Springe nei ynhâld

Caifassiminskehaai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Caifassi's wite haai)
caifassiminskehaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassekreakbienfisken (Chondrichthyes)
skiftmakrielhaaien (Lamniformes)
famyljehjerringhaaien (Lamnidae)
skaaiminskehaaien (Carcharodon)
soarte
Carcharodon caifassii
Lawley, 1876
útstoarn (fossyl)

De caifassiminskehaai of Caifassi's minskehaai (wittenskiplike namme: Carcharodon caifassii), ek wol Caifassi's wite haai neamd, is in útstoarne haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon).

De caifassiminskehaai libbe fan it Ier-Mioseen (23 miljoen jier lyn) oant yn it Plioseen (5,3–3,5 miljoen jier lyn). Fossilen binne fûn yn Itaalje, Afrika en Noard-Amearika. Dizze haai waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch troch de Italjaanske paleöntolooch Roberto Massimo Lawley (18181881). De wittenskiplike namme is in earbetoan oan 'e Italjaanske malakolooch Bartolomeo Caifassi (18281906).

Tradisjoneel wurdt de caifassiminskehaai beskôge as in soarte dy't nau besibbe wie oan 'e ek tsjintwurdich noch foarkommende wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias). Dêrfandinne dat dit bist yndield wurdt yn it skaai fan 'e minskehaaien. Nij ûndersyk liket der anno 2025 lykwols op te wizen dat de caifassiminskehaai eins in iere foarm fan 'e megalodon (Otodus megalodon) wie. As dat sa is (wat noch net wis is), soe Carcharodon caifassi in jonger synonym fan fan Otodus megalodon wêze en dêrmei op himsels gjin jildige taksonomyske namme.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: