Springe nei ynhâld

Bylinde

Ut Wikipedy
De By- of Tuskenlinde by de âlde slûs yn Skoattersyl

De Bylinde ek Tuskenlinde (Stellingwerfsk: Bi’j- of Tussenlende) is in wetter in de gemeente De Fryske Marren. It wetter foarme de grins tusken de gemeenten Weststellingwerf en Lemsterlân, tusken Slikenboarch en Skoattersyl. Benoarden Skoattersyl hjit it wetter de Tsjonger en eastlik fan Slikenboarch de Linde.

De namme Bylinde jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bijlinde of Tusschenlinde.