Springe nei ynhâld

Bychtstoel

Ut Wikipedy
Bychtstoel yn 'e Sint-Jakobstsjerke fan 'e Bosk.

In bychtstoel wurdt yn 'e regel yn roomske tsjerken oantroffen en tsjinnet om minsken de bycht ôf te nimmen.

Foarstelling fan 'e bycht (19e iuw.

Meastentiids bestiet de bychtstoel út twa helten, dy't fan inoar troch in gerdyn of roaster skieden binne. De bycht wurdt anonym ôfnommen en dat betsjut dat de preester de persoan dy't wat opbycht net werkenne moat. In bychtstoel kin ek út trije dielen bestean. Yn sa'n gefal sit de preester yn 'e midden en kin oan wjerssiden de bycht ôfnommen wurde. Yn sokke gefallen wurdt it roaster oan 'e kant dy't net brûkt wurdt mei in lûkje ôfsletten.

Somtiden ha bychtstuollen in lampke. In grien lamke betsjut dat de preester frij is om de bycht ôf te nimmen. In read lamke betsjut dat de preester beset is.

Bychtstuollen binne nei it Konsylje fan Trente yntrodusearre. Ek foar dy tiid wie bychtsjen in gewoan gebrûk, mar sûnt dy tiid wie it bychtsjen reglemintearre. Yn it begjin fan 'e 17e iuw waarden oeral bychtstuollen set, dêr't de bychteling net allinnich fan 'e preester ôfskieden waard, mar ek fan 'e oare bychtelingen.

Sûnt de jierren 1960 is der in soad feroare yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Oars as foarhinne is it net mear nedich dat de bychteling by de bycht knibbelet. Hy of sy mei ek op in stoel sitte.

Ek hjoed-de-dei beskôget de Roomsk-Katolike Tsjerke de bycht as in essinsjeel sakramint, fral foar it ûntfangen fan 'e eucharisty as immen yn steat fan deasûnde is. It gebrûk fan 'e bycht is lykwols yn ús kontreien sûnt it Twadde Fatikaansk Konsylje (1962-1965) ôfnommen. De measte katoliken geane selden of nea te bychten. Bychtstuollen binne yn moderne tsjerken fan nei it konsylje dêrom faak ôfwêzich. Yn âldere tsjerken binne se faak noch wol te sjen, mar wurde se faak as hokje brûkt om guod yn op te slaan, lykas skjinmakkersguod. Yn lannen as Poalen, de Filipinen en dielen fan Súd-Amearika is bychten lykwols noch wol wizânsje.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bychtstoel fan Wikimedia Commons.