Springe nei ynhâld

Córdobapoema

Ut Wikipedy
Córdobapoema
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaipoema's (Puma)
soarte
Puma pumoides
Castellanos, 1956
útstoarn (fossyl)

De Córdobapoema (wittenskiplike namme: Puma pumoides) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e poema's (Puma). Dit bist libbe fan likernôch 3–21/2 miljoen jier lyn yn Súd-Amearika.

De Córdobapoema waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1956 troch de paleöntolooch Afredo Castellanos. Dyselde dobbe in fossyl fan dit bist op yn 'e Reartesdelling yn 'e Argentynske provinsje Córdoba, dat nei alle gedachten datearret út it Plioseen, fan likernôch 3–21/2 miljoen jier lyn

Castellanos neamde de nije kateftige foarearst Felis pumoides, wêrmei't er him yndielde yn it skaai fan 'e wylde katten (Felis). It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, pumoides, bestjut "op in poema lykjend". De hiele namme kin dêrfandinne oerset wurde as "op in poema lykjende wylde kat". Omreden fan 'e oerienkomsten fan dielen fan it holotype mei de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi; foarhinne Puma yagouaroundi), waard de Córdobapoema yn 2014 oerpleatst nei it skaai fan 'e poema's (Puma).

It holotype (earst fûne fossyl) fan 'e Córdobapoema bestiet út in boppekaaksbien, it eachkaspart fan in foarhollebien, in diel fan in ûnderkaak, in rotsbien, in bilbonke, in mulwringe en in pear fragminten elts fan in boppe-earmbien, in skynbonke, in piipbonke en in speakbonke.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.