Byldbank Ljouwert

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Byldbank Ljouwert is in byldbank fan Histoarysk Sintrum Ljouwert en hie ein juny 2009 mear as 62.000 ôfbylden. De ôfbylden fan Ljouwert en omkriten komme út it argyf fan it Histoarysk Sintrum en fan partikulieren.

Op 4 april 2003 gie de earste Ljouwerter Byldbank online mei sa'n 5000 ôfbylden, op 7 maart 2006 ferskynde in folslein fernijde en ferbettere side.

Troch in trefwurd yn it sykfinster op de webside yn te fieren ferskynt de opfrege foto mei bypassende tekst. Reproduksjes fan ôfbylden kinne dêr ek besteld wurde as de databankrjochten soks tasteane.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]