Calliope calliope camtschatkensis – briedt op it Kamtsjatka-skiereilân, op 'e Kommandeurseilannen, de Koerilen en noardlik Japan.
- Calliope calliope beicki - briedt yn noard-sintraal Sina.
De ynfloedrike Clements et al. behannelje de soarte lykwols as monotypysk, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De robynkielgeal briedt yn mingde nullebosken mei tichte ûndergroei fan maaie oant july yn Sina en Noard-Koreä en fan juny oant augustus yn Japan. Hy leit fjouwer oant seis aaien yn syn nêst op 'e grûn ûnder dekking fan boskjes of tichte fegetaasje. De fûgel yt miggen, miggelarven, michammels, wespen en krobben, mar ek plantemateriaal. Hy is skou en bliuwt meast ferside.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grutte fersprieding en in grutte populaasje, dy't lykwols net kwantifisearre is. Oannommen wurdt dat populaasje stabyl is. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Leat Conceern, 2025) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Robynkielgealtsje
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
