Bush plane
Appearance


In bush plane of bushplane ('fleantúch foar yn de wyldernis') is in fleantúch dat brûkt wurdt om sawol plande as net-plande passazjiers- en flechttsjinsten te leverjen nei ôfhandige, ûnûntwikkele gebieten, lykas it Kanadeeske noarden of bush, Alaskaanske toendra, de Afrikaanske bush, of savanne, it Amazônegebiet en de Australyske Outback. Se wurde brûkt op plakken dêr't de ynfrastruktuer foar grûnferfier net genôch is of net bestiet.
Algemiene skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heech pleatste fleugels meitsje it laden en lossen mkliker, benammen fan dokken, ferbetterje it útsjoch fan de piloat nei ûnderen en der is ek mear romte tusken de fleugels en planten, strewiel en rotsen op 'e grûn.
- Bushfleantugen hawwe meastal twa grutte haadtsjillen oan 'e foarein en ien lyts tsjil ûnder de sturt. Dat soarget derfoar dat it fleantúch oan 'e foarkant omheech kantelet as it op 'e grûn stiet, wat it makliker en feiliger makket om op in koarte of hobbelige startbaan op te stigen.
- Spesjale oanpassingen oan 'e avionika helpe it fleantúch ek om op koarte startbanen op te stigen.
- Ekstra grutte bannen helpe it fleantúch om te lânjen en op te stiigjen op hobbelige plakken. Soms sil in bushpiloat lânje (en opstige) moatte op plakken dêr't earder noch gjin fleantúch west hat.
- Guon bushfleantugen hawwe driuwers foar lâning op wetter of ski's foar it lânjen op snie.
- Sûgermotors hawwe de foarkar boppe turbopropmotors, om't se goedkeaper binne om te bouwen en te ûnderhâlden en makliker te starten sûnder de help fan grûnfoarsjennings. Yn ekstreem ôfhandige gebieten dêr't Avgas (fleantúchbenzine) lestich te krijen is, hawwe guon bushpiloten leaver turbopropmotors dy't fan kerosine ôflate strieljagerbrânstof ferbaarne kinne.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bush planes fan Wikimedia Commons. |
