Springe nei ynhâld

Reiddompreagers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Butorides)
Reiddompreagers
Butorides atricapilla
Butorides atricapilla
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje:reagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompreagers (Butorides)
Blyth, 1852

Reiddompreagers (Butorides) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje [reagerfûgels]] (Ardeidae).

De reiddompreagers komme yn in grut part fan 'e wrâld yn tropyske, subtropyske en tuskenbeide gebieten foar.

De fûgels fan it skaai waarden hiel lang as in monotypysk behannele, mar op basis fan modern ûndersyk wurde der hjoed-de-dei meastentiids fjouwer aparte soarten ûnderskieden.

Se ha in frijwat knobske bou, relatyf koarte poaten en in yntelliginte manier fan jeien. It binne lytse reagers fan likernôch 35 oant 48 sm lang en ha faak in donkergriene oant blaugrize rêch, in donkere kop en poaten dy't yn 'e briedtiid oranje of read wurde kinne. Se binne tige ferduldige jagers en steane faak ûnferweechlik oan 'e wetterkant te wachtsjen as in proai (fisken, kikkerts of ynsekten) foarby komt. Guon fûgels fan it skaai brûke "ark" om te fiskjen: se smite bygelyks in ynsekt of in lytse proai op it wetter as lokfoer om gruttere proaien te lokjen.

Reiddompreagers hâlde fan wetterryk gebiet mei genôch skûlplakken, lykas iggen fan rivieren, marren, sompen en fral mangrovebosk.

De typesoarte fan it skaai Butorides is de mangrovereager (ek wol de lytse reager neamd), wittenskiplik bekend as Butorides atricapilla.

Der wurde op it stuit (2026) fjouwer soarten erkend:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFersprieding
griene reagerButorides virescensNoard-Amearika, Midden-Amearika, Kariben, noardwestlik Súd-Amearika[1]
GalapagosreagerButorides sundevalliGalapagoseilannen [2]
Súdamerikaanske mangrovereager
(ek: streke reager)
Butorides striataSúd-Amearika [3]
mangrovereager
(ek: lytse reager)
Butorides atricapillaAfrika, Australaazje [4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: