Mangrovereager
| mangrovereager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Butorides atricapilla | ||||||||||||
| Afzelius, 1804 | ||||||||||||
| IUCN-status: gjin status
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mangrovereager (Butorides atricapilla) is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). De fûgel komt yn tropyske gebieten fan Afrika oant de Salomonseilannen foar.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 35 oant 48 sm lange fûgel is in frij lytse reager, weaget 130 oant 250 gram en hat in spanwiidte fan 52 oant 60 sm. In folwoeksen fûgel hat in griisblauwe rêch en wjukken en in wite ûnderkant, in swarte mûtse en in donkere streek fan 'e snaffel oant ûnder it each en koarte giele poaten. It fearrekleed is lykwols fariabel, sels binnen de ûndersoarten. Mantsjes en wyfkes ha itselde fearrekleed, mar de twa Australyske ûndersoarten B. a. macrorhyncha en B. a. stagnatilis wike ôf mei grize en readbrune foarmen. Jonge fûgels binne brune en ha streken oan 'e ûnderkant.
Taskonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1804 as Ardea atricapilla torch de Sweed Adam Afzelius publisearre. Sûnt de ôfsplitsing fan 'e Butorides striata is neffens de prioriteitsregel fan 'e International Code of Zoological Nomenclature B. atricapilla de wittenskiplike namme foar de mangrovereager dy't yn Afrika en Australaazje foarkomt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn tropyske en subtropyske wiete gebieten foar yn in grut part fan Afrika oant yn Japan en súdlik oant op 'e Salomonseilanden en Austraalje. Fûgels dy't yn 'e tuskenbeide sône fan East-Aazje briede, trekke winterdeis nei it suden. De fûgels yn 'e tropen binne stânfûgels.
De fûgel hat in foarkar foar sompen mei in tichte begroeiïng lykas mangroves oan 'e kust en tichte sompebosken oan rivieren en marren. Fierder wurde se ek sjoen by kanalen, fivers, sâltflakten, op waad en koraalriffen en yn reid- en gerslân en rysfjilden.
De nominaat B. atricapilla atricapilla komt foar yn Afrika. Yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet komme 19 oare ûndersoarten foar.
- B. a. atricapilla: Subsaharaansk Afrika
- B. a. brevipes : Somaalje en de kusten fan 'e Reade See
- B. a. rutenbergi: Madagaskar en Reünion
- B. a. rhizophorae: de Komoaren
- B. a.. crawfordi: Aldabra en de Amiranten
- B. a. degens: de Seysjellen
- B. a. albolimbata: Chagos-arsjipel yn 'e Maldiven
- B. a. spodiogaster: Andamanen, Nikobaren en de eilannen by westlik Sumatra
- B. a. amurensis: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina en Japan
- B. a. actophila: fan eastlik Sina oant noardlik Birma en noardlik Fjetnam
- B. a. javanica: fan Pakistan, Yndia, Sry Lanka oant Tailân, de Filipinen, de Grutte Sûnda-eilannen en Selebes
- B. a. steini: de Lytse Sûnda-eilannen
- B. a. moluccanum: fan 'e Molukken
- B. a. papuensis: noardwestlik Nij-Guineä
- B. a. idenburgi: noardlik Nij-Guineä
- B. a. flyensis: eastlik en súdeastlik Nij-Guineä
- B. a. macrorhyncha: eastlik en noardeastlik Austraalje en Nij-Kaledoanje
- B. a. stagnatilis: noardwestlik en noardlik Sintraal-Austraalje
- B. a. neef: Tahity
- B. a. solomonensis: fan Lavongai nei de Salomonseilannen en Fidzjy
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Se bouwe harren nêsten yn strûken of beammen of somtiden op 'e grûn, mar meast by wetter. In nêst bestiet út trije oant fiif aaien. It iten fan 'e mangrovereager bestiet út lytse fiskjes, kikkerts en ynsekten, dy't se fange troch ûnferweechlik te wachtsjen oant der in proai foarby komt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BirdLife International beskôget de Butorides-soarten als ien soarte en dêrom is de beöardieling fan syn bedrigingsstatus basearre op 'e populaasje as gehiel. It skaai hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is lyts. De wrâldpopulaasje fan it skaai wurdt as stabyl beskôge en soe neffens in rûzing fan 2023 bestean út 173.000 oant 1.500.000 folwoeksen fûgels. It skaai stiet as net bedrige (Least Concern, 2022) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reiddompreager
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Fidzjy
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mauritsius
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Reünion
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe

