Christian Ludwig Brehm
| Christian Ludwig Brehm | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 24 jannewaris 1787 | |
| berteplak | Schönau vor dem Walde | |
| stoarn | 23 juny 1864 (77 jier) | |
| stjerplak | Renthendorf | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Dûmny, ornitolooch | |

(Carl Werner, 1859)
Christian Ludwig Brehm (Schönau vor dem Walde (Leinatal, Thüringen), 24 jannewaris 1787 - Renthendorf by Neustadt an der Orla, 23 juny 1864) wie in Dútske predikant en natuerûndersiker (foaral fûgelkundige).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brehm stamme ôf fan in Saksyske famylje fan dûmnys. Syn heit Carl August Brehm wie predikant yn syn bertestêd en syn mem hiet Sophia Christiana Philippa Heimberger. Hy trochrûn it gymnasium yn de stêd Gotha en folge yn 1809 kolleezjes yn de teology oan de Universiteit fan Jena.
Dêrnei wurke er as privaatdosint yn Lausnitz/Neustadt en waard er op 8 maart 1812 beroppen as predikant nei Drakenburg. Dy posysje ferliet er mei de krystdagen fan dat jier en dêrnei wurke er as plakferfangend predikant yn Renthendorf. Dêr ûntwikkele er syn kennis en feardichheden op it mêd fan de ornitology. Hy krige de reputaasje fan de bêste saakkundige fan syn tiid op it mêd fan fûgels.
Christian Ludwig Brehm krige by syn libben ferskate ûnderskiedingen. Sa waard er yn 1822 opnommen yn de Deutsche Akademie der Wissenschaften Leopoldina en krige er yn 1858 in earedoktoraat fan de medyske fakulteit fan de Universiteit fan Jena. Syn soan Alfred Edmund Brehm krige ek namme as fertsjinstlik biolooch.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brehm ûntduts dat der twa soarten swartkopmiezen yn Europa foarkamen, de reidmies (Poecile montanus) en de swartkopmies (Poecile palustris). Ek ûntduts er it ferskil tusken de gewoane beamkrûper (Certhia brachydactyla) en de wâldbeamkrûper (Certhia familiaris) en tusken it goudtúfke en it fjoertúfke. Hy lei in kolleksje oan fan 15.000 goed dokumintearre soölogyske spesimen, wêrby't er net allinnich moai kleure folwoeksen fûgels yn syn samling opnaam, mar ek fûgels yn jeugdkleed.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C.L. Brehm: Beiträge zur Vögelkunde 3 Bde, ab Bd. 3 in Zusammenarbeit mit W. Schilling. - Neustadt a. Orla 1820-1822.
- C.L. Brehm: Lehrbuch der Naturgeschichte aller europäischen Vögel, 2 Bde. - Jena 1823-1824
- C.L. Brehm: Ornis oder das neueste und Wichtigste der Vögelkunde - Jena 1824-1827, erste ornithologische Zeitschrift der Welt.
- C.L. Brehm: Handbuch der Naturgeschichte alle Vögel Deutschlands - Ilmenau 1831.
- C.L. Brehm: Handbuch für den Liebhaber der Stuben-, Haus- und aller der Zähmung werthen Vögel - Ilmenau 1832.
- C.L. Brehm: Der Vogelfang - Leipzig 1836.
- C.L. Brehm: Der vollständige Vogelfang - Weimar 1855.
- C.L. Brehm: Die Kunst, Vögel als Bälge zu bereiten - Weimar 1842.
- C.L. Brehm: Die Wartung, Pflege und Fortpflanzung der Canarienvögel - Weimar 1855, 2. Aufl. Weimar 1865, 3. Aufl. Weimar 1872, 4. Auflage Weimar 1883, 5. Aufl. Weimar 1893.
- C.L. Brehm: Die Naturgeschichte und Zucht der Tauben- Weimar 1857.
- E. Baldamus, C.L. Brehm, John Wilhelm von Müller & J.F. Naumann: Verzeichnis der Vögel Europa's. als Tausch-Catalog eingerichtet. - Stuttgart 1852
- C.L. Brehm: Monographie der Papageien oder vollständige Naturgeschichte aller bis jetzt bekannten Papageien mit getreuen und ausgemalten Abbildungen, im Vereine mit anderen Naturforscher herausgegeben von C.L. Brehm. - Jena & Paris 1842-1855
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Christian Ludwig Brehm fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|
