Springe nei ynhâld

Burokrasy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Burokratisearring)

In burokrasy is in organisaasje besteande út net-keazen funksjonarissen, mei in struktuer dy't karakterisearre wurdt troch oan regels bûne prosedueres, ferdieling fan ferantwurdlikheid (sadat úteinlik nimmen ferantwurdlik is), in sterke hierargyske opbou en ûnpersoanlike relaasjes mei bûtensteanders. It wurd 'burokrasy' hat in sterk negative byklank en wurdt in protte assosjearre mei de amtnerij. It komt fan it Frânske bureaucratie, in gearstalling út it Frânske bureau- ("buro" yn 'e sin fan skriuwtafel) en it Grykske -κράτος, -kratos ("regear" of "macht"). In burokraat is immen dy't beropsmjittich diel útmakket fan in burokrasy. Burokratisearring is in proses wêrby't in organisaasje troch sintralisearring en juridisearring ferwurdt ta in burokrasy.

Yn it ferline waard de term 'burokrasy' inkeld brûkt foar oerheidsynstellings, mar tsjintwurdich hat it wurd in algemienere betsjutting krigen en kin it nei lykfol hokker organisaasje ferwize. In bedriuw kin bgl. burokratysk wêze as op it haadkantoar mear minsken wurkje as yn it 'fjild'. Ek sikehuzen, ferienings of ûnderwiisynstellings kinne burokratysk wêze. As men soks seit, betsjut it ornaris dat it neilibjen fan 'e regels in doel op himsels wurden is, en as wichtiger beskôge wurdt (of liket te wurden) as it eigentlike doel fan 'e organisaasje, lykas it genêzen fan siken en ferwûnen (sikehûs) of it ûnderwizen fan 'e learlingen (skoalle). Lju dy't fêstrinne yn 'e burokrasy fan 'e Nederlânske oerheid, kinne in klacht yntsjinje by de nasjonale ombudsman.

Ferskate maatskippijfilosofen hawwe yn it ferline útholden dat in moderne maatskippij net sûnder (oerheids)burokrasy kin. De Dútske sosjolooch Max Weber (1864-1920) riddenearre dat it opsetten fan in burokrasy de effisjintste en rasjoneelste wize is om minsklike aktiviteit te organisearjen, en dat systematyske prosessen en organisearre hierargyen needsaaklik binne om 'e oarder yn in maatskippij te hanthavenjen, effisjinsje te maksimalisearjen en it foarlûken fan guon boppe oaren te eliminearjen. Tagelyk seach Weber ûnbeheinde burokrasy as in bedriging foar de yndividuele frijheid. Tsjinwurdich is hast eltsenien it der wol oer iens dat in oerheid net funksjonearje kin sûnder in beskate mjitte fan burokrasy. It dilemma is hoe't men sa'n burokrasy yn 'e stringen hâlde kin, mei't ûnbeheinde útwreiding in ynherint skaaimerk fan eltse burokrasy is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.